Dronryp-represaille
By de Dronryp-represaille waarden op 11 april 1945 13 finzenen by Dronryp deasketten troch de Dútsers.
As part fan de treinsabotaazje fernielde in gefjochtgroep út Dronryp fan de NBS, laat troch Broer Dijkstra, it spoar fan Harns nei Ljouwert. Hja hellen by Dronryp oer 75 meter de skroeven wei, en de oare deis rûn in lokomotyf fan de Wehrmacht mei 26 wagons út de raljes.
Op ûnthjit fan de Sicherheitsdienst yn Grins waarden 11 april fjirtsjin finzenen út it Burmaniahûs helle en yn in auto set om nei it plak fan de sabotaazje by Dronryp brocht te wurden. De auto koe lykwols net op it krekte plak komme om't de brêge oer it Van Harinxmakanaal iepenset wie. Doe't der krekt doe ek noch Ingelske fleanmasines oerfleagen, kaam der wat panyk, en waard besletten de finzenen dêr by de brêge dea te sjitten.
De fjirtsjin waarden by de dyk del nei it kanaal brocht en dêr yn trije rychjes en trije salvo's deasketten. De Dútsers gongen fuort, mei de ynstruksje dat de deaden dêr in dei lizze bliuwe moasten. Ien fan de fjirtsjin, de fersetsman Gerard de Jong fan Ljouwert, hie him lykwols deaholden nei it salvo en koe nei ôfrin rêden wurde.
Fan de oare trettjin wienen alve fersetslju:
- Johannes Nieuwland
- Hendrik Spoelstra
- Douwe Tuinstra
- Mark Wierda
- Klaas Wierda
- Hyltje Wierda
- Sybrandus van Dam
- Heinrich Harder
- Dirk de Jong
- Hendrik de Jong
- Ruurd Kooistra
Foar harren is 11 april 1949 op itselde plak in monumint oprjochte, mei op alve blokken de alve nammen fan de fersetslju. Fan harren lizze acht begroeven op it Earebegraafplak Ljouwert.
De lêste twa sieten net by it ferset: Johannes Ducaneaux wie in provokateur dy't troch de Dútsers fertocht waard fan dûbelspionaazje. Oudger van Dijk wie lid fan de SS, mar wie desertearre en doe oppakt.