Woastyndwerchhamster
woastyndwerchhamster | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Phodopus roborovskii | ||||||||||||
Satunin, 1903 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De woastyndwerchhamster, roborovskidwerchhamster of Roborovski's dwerchhamster (Latynske namme: Phodopus roborovskii) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e hamsters (Cricetinae) en it skaai fan 'e dwerchhamsters (Phodopus). It is de lytste fan 'e trije soarten dwerchhamsters, en krekt as de oare beide soarten wurdt er wol holden as húsdier. Yn it wyld komme woastyndwerchhamsters foar yn Mongoalje en oanbuorjende lannen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De woastyndwerchhamster is lânseigen yn it grutste part fan Mongoalje (útsein it noarden), en fierders yn 'e Sineeske regio Binnen-Mongoalje en dielen fan Sinkiang-Oeigoerje en Mantsjoerije. Dêrnjonken libje se ek yn in lyts part fan it suden fan Sibearje, yn 'e Russyske autonome republiken Altai en Tûva, en yn 'e eastpunt fan Kazachstan.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De woastyndwerchhamster waard foar it earst ûntdutsen troch de Westerske wittenskip doe't de Russyske luitenant Vsevolod Roborovski der in stikmannich tsjinkaam by in ekspedysje nei Mongoalje, yn july 1894. Hy waard lykwols pas formeel beskreaun yn 1903, troch de soölooch Konstantin Aleksejevitsj Satunin, dy't it bist ferneamde nei syn ûntdekker Roborovski. De London Zoo ymportearre se yn 'e sechtiger jierren foar it earst yn it Westen en yn 1982 waard de earste yn Nederlân brocht, mar de earste groepkes planten har net fuort, en pas yn 1990 ûntstie der in libbensfetbere populaasje yn finzenskip yn it Westen troch in groepke dat út Ruslân nei Nederlân ta helle wie. De neikommelingen dêrfan waarden neitiid ymportearre yn sawol Grut-Brittanje as, yn 1998, yn 'e Feriene Steaten, en de hiele finzen populaasje stammet der fanôf. Yn twa desennia tiid hat de woastyndwerchhamster him yn West-Jeropa en Noard-Amearika ûntjûn ta in populêr húsdier.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De woastyndwerchhamster hat trochinoar in kop-romplingte fan 6,1-10,2 sm, mei in sturtlingte fan 0,6-1,1 sm en in gewicht fan 10-20 g. Dêrmei is er fierwei de lytste en lichtste fan 'e trije soarten dwerchhamsters. Hy hat in sêfte, tichte pels dy't fan natuere grizich brún op 'e rêch en witich op 'e bealch is. Fan 'e oare beide soarten dwerchhamsters, de campbelldwerchhamster (Phodopus campbelli) en de Russyske dwerchhamster (Phodopus sungorus), kin de woastyndwerchhamster ûnderskaat wurde troch de wite wynbrau-eftige plakken boppe de eagen, en trochdat der by him as iennichste gjin dûnkere streek oer de wringe rint. Troch selektyf fokken hawwe har yn finzenskip ferskate oare kleuren woastyndwerchhamsters ûntjûn, lykas dûnkergriis en griisbûnt. Krekt as by oare soarten hamsters wurde de wangpûden brúkt om se fluch fol te loegjen mei fretten, wêrnei't dat earne oars, op in feiliger plak, bepluze wurde kin.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sa't de namme al seit, libje woastyndwerchhamsters foar it meastepart yn woastyneftige biotopen, wêrûnder de Gobywoastyn. Troch har effisjinte gebrûk fan drinkwetter binne se dêr ek spesifyk ta oanpast. Dêrnjonken komme se ek wol foar op steppen en yn healwoastinen en yn berchtmen. Yn 'e Altai komme se foar oant op 1.450 m hichte.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Woastyndwerchhamsters binne yn it wyld fral aktyf yn 'e skimerperioaden, mar yn finzenskip nachts. Se libje yn eigengroeven hoalen mei steile gongen dy't oant 1.80 m djip wêze kinne. Se kinne goed klimme en binne net solitêr, mar libje yn min ofte mear monogame pearkes. Se binne tige skrikfallich en wurde kjel fan it minste of geringste. Read ljocht kinne se net sjen. By 't winter bliuwe se ûndergrûnsk en libje se fan 'e itensfoarrieden dy't se hjerstmis yn har hoalen opslein hawwe.
De draachtiid duorret by de woastyndwerchhamster ornaris 22 dagen, wêrnei't der in nêst fan 4-6 (yn ekstreme gefallen oant 10) jongen smiten wurdt. As de berte neieroan komt, wurdt it wyfke agressyf foar it mantsje oer, en gauris moat it mantsje dan ûntwyk sykje bûten syn eigen hoale oant de jongen te wrâld kommen binne. As it mantsje oant de berte oanwêzich wit te bliuwen, sil er gauris besykje om fuort dêrnei wer mei it wyfke te pearjen. De wyfkes kinne mei 5 wiken al geslachtsryp wêze, mar plantsje har yn 'e regel pas op syn gaust mei 5 moanne fuort. Mantsjes binne mei in fearnsjier geslachtsryp. De libbensferwachting fan woastyndwerchhamsters is yn finzenskip 2-3 jier.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Woastyndwerchhamsters binne omnivoaren, dy't fral nôt, gerzen, fruchten en griene plantedielen frette, mar ek fleis en ynsekten, lykas toarren, sprinkhoannen en earkrûpers, net stean litte.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De woastyndwerchhamster hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn natuerlike ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Nettsjinsteande dat hat er yn Kazachstan yn 2006 in beskerme status krigen. As húsdier stiet de woastyndwerchhamster bekend as in "sjoch-mar-reitsje-net-oan"-bist foar lju dêr't er net fertroud mei is. Minsken dy't eltse dei mei har omslane, reitsje se lykwols gau oan wûn en kinne se har sels oanhinklik foar opstelle. It binne gjin bytske bisten, mar in drachtich wyfke kin har like agressyf foar har eigner oer hâlde en drage as foar it mantsje oer, dat dêr moat men mei oppasse. Mei't woastyndwerchhamsters fan natuere yn pearkes libje, wurdt sterk oanret om se ek yn finzenskip by twaen te hâlden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, op dizze side.
|