Wikwemikong Unôfstiene Earste Naasje

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Wikwemikong Unôfstiene
Earste Naasje
Flagge fan de Wikwemikong Unôfstiene Earste Naasje.PNG
algemiene ynformaasje
Ingelske
  namme
Wikwemikong Unceded First
   Nation
lânseigen
  namme
Wikwemikong
etnisiteit Ottawa, Odjibwe, Potawatomy
lân Flag of Canada.svg Kanada
haadkertier Wikwemikong (Ontario)
ledetal 6.400 (2000)
erkenning Flag of Canada.svg Kanada
oprjochte 1968
reservaat
reservaat Wikwemikong Unôfstiene Ynd.res.
Point Grondine Reservaat 3
lokaasje Ontario
oerflak 413,0 km²
ynwenners 2.592 (2011)
offisjele webside
www.wikwemikong.ca

De Wikwemikong Unôfstiene Earste Naasje (Ingelsk: Wikwemikong Unceded First Nation) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Ontario. Dizze stamme is ien fan 'e iennichsten yn Kanada dy't syn grûngebiet nea formeel ôfstien hat oan 'e Kanadeeske steat. Dêrfandinne de tafoeging "ûnôfstien" (unceded) yn 'e namme. "Wikwemikong" betsjut "Beverbaai" yn 'e Ottawa-taal, en "earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep. De 'ûnôfstiene' status fan it Wikwemikong Reservaat is in boarne fan oansjenlike grutskens foar de leden fan 'e stamme.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikwemikong Unôfstiene Earste Naasje is sitewearre yn it Manitoulin Distrikt fan súdlik Ontario, en hat dêr in eigen reservaat, it Wikwemikong Unôfstiene Yndianereservaat (Ingelsk: Wikweimikong Unceded Indian Reserve). Dat is in ûnôfstien territoarium, wat betsjut dat de oarspronklike Yndiaanske eigners nea op lykfol hokker manear ôfstân dien hawwe fan har besit. It reservaat hiet oarspronklik it Manitoulin Unôfstiene Yndianereservaat, mar yn 1968 is de namme feroare.

It Wikwemikong Unôfstiene Yndianereservaat leit oan 'e noardeastkust fan Manitoulin, in grut eilân yn 'e Hueronmar. It beslacht in mânsk skiereilân dat oan 'e westkant mei de rest fan it eilân ferbûn wurdt troch in smelle lâningte dy't de Suderbaai (South Bay), in diel fan 'e Hueronmar, yn it suden skiedt fan 'e Manitowaningbaai, in diel fan it Noarderkanaal, yn it noarden. Oan 'e eastkant wurdt it reservaat begrinzge troch de Georgiaanske Baai en oan 'e noardkant troch it Noarderkanaal. Bestjoerlik grinzget it Wikwemikong Unôfstiene Yndianereservaat yn it westen oan 'e gemeente (township) Assiginack, wylst it oan frijwol alle oare kanten omjûn wurdt troch wetter en eilannen dy't ta Noardeastlik Manitoulin en de Eilannen hearre.

De lizzing fan it Wikwemikong Unôfstiene Yndianereservaat yn 'e provinsje Ontario.

Yn totaal omfiemet it Wikwemikong Unôfstiene Yndianereservaat in oerflak fan 413,0 km². It haadplak fan it reservaat is Wikwemikong. Oare wenkearnen binne Buzwah, Kaboni, Murray Hill, South Bay, Two O'Clock, Wabozominissing en Wikwemikonsing. It reservaat omfiemet ek in lytse eksklave, it Point Grondine Reservaat 3, dy't op it fêstelân fan Ontario leit, yn 'e neite fan Killarney. Der binne yn it Wikwemikong Unôfstiene Yndianereservaat fjouwer tsjerken, twa legere skoallen en ien skoalle foar fuortset ûnderwiis, de Wasse Abin High School.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 1850 hinne betocht William B. Robinson, in ûnderhannelder foar de Britske koloniale oerheid yn Kanada en in earder pelskeapman, in manear om mear lân beskikber te krijen foar kolonisaasje troch de blanken en der dochs foar te soargjen dat de Yndianen net al har lân kwytrekken. Neffens syn plan moasten de Yndianen in ferdrach slute mei de koloniale oerheid wêrby't se harren lân oan dy oerheid oerdroegen yn ruil foar de oprjochting op dat lân fan gebieten dy't spesifyk foar harren reservearre wiene, de saneamde Yndianereservaten.

Sadwaande waarden yn septimber 1850 twa grutte ferdraggen sletten, dy't bekend kamen te stean as it Robinson-Hueronmarferdrach en it Robinson-Boppemarferdrach. Dêrby stiene de Odjibwe en Ottawa fan súdlik Ontario oan 'e kusten fan 'e Hueronmar en de Boppemar yn totaal 15 miljoen ha grûn ôf oan 'e Britske Kroan yn ruil foar de oprjochting fan 24 reservaten en in betelling fan likernôch K$10.000 yn ien kear, folge troch jierlikse betellings fan K$2.700. De opperhaden fan 'e lânseigen befolking liet men leauwe dat it lân dat net ta de reservaten hearde, troch blanken en Yndianen dield wurde soe, wêrby't de Yndianen harren tradisjonele jacht- en fiskerijrjochten yn dat gebiet behâlde soene. Dêr bliek lykwols neat fan wier te wêzen. Dizze Robinson-ferdraggen foarmen neitiid de jitfoarm foar hast alle oare oerienkomsten mei de Yndianen fan Ontario.

Under it Ferdrach fan Bond Head, fan 1836, wie it hiele eilân Manitoulin ta it Manitoulin Yndianereservaat makke. Doe't it koloniale regear yn 1854 besocht om dat reservaat te ferlytsjen en de finansjele kompinsaasje te ferminderjen, kanten de Ottawa fan Manitoulin har dêr tsjin oan, wêrby't se stipe waarden troch de jezuïtyske misjonarissen op it eilân. Yn 1862 waard der lykwols dochs oerienstimming berikt. Under it Ferdrach fan Manitoulin (of it MacDougall-ferdrach) waarden doe fiif lytsere reservaten op it eilân kreëarre: West Bay (no M'Chigeeng), Sheguiandah, Sheshegwaning, Sucker Creek en Cockburn Island (no Zhiibaahaasing). De rest fan it eilân soe dan frij komme foar kolonisaasje troch de blanken.

De opperhaden fan 'e beide Wikwemikong-troepen wegeren lykwols as iennichsten om it nije ferdrach te ûndertekenjen. It gefolch wie dat it Wikwemikong Reservaat fierdere ûntwikkeling ûntholden waard en dat it bestean bleau as in restant fan it âlde Manitoulin Reservaat. De Wikwemikong Unôfstiene Earste Naasje ûntstie op 20 augustus 1968, doe't de beide Wikwemikong-troepen en de lytse Point Grondine-troep op it fêstelân bestjoerlik mei-inoar ferraanden en yn 'e nije organisaasje opgiene. Tagelyk waard doe ek it reservaat, dat noch altyd Manitoulin hiet, omneamd ta syn hjoeddeistige namme. Op 7 augustus 1975 rôp it bestjoer fan 'e Wikwemikong Unôfstiene Earste Naasje de eigen soevereiniteit wer út oer de eilantsjes foar de eastkust fan Manitoulin. Ek hjoed de dei is it Wikwemikong Reservaat noch altyd unceded ("ûnôfstien"), in feit dêr't de leden fan 'e moderne Wikwemikong Unôfstiene Earste Naasje tige grutsk op binne.

Wolkomsboerd oan 'e grins fan it Wikwemikong Unôfstiene Yndianereservaat.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De leden fan 'e Wikwemikong Unôfstiene Earste Naasje binne foar it meastepart etnyske Ottawa (of Odawa), in folk dat fan âlds in Algonkwynske taal sprekt en yn it gebiet fan 'e Grutte Marren yn sawol Kanada as de Feriene Steaten libbet. In diel fan 'e leden is (of is ek) fan Odjibwe- of Potawatomy-ôfstamming. Neffens gegevens út 2000 hie de Wikwemikong Unôfstiene Earste Naasje doe 6.400 leden, fan wa't yn 2011 2.592 (of 40,5%) permanint yn it eigen reservaat wennen. Dêrmei bedroech de befolkingstichtens fan it reservaat 6,3 minsken de km².

Berne yn it Wikwemikong Unôfstiene Yndianereservaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Wikwemikong Unôfstiene Yndianereservaat wurdt elts jier yn it earste wykein fan augustus de powwow fan 'e Wikwemikong Unôfstiene Earste Naasje holden, dy't bekend stiet ûnder de namme fan it Wikwemikong Kultureel Festival. Neffens de organisators is dat de grutste en âldste powwow fan Eastlik Kanada, en it wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste powwows fan hiel Noard-Amearika. Der komt in protte folk op ôf, net yn it lêste plak Yndiaanske dûnsers dy't meidogge oan wedstriden yn ferskate kategoryen foar alle leeftiden.

Fierders is yn it Wikwemikong Unôfstiene Yndianereservaat ek de De-ba-jeh-mu-jig Teätergroep fêstige, dy't toanielstikken produsearret oer de Yndiaanske kultuer yn al syn fasetten. De opfierings wurde holden yn 'e ruïne fan in âlde missypost dy't njonken de Holy Cross Church yn Wikwemikong stiet.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side.