Harnzerstrjitwei
Ut Wikipedy
De Harnzerstrjitwei is in strjitte yn Ljouwert, it wie de Ryksstrjitwei nei Harns, en kaam yn 1842 klear. It is no n haadstrjitte yn Ljouwert. De Harnzewrstrjitwei rint fan it Jeropaplein, wêr't hy krúset mei de rûnwei fan Ljouwert, oant in rotonde flak foar it sintrum wêr't ek de Spanjertsleane en de Harnzersingel op útkomme.
De Harnzerstrjitwei wie earder, krektas de Grinzerstrjitwei en de Mr. P.J. Troelstrawei in útfalswei dy't bûten de beboude kom lei. Wolfarrende Ljouwerters bouden hjir harren hearehuzen, dizze huzen stean noch altyd oan de Harnzerstrjitwei.
De Harnzerstrjitwei foarmet de skieding tusken de wiken Westerparkwyk en Fûgelbuert.