Eastlik Kanada

Ut Wikipedy
De lokaasje fan Eastlik Kanada yn Kanada.

Eastlik Kanada is in oantsjutting dêr't de seis eastlikste Kanadeeske provinsjes wol mei oantsjut wurde. In alternative beneaming is de Eastlike Provinsjes, en yn it gewoane spraakgebrûk yn Kanada wurdt it gebiet almeast oantsjutten mei de namme it Easten. Eastlik Kanada kin opdield wurde yn twa lytsere regio's: Sintraal Kanada en Atlantysk Kanada, wêrfan't de lêste dan ek wer de noch lytsere regio fan 'e Kustprovinsjes beslacht. Hjirûnder in koart oersjoch:

De seis provinsjes fan Eastlik Kanada hiene yn 2011 mei-inoar in befolking fan goed 23 miljoen minsken op in mienskiplik oerflak fan krapoan 3.158.000 km², wat in befolkingstichtens fan 7,3 minsken de km² opsmiet. Fan 'e totale befolking fan Kanada libbet hast 70% yn Eastlik Kanada. De grutste stêd yn it gebiet is Toronto, yn Ontario, folge troch Montreal, yn Kebek. De befolking is foar in grut part fan Noardjeropeesk komôf, mei hege persintaazjes Ingelsen, Frânsen, Skotten, Ieren en Dútsers, mar yn 'e grutte stêden libbet in oansjenlike net-Westerske minderheid. De lânseigen befolking, besteande út Yndianen, Métis en Inûyt, makket yn Eastlik Kanada in relatyf leech persintaazje fan 'e befolking út.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.