Old Shatterhand
Old Shatterhand | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Scharlee ~ Karl (Karl May) | |
bynamme | Old Shatterhand | |
sekse | man | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Dútsk Amerikaansk | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Winnetou, Kara ben Nemsi | |
attributen | Bärentöter (gewear) Henrystutzen (gewear) Hatatitla (hynder) | |
geastlike heit | Karl May | |
ûntstean | 1880 |
Old Shatterhand (Ingelsk foar "Ald Ferbrizelhân"; Amerikaansk-Ingelske útspr.: [oʊld 'ʃædəɹhænd], likernôch: "oold sjed-derhênd") is in fiktyf personaazje yn 'e ferneamde westernromans fan 'e Dútske skriuwer Karl May (1842-1912). Hy is in Dútske ymmigrant yn 'e Feriene Steaten en it alter ego fan May sels, dy't yn it Wylde Westen in duorjende freonskip slút mei de Yndiaanske lieder Winnetou.
Karakterisearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Old Shatterhand is eins it alter ego fan Karl May, en May sels bewearde dat er alle aventoeren dy't er beskreau, wier belibbe hie. Yn it echt besocht er de Feriene Steaten pas foar it earst nei't er syn bekendste westernromans al skreaun hie, en sels doe bejoech er him nea fierder westlik as Buffalo, yn 'e steat New York. It meastepart fan 'e ferhalen is yn it ik-perspektyf skreaun, út it eachpunt fan Old Shatterhand wei. Syn bloedbroer Winnetou neamt Old Shatterhand yn 'e boeken gauris "myn broer Scharlee", wêrby't 'Scharlee' in besykjen is ta in fonetyske Dútske stavering fan 'e Ingelske foarnamme 'Charlie', in ferlytsingsfoarm fan 'Charles', wêrfan't it Dútske ekwifalint 'Karl' is.
Yn deselde tiid skreau May ek ferhalen oer reizen nei de Oriïnt, oer wat yn prinsipe itselde personaazje is, dy't dêr lykwols bekend stiet as Kara ben Nemsi. Yn it boek Im Reiche des silbernen Löwen IV, út 1903, seit Kara ben Nemsi mei safolle wurden dat hy deselde is as Old Shatterhand.
May heakke it prefiks Old ta oan 'e nammen fan ferskaten fan syn personaazjes, mei't er it beskôge as typysk Amerikaansk en in teken fan 'e grutte libbensûnderfining fan 'e oangeande personaazjes. Yn 'e ferhalen oer him kriget Old Shatterhand syn bynamme fan syn freon Sam Hawkens, dy't oarspronklik ek út Dútslân komt, mar tsjin dy tiid al heech op jierren rekke is. De oantsjutting 'Shatterhand', fan hand, "hân" en to shatter, "ferbrizelje", ferwiist nei it feit dat Old Shatterhand it foar de moade hat om by slaanderij syn tsjinstanner yn ien kear bewusteleas te slaan mei in hurde stomp tsjin 'e sliep oan.
Old Shatterhand hat twa ferneamde gewearen yn eigendom, mei de nammen Bärentöter ("bearedeader") en Henrystutzen ("Henrykarabyn"). Allebeide binne dy makke troch in fiktive wapensmid dy't Henry hjit en yn St. Louis wennet. Dat personaazje is basearre op 'e wiere wapensmid Benjamin Tyler Henry (1821-1898). Henrystutzen koe fiifentweintich skotten losse foar't er werladen wurde moast, wat nei alle gedachten in hyperboalyske ferwizing is nei de technyske fernijings fan it Henry-gewear. Old Shatterhand beriidt in hynder dat Hatatitla ("Wjerljocht") hjit; dat wie in geskink fan Winnetou, dy't sels Iltschi ("Wyn"), de broer fan Hatatitla beriidt.
Oarspronklike Old Shatterhand-ferhalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reisromans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1880 – Deadly Dust (letter werskreaun foar Winnetou III)
- 1883 – Ein Ölbrand
- 1883 – Im "wilden Westen" Nordamerika's (letter werskreaun foar Winnetou III)
- 1893 – Winnetou I
- 1893 – Winnetou II
- 1893 – Winnetou III
- 1894 – Old Surehand I
- 1895 – Old Surehand II
- 1896 – Old Surehand III
- 1896 – Satan und Ischariot I
- 1897 – Satan und Ischariot II
- 1897 – Satan und Ischariot III
- 1897 – Gott läßt sich nicht spotten (yn Auf fremden Pfaden)
- 1897 – Ein Blizzard (yn Auf fremden Pfaden)
- 1897 – Weihnacht!
- 1898 – Mutterliebe
- 1898 – Im Reiche des silbernen Löwen I
- 1910 – Winnetou IV
Jeugdromans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1886 – Unter der Windhose (letter ek yn Old Surehand II)
- 1887 – Der Sohn des Bärenjägers (sûnt 1890 yn Die Helden des Westens)
- 1888 – Der Geist des Llano Estakado (sûnt 1890 yn Die Helden des Westens)
- 1891 – Der Schatz im Silbersee
- 1894 – Der Ölprinz
- 1897 – Der schwarze Mustang
Yn guon iere ferhalen, te witten Old Firehand (1875), Winnetou (1878), Im fernen Westen (1879) en Der Scout (1889), wurde de foarfallen ferteld troch in anonime ik-persoan, dy't May foar de opname fan dy ferhalen yn Winnetou II feroare yn Old Shatterhand.
Filmadaptaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 1960-er jierren waard it personaazje fan Old Shatterhand yn sân Dútsktalige westernfilms spile troch de Amerikaanske akteur Lex Barker:
- 1962 – Der Schatz im Silbersee (ynternasjonale titel: Treasure of Silver Lake)
- 1963 – Winnetou 1. Teil (ynternasjonale titel: Apache Gold)
- 1964 – Old Shatterhand (ynternasjonale titel: Apache's Last Battle)
- 1964 – Winnetou 2. Teil (ynternasjonale titel: Last of the Renegades)
- 1965 – Winnetou 3. Teil (ynternasjonale titel: The Desperado Trail)
- 1966 – Winnetou und dat Halbblut Apanatschi (ynternasjonale titel: Half-Breed)
- 1968 – Winnetou und Shatterhand im Tal der Toten (ynternasjonale titel: Winnetou and Shatterhand in the Valley of Death)
Oars as yn May syn ferhalen is yn 'e films Unter Geiern (1964) en Der Ölprinz (1965) net Old Shatterhand de haadpersoan, mar ynstee Old Surehand, dy't spile waard troch Stewart Granger. Old Surehand wie in oar personaazje fan May, dy't trije boeken oan him wijde. Krekt as Old Shatterhand is er in ferneamde held en in goede freon fan 'e Yndianen, mar oars as Old Shatterhand is er sels in healbloed-Yndiaan, al is er grutbrocht yn in blanke húshâlding.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |