Winnetou
Winnetou | ||
De omslach fan in edysje út 1893. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | man | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Apache | |
berop/amt | opperhaad | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Old Shatterhand | |
attributen | Silberbüchse (gewear) Iltschi (hynder) | |
geastlike heit | Karl May | |
ûntstean | 1875 |
Winnetou (Dútske útspr.: ['ʋinətu], likernôch: "wy-nuh-tû"; yn it Frysk en Nederlânsk almeast útsprutsen as ['ʋɪnətu], "win-nuh-tû") is in fiktive Yndiaanske held dy't figurearret yn in rige romans oer it Wylde Westen fan 'e Dútske skriuwer Karl May (1842-1912). De boeken oer Winnetou en syn bloedbroer Old Shatterhand binne noch altyd ien fan 'e bêst ferkeapjende Dútske romansearjes ea, mei wrâldwiid sa'n 200 miljoen ferkochte eksimplaren. Fral yn Jeropa is de namme 'Winnetou' in begryp. Iroanysk genôch is er yn 'e Feriene Steaten folle minder bekend.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferhalen fan Karl May wurde yn it ik-perspektyf ferteld fanút it eachpunt fan Old Shatterhand. Dat is oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw in blanke kolonist fan Dútsk komôf yn it Wylde Westen, dy't op in stuit de Apache-Yndiaan Winnetou moetet en nei inkele dramatyske foarfallen in djippe en duorjende freonskip mei him slút.
Winnetou wurdt it opperhaad fan 'e Meskalearo-Apachen (en yn May syn belibbing fan alle Apachen, de Navaho ynbegrepen), nei't syn heit Intschu-tschuna en syn suster Nscho-tschi fermoarde binne troch de blanke bandyt Santer. Winnetou beriidt in hynder dat Iltschi ("Wyn") hjit, en hat in ferneamd dûbelloops gewear dat de namme Silberbüchse ("Sulverbuks") draacht, nei it sulverwurk dêr't de kolf mei fersierd is. Old Shatterhand beriidt Hatatitla ("Wjerljocht"), de broer fan Iltschi.
Net-dogmatyske kristlike gefoelens en noarmen en wearden spylje yn 'e ferhalen oer Winnetou in wichtige rol. Old Shatterhand en Winnetou jouwe by in protte gelegenheden blyk fan harren feardigens yn gefjochten, mar ek fan meilibben mei oare minsken. De ferhalen fan May geane dêrby út fan 'e ynherinte goedens fan 'e minske, hoewol't dy allegeduerigen bedrige wurdt troch fijannen mei kweade bedoelings.
Tematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De boeken fan Karl May oer Winnetou symbolisearje oant op beskate hichte in romantyske langst nei in ienfâldiger libben yn nauwer kontakt mei de natoer. Winliken wurdt de oanhâldende populariteit fan 'e romansearje benammen feroarsaken om't de ferhalen by in soad Jeropeänen ta de ferbylding sprieken en dat noch dogge. Sà populêr waarden de boeken, dat se sels yn nazy-Dútslân nea ferbean binne, nettsjinsteande it feit dat net-blanken lykas Winnetou der heldhaftige rollen yn spylje. Ynstee dêrfan kamen de nazys mei it argumint op 'e lapen dat de ferhalen fan May sjen litte dat de ûndergong fan 'e Yndianen feroarsake waard trochdat se harren net tsjin rasseferminging kearden.
Eins wiene de helden fan May basearre op archetypen fan 'e Germaanske kultuer dy't neat út te stean hiene mei wiere Yndianen. Winnetou is yn 'e boeken in nommel man net om't er in Yndiaan is, mar om't er de bêste aspekten fan 'e Yndiaanske kultuer kombinearret mei de romantyske en kristlike skaaimerken fan May syn eigen fisy op 'e Dútske maatskippij. As er úteinlik komt te ferstjerren, freget Winnetou inkele blanke kolonisten om in Ave Maria foar him te sjongen, en syn dea wurdt sadwaande hillige troch syn stille bekearing ta it kristendom.
Oarspronklike Winnetou-ferhalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reisromans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1875 – Old Firehand
- 1878 – Winnetou
- 1879 – Im fernen Westen (omwurking fan Old Firehand, letter nochris werskreaun foar Winnetou II)
- 1880 – Deadly Dust (letter werskreaun foar Winnetou III)
- 1882 – Die Both Shatters
- 1883 – Ein Ölbrand
- 1883 – Im "wilden Westen" Nordamerika's (letter werskreaun foar Winnetou III)
- 1889 – Der Scout (letter werskreaun foar Winnetou II)
- 1893 – Winnetou I
- 1893 – Winnetou II
- 1893 – Winnetou III
- 1894 – Old Surehand I
- 1895 – Old Surehand II
- 1896 – Old Surehand III
- 1896 – Satan und Ischariot I
- 1897 – Satan und Ischariot II
- 1897 – Satan und Ischariot III
- 1897 – Gott läßt sich nicht spotten (yn Auf fremden Pfaden)
- 1897 – Ein Blizzard (yn Auf fremden Pfaden)
- 1897 – Weihnacht!
- 1898 – Mutterliebe
- 1910 – Winnetou IV
Jeugdromans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1886 – Unter der Windhose (letter ek yn Old Surehand II)
- 1887 – Der Sohn des Bärenjägers (sûnt 1890 yn Die Helden des Westens)
- 1888 – Der Geist des Llano Estakado (sûnt 1890 yn Die Helden des Westens)
- 1891 – Der Schatz im Silbersee
- 1894 – Der Ölprinz
- 1897 – Der schwarze Mustang
Oar wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1879 – Auf der See gefangen (ek bekend as Auf hoher See gefangen)
Festivals
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populariteit fan 'e ferhalen oer Winnetou hat derta laat dat der festivals omhinne organisearre wurde, dy't wol wat hawwe fan iepenloftspullen. De earste Karl-May-Spiele waarden fan 1938 oant 1941 yn Rathen holden, yn Saksen. Yn 1984 waard dat festival op itselde plak troch it regear fan 'e DDR nij libben ynblaasd. Yn West-Dútslân bestiene al sûnt 1950 de Karl-May-Spiele yn Bad Segeberg, en letter kamen der oare festivals fan itselde soarte by yn û.m. Lennestadt-Elspe. Tsjintwurdich wurde elts jier tsientallen fan sokke eveneminten holden yn Dútslân en Eastenryk.
Adaptaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmadaptaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 1960-er jierren waarden alve Dútsktalige filmadaptaasjes fan 'e Winnetou-ferhalen makke. Ornaris wiene dat Dútsk-Joegoslavyske ko-produksjes. Yn alle ûndersteande ferfilmings waard de rol fan Winnetou spile troch de Frânske akteur Pierre Brice, wylst de Amerikaan Lex Barker de rol fan Old Shatterhand fertolke. Brice wie yn 't earstoan net botte entûsjast oer syn rol, mar syn tige ynteine aktearjen en syn beheinde tekst brocht it personaazje fan Winnetou foar de Dútsers echt ta libben. Dêrtroch waard Brice net inkeld in filmstjer yn Dútslân, mar droech er ek wier by ta de Dútsk-Frânske fermoedsoening nei de Twadde Wrâldoarloch.
De filmmuzyk foar hast alle Winnetou-ferfilmings (mei de ferneamde titelmuzyk spile op 'e mûlharpe troch Johnny Müller) waard fersoarge troch de Dútske komponist Martin Böttcher. De iennichste útsûnderings op dy regel wiene Old Shatterhand, mei filmmuzyk fan 'e Italjaanske komponist Riz Ortolani, en Winnetou und sein Freund Old Firehand, mei muzyk fan 'e Dútske komponist Peter Thomas. De films wiene yn Dútslân sa súksesfol dat it budget foar eltse folgjende film opskroeve wurde koe. De opnamen fûnen plak yn Paklenica yn Joegoslaavje (no Kroaasje).
- 1962 – Der Schatz im Silbersee (ynternasjonale titel: Treasure of Silver Lake)
- 1963 – Winnetou 1. Teil (ynternasjonale titel: Apache Gold)
- 1964 – Old Shatterhand (ynternasjonale titel: Apache's Last Battle)
- 1964 – Winnetou 2. Teil (ynternasjonale titel: Last of the Renegades)
- 1964 – Unter Geiern (ynternasjonale titel: Frontier Hellcat)
- 1965 – Der Ölprinz (ynternasjonale titel: Rampage at Apache Wells)
- 1965 – Winnetou 3. Teil (ynternasjonale titel: The Desperado Trail)
- 1965 – Old Surehand 1. Teil (ynternasjonale titel: Flaming Frontier)
- 1966 – Winnetou und dat Halbblut Apanatschi (ynternasjonale titel: Half-Breed)
- 1966 – Winnetou und sein Freund Old Firehand (ynternasjonale titel: Thunder at the Border)
- 1968 – Winnetou und Shatterhand im Tal der Toten (ynternasjonale titel: Winnetou and Shatterhand in the Valley of Death)
Tillefyzje-adaptaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ek yn 'e folgjende tillefyzjesearjes waard de rol fan Winnetou fertolke troch Pierre Brice.
- 1980 – Mein Freund Winnetou
- 1998 – Winnetous Rückkehr
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|