De Lytse Prins
Ut Wikipedy
De Lytse Prins is de Fryske oersetting fan it Frânske berneboek "Le Petit Prince" fan Antoine de Saint Exupéry (New York, 1943). It is oerset troch Jacobus Quiryn Smink, dy't ek it berneboek "Smoarge Piter" nei it Frysk oerset hie. It boek "Le Petit Prince" is nei 140 oare talen oerset. It is yn 2009 ek oerset nei it Sealterfrysk troch Margaretha Grosser. De "Lytse Prins" is ek nei twa Dialekten fan it Noardfrysk oerset.
Hjir in lytse tekst út it boek:
-
- - "Farwol", sei de foks. "Dit is myn geheim. It is tige simpel:
- Kinst it bêste sjen mei it hert. Dêr’t it om giet, dat is mei
- de eagen net te sjen."
-
- - "Dêr’t it om giet, dat is mei de eagen net te sjen", sei de
- lytse prins it him nei, om it te ûnthâlden.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- De Lytse Prins, Koperative Utjouwerij Boalsert © 1998 ISBN 90-6570-310-1
- Op Sealtersk: “Die litje Prins” (Utjouwerij Tintenfass un Oldenburgische Landschaft), 2009, (ISBN 978-3-937467-64-1)
- Op Noardfrysk (Ferings): De letj prens (Utjouwerij Tintenfass ISBN 978-3-937467-67-2)
- Op Noardfrysk (Moorings): Di latje prins (Utjouwerij Tintenfass ISBN 978-3-937467-66-5)
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- De Lytse Prins (Frysk) op de Webstee fan Jacobus Quiryn Smink
- Ofbylde fan Antoine de Saint-Exupéry
- De Lytse Prins yn oare talen
