Springe nei ynhâld

De Lytse Prins

Ut Wikipedy
De Lytse Prins
algemiene gegevens
oarspr. titel Le Petit Prince
auteur Antoine de Saint-Exupéry
taal Frânsk
foarm novelle
sjenre berneboek, mearke
1e publikaasje 1943, Parys
oarspr. útjwr. Éditions Gallimard
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Lytse Prins
publikaasje 1998, Boalsert
útjouwer Koperative Utjouwerij
(werútjûn troch Utjouwerij Elikser)
oersetter Jacobus Q. Smink
ISBN oers. 9 06 57 03 101

De Lytse Prins, yn it oarspronklike Frânsk: Le Petit Prince (útspr.: /lə pti pʁɛ̃s/), is in berneboek yn 'e foarm fan in modern mearke en it bekendste wurk fan 'e grutte tweintichste-iuwske Frânske skriuwer, dichter en fleander Antoine de Saint-Exupéry (1900-1944). Dizze novelle wurdt rûnom beskôge as in hichtepunt fan sawol de moderne Frânske literatuer as de ynternasjonale berneliteratuer. Le Petit Prince is in poëtysk, filosofysk en maatskippijkritysk ferhaal wêryn't in piloat dy't strâne is yn 'e woastyn in prinske moetet, dat fan in lytse asteroïde nei de Ierde fallen is, en optekenet wat it prinske him fertelt. It waard foar it earst útjûn yn 1943, in jier foar Saint-Exupéry syn dea as loftmachtpiloat yn 'e Twadde Wrâldoarloch, en is it meast lêzen en meast fertaalde Frânske boek: it is oerset yn mear as 250 talen en dialekten (braille-edysjes ynbegrepen), en wrâldwiid binne der mear as 140 miljoen eksimplaren fan ferkocht. Dêrmei is it ien fan 'e bêstferkeapjende boeken ea wurden. De Fryske oersetting fan Jacobus Q. Smink waard útjûn yn 1998.

Saint-Exupéry skreau Le Petit Prince doe't er nei it begjin fan 'e Dútske besetting fan Frankryk yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn ballingskip yn 'e Feriene Steaten libbe, dêr't er besocht om it Amerikaanske regear oer te heljen om 'e striid mei nazy-Dútslân oan te gean. Hy yllústrearre it boekje eigenhandich mei tekenings yn wetterkleuren en liet it yn 1943 útjaan yn New York, by útjouwerij Raynal & Hitchcock. Foar it skreauwen fan Le Petit Prince makke Saint-Exupéry benammen gebrûk fan eigen ûnderfinings as postpiloat boppe en yn 'e Sahara yn 'e tweintiger en tritiger jierren, en ek fan syn hàst fatale fleantúchûngemak yn 1935, doe't er strâne rekke yn 'e woastyn en suver omkaam fan 'e toarst ear't er fûn en rêden waard. Sûnt de publikaasje is Le Petit Prince adaptearre ta withoefolle oare media, wêrûnder audioboeken, toanielstikken, films, tillefyzje, ballet en opera.

De ferteller is in piloat dy't mei syn fleantúch delstoart is yn 'e Sahara. Dêr moetet er in jonkje, dat in bûtenierdsk prinske blykt te wêzen. Yn harren petearen, dy't ferspraat oer acht dagen plakfine en wêrby't it prinske alle oan him stelde fragen negearret, iepenbieret de ferteller syn eigen eksintrike fisy op 'e nuveraardichheden fan 'e minskheid en stelt er de skynhilligens en ûnnoazelens fan folwoeksenen oan 'e kaak.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It prinske blykt te wenjen op in petiterich lytse planeet (eins in asteroïde dy't like grut is as in hûs) mei dêrop in roas en trije lytse fulkaantsjes, wêrfan't twa aktyf binne. Hy bringt dêr syn tiid troch mei it skjinhâlden fan 'e fulkaantsjes en it útrûgjen fan baobabbeammen, dy't wisberet lykje om syn planeetsje te oerwoekerjen. Fierders fersoarget er de roas, dy't nochal wat innen en oanen hat. Sasear sels, dat it prinske der op 't lêst aan fan begjint te krijen dat de roas misbrûk fan him makket. Hy beslút om syn planeetsje te ferlitten en ris te sjen hoe't de rest fan it hielal derút sjocht. As hja dat heart, ûntskuldiget de roas har, mar se trunet it prinske ek oan om dochs te gean, dat sadwaande set er ôf.

Sûnt hat it prinske seis oare asteroïden besocht, elkmis bewenne troch in ûnnoazele folwoeksene: in kening sûnder ûnderdienen dy't mient dat er oer de stjerren en de sinne regearret om't er se inkeld dingen befellet te dwaan dy't se oars fan natuere dochs ek wol dien hiene; in pauwige idelteut, dy't mient dat er fierwei de bêste bewenner fan syn fierders ûnbewenne planeet is; in sûplap dy't drinkt om 'e skamte foar syn drinken te ferjitten; in sakeman dy't sûnder ein de stjerren telt en beweart dat se allegear syn eigendom binne; in strjitlantearne-oanstekker dy't syn iene lantearne eltse minút oanstekt en wer dôvet om't syn asteroïde yn in minút om syn as draait (en it der dus eltse minút dei en nacht is); en in âldere geograaf dy't sa yn syn teoryen bestrûpt rekke is dat er nea de wrâld ûndersiket dy't er oan it beskriuwen is. Doe't de geograaf it prinske út beropsmjittige nijsgjirrigens frege om syn eigen planeet te beskriuwen, neamde it prinske de roas, mar de geograaf lei út dat er sokke foarbygeande dingen net fêstlizze koe. It prinske wie skokt troch dy útspraak, om't er fan 'e roas hold. Op oanrieden fan 'e geograaf bejoech it prinske him doe nei de Ierde.

Antoine de Saint-Exupéry.

Op 'e Ierde mette it prinske in giele slange dy't sei dat er de macht hie om him werom te stjoeren nei syn eigen planeet en letter in foks dy't graach nuet makke wurde woe. It prinske seach ek in hiele rige roazestrûken en rekke teloarsteld, om't er miende dat syn roas de iennichste yn hiel it hielal wie, mar de foks lei him út dat syn roas wier wol unyk en spesjaal wie, mei't it de iennichste wie dêr't it prinske fan hold. De foks lei ek út dat it prinske syn roas ek min ofte mear nuet makke hie en dat er der sadwaande ferantwurdlik foar wurden wie, mei't men ferantwurdlikheid draacht foar dingen dy't men nuet makke hat.

Underwilens is it al de achtste dei dat it prinske mei de ferteller oan it praten is. De ferteller is sa stadichoan suver ferrêde fan 'e toarst, mar lokkigernôch fine hy en it prinske tegearre in saad. It prinske rekket sa njonkelytsen wat ûngerêst oer hoe't it mei syn roas is, dat hy wol wol wer op hûs oan. Hy winsket de ferteller farwol en seit dat dy net oer him yn sitte moat, ek net as it wol liket dat er deagien is, mei't syn lichem dan gewoan te swier wie om mei werom nei hûs te nimmen. De ferteller wegeret dêrop om it prinske allinnich te litten, mar dy seit dat er allinne mar nei de stjerren hoecht te sjen en oan him te tinken, en dat it dan wêze sil as laitsje alle stjerren him ta. Dêrop lit er him troch de giele slange bite en falt sûnder in lûd út te bringen del. De oare moarns siket de ferteller nei it prinske, mar kin er dy syn lichem net mear fine. It ferhaal einiget mei in oprop fan 'e ferteller oan 'e lêzers om kontakt mei him op te nimmen as se ea yn 'e woastyn in jonkje tsjinkomme dat alle oan him stelde fragen negearret.

Hjir in lytse tekst út it boek:

- "Farwol", sei de foks. "Dit is myn geheim. It is tige simpel:
Kinst it bêste sjen mei it hert. Dêr’t it om giet, dat is mei
de eagen net te sjen."
- "Dêr’t it om giet, dat is mei de eagen net te sjen", sei de
lytse prins it him nei, om it te ûnthâlden.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Le Petit Prince ferskynde yn 1998 ûnder de titel De Lytse Prins by de Koperative Utjouwerij te Boalsert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Jacobus Quiryn Smink, dy't ek it ferneamde Dútske berneboek Der Struwwelpeter nei it Frysk oerset hat. Yn 2012 ferskynde de twadde edysje fan Smink syn De Lytse Prins by Utjouwerij Elikser te Ljouwert.

Margaretha Grosser mei Die Litje Prins, har Sealterfryske oersetting fan Le Petit Prince.

Biltske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2019 waard Le Petit Prince ek oerset yn it Biltsk, mei as titel De Klaine Prîns.[1][2] Dat barde op inisjatyf fan George Frankena, in Bilkert dy't om utens op It Hearrenfean wenne. Dy seach dêr yn it Posthûs Teater in foarstelling fan kabaretier Erik van Muiswinkel, wêryn't dyselde fertelde dat er in samler wie fan oersettings fan Le Petit Prince yn frjemde talen en dialekten. Frankena frege him ôf oft it net tiid waard foar in Biltske oersetting, en skille mei dy fraach de oare deis fuort de Stichting Bildts Aigene op.[2] Dêr waard it projekt daliks oppakt. Baukje Luinstra-Groeneveld en Jan de Groot setten it boekje oer, en yn Eddy van der Noord, fan 'e Grouster Utjouwerij Louise, fûnen se in enthûsjast útjouwer.[2] Oars as de measte oersettings fan it wurk fan Saint-Exupéry, waard de Biltske oersetting net in lyts boekje, mar útjefte op A4-formaat, sadat de yllustraasjes better ta har rjocht kamen.[2] Op 19 novimber 2019 bea fertaalster Luinstra it earste eksimplaar fan De Klaine Prîns yn Ons Huis, de sit fan 'e Stichting Bildts Aigene yn Sint-Anne, oan Erik van Muiswinkel oan, dy't der bot wiis mei wie.[1][2]

Oare oersettings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behalven yn it Frysk is Le Petit Prince ek oerset nei (nau) besibbe talen, lykas it Sealterfrysk en trije dialekten fan it Noardfrysk. In oersjoch:

  • Fryske oersetting: De Lytse Prins (fert. Jacobus Q. Smink, 1998, werútjefte 2012)
  • Biltske oersetting: De Klaine Prîns (fert. Baukje Luinstra-Groeneveld en Jan de Groot, 2019)
  • Sealterfryske oersetting: Die Litje Prins (fert. Margaretha Grosser, 2009)
  • Noardfryske (Fering) oersetting: De Letj Prens (fert. Antje Arfsten, 2010)
  • Noardfryske (Mooring) oersetting: Di Latje Prins (fert. Ingo Laabs, 2010)
  • Noardfryske (Sölring) oersetting: Di Litj Prins (fert. Erk-Uwe Schrahé, 2011)
  • (oarspronklike) Nederlânske oersetting: De Kleine Prins (fert. Laetitia de Beaufort-Van Hamel, 1951)
  • (nije) Nederlânske oersetting: De Kleine Prins (fert. Ernst van Altena, 2000)
  • Drintske oersetting: De Kleine Prins (fert. Abel Darwinkel, 2009)
  • Limboarchske oersetting: D'r Klinge Prins (fert. Leonie Robroek, 1996)
  • Afrikaanske oersetting: Die Klein Prinsie (fert. André P. Brink, 1997)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Grosso, Maria del, Cabaretier verguld met Bildtse "Klaine Prîns", yn: de Ljouwerter Krante, 20 novimber 2019, s. 27.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 Jong, Gerard de, Bildtse Klaine Prîns parel in kolleksy Van Muiswinkel, yn: de Bildtse Post, 21 novimber 2019.

  • Saint-Exupéry, Antoine de, De Lytse Prins, Boalsert, 1998 (Koperative Utjouwerij), ISBN 9 06 57 03 101.
  • Saint-Exupéry, Antoine de, De Lytse Prins, Ljouwert, 2012 (Utjouwerij Elikser), ISBN 978-9 08 95 44 964 (twadde Fryske edysje, yntegrale werútjefte fan 'e earste edysje út 1998).
  • Saint-Exupéry, Antoine de, De Klaine Prîns, Grou, 2019 (Utjouwerij Louise), ISBN 978-9 49 15 36 618.
  • Saint-Exupéry, Antoine de, Die Litje Prins, Neckarsteinach, 2009 (Verlag Tintenfass y.g.m. Oldenburgische Landschaft), ISBN 978-3 93 74 67 641 (Oersetting yn it Sealterfrysk).
  • Saint-Exupéry, Antoine de, De Letje Prens, Neckarsteinach, 2010 (Verlag Tintenfass), ISBN 978-3 93 74 67 672 (Oersetting yn it Fering-Noardfrysk).
  • Saint-Exupéry, Antoine de, Di Latje Prins, Neckarsteinach, 2010 (Verlag Tintenfass), ISBN 978-3 93 74 67 665 (Oersetting yn it Mooring-Noardfrysk).
  • Saint-Exupéry, Antoine de, Di Litj Prins, Neckarsteinach, 2011 (Verlag Tintenfass), ISBN 978-3 94 30 52 015 (Oersetting yn it Sölring-Noardfrysk).
  • Saint-Exupéry, Antoine de, De Kleine Prins, Neckarsteinach, 2009 (Verlag Tintenfass), ISBN 978-3 93 74 67 610 (Oersetting yn it Drintsk).

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.