Crystal Shawanda

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Crystal Shawanda
Ic queue music 48px.svg sjonger en/of muzikant
Crystal-Shawanda-14 Feb 2009.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Crystal Shawanda
nasjonaliteit Flag of Canada.svg Kanadeesk
berne 1983
berteplak Wikwemikong (Ontario)
etnisiteit Flagge fan de Ojibwe.PNG Odjibwe
Flagge fan de Ottawa.PNG Ottawa
wurkpaad
sjenre country, blues
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) You Can Let Go
jierren aktyf 2008 – no
prizen Juno Award 2013
offisjele webside
www.crystalshawanda.co

Crystal Shawanda (Wikwemikong (Ontario), 1983) is in Kanadeesk countrysjongster fan Yndiaansk komôf. Hja briek yn 2008 troch mei har earste single You Can Let Go, dy't in ûnbidich grut súkses waard. Yn 2013 wûn se in Juno Award. Yn 2008 waard der in seisdielige dokumintêresearje oer Shawanda har bliksemkarriêre makke.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Shawanda waard yn 1983 berne yn it Wikwemikong Unôfstiene Yndianereservaat op it eilân Manitoulin yn 'e Hueronmar, dat ta de Kanadeeske provinsje Ontario heart. Hja is in etnyske Yndiaanse fan Ottawa- en Odjibwe-ôfstamming. Har efternamme soe oerset wurde kin as "nije moarnsdage".

Yn 2007 tekene Shawanda in kontrakt mei de platemaatskippij RCA Records Nashville, yn Nashville (Tennessee). Yn jannewaris 2008 brocht se har earste country-single út yn har heitelân, mei as titel You Can Let Go. Dat nûmer stie fiif wiken yn 'e hitlisten, helle de top 10, en wie de fluchst klimmende single fan Kanada sûnt Georgia fan Carolyn Dawn Johnson, út 2000. Yn 'e Feriene Steaten waard itselde liet op 25 febrewaris 2008 útbrocht, en berikte it it 21e plak. Shawanda wûn mei You Can Let Go in Aboriginal Peoples' Choice Music Award yn 'e kategory bêste single fan it jier en twa Canadian Aboriginal Music Awards foar bêste single fan it jier en bêste fideoklip fan it jier.

Shawanda har earste album, Dawn of a New Day (in ferwizing nei har efternamme), waard yn Kanada op 24 juny 2008 publisearre en yn 'e Feriene Steaten op 19 augustus fan dat jier. Yn 'e Kanadeeske country-albumlisten helle se der it twadde plak mei, en yn 'e Feriene Steaten it sechstjinde plak. Dawn of a New Day wûn in Aboriginal Peoples' Choice Music Award foar bêste country-album fan it jier en twa Canadian Aboriginal Music Awards foar bêste country-album fan it jier en bêste album fan it jier. Sels wûn Shawanda yn 2009 in Canadian Country Music Award yn 'e kategory froulike artyst fan it jier en in Canadian Radio Music Award foar bêste nije country-artyst.

Yn febrewaris 2008 stjoerde CMT Canada in seisdielige dokumintêresearje oer Shawanda har bliksemkarriêre út, ûnder de titel Crystal: Living the Dream. Lette dat jier gie Shawanda mei ferskate oare muzikanten op toernee troch Kanada en de noardlike Feriene Steaten, en yn 2009 wie se as spesjale gaststjer belutsen by it toernee troch hiel Noard-Amearika fan Brad Paisley en Dierks Bentley. Mids 2009 ferbriek Shawanda har gearwurking mei RCA Nashville, wêrnei't se har eigen platemaatskippij oprjochte, mei as namme New Sun Records. Datselde jiers brocht se by New Sun troch in distribúsje-oerienkomst mei On Ramp Records in krystalbum út mei as titel I'll Be Home for Christmas.

Yn 2010 brocht Shawande de single Beautiful Day út, en teffens trede se dat jiers op ûnder de ferneamde Macy's Thanksgiving Day Parade, yn New York. Har trêde studio-album, Just Like You, kaam op 24 april 2012 út. Dêrmei wûn se yn 2013 in Juno Award yn 'e kategory lânseigen album fan it jier. Yn 2014 publisearre Shawanda in bluesalbum, mei as titel The Whole World's Got the Blues.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums
jier titel prizen en nominaasjes resultaat
2008 Dawn of a New Day wûn 1 Aboriginal Peoples' Choice Music Award
wûn 2 Canadian Aboriginal Music Awards
nom. foar 1 Canadian Country Music Award
nom. foar 1 Juno Award
2009 I'll Be Home for Christmas
2012 Just Like You wûn 1 Juno Award
2014 The Whole World's Got the Blues

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eigen singles
jier titel prizen en nominaasjes resultaat
2008 You Can Let Go wûn 1 Aboriginal Peoples' Choice Music Award
wûn 2 Canadian Aboriginal Music Awards
nom. foar 1 Canadian Country Music Award
What Do I Have to Do?
My Roots Are Showing
2009 Dawn of a New Day
Try
2010 Beautiful Day
Fight for Me
2011 This Fever
Love Enough
2012 Closer
Down on Broadway
Chains
2013 Someone Who Loves You
2016 Laid Back
Gastsingles
jier titel prizen en nominaasjes resultaat
2009 In Your Arms Again (mei George Canyon)

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier priis resultaat kategory foar it nûmer/album
2008 Aboriginal Peoples' Choice Music Award wûn bêste single fan it jier You Can Let Go
wûn bêste country-album fan it jier Dawn of a New Day
wûn bêste nije artyst fan it jier n.f.t.
Canadian Aboriginal Music Award wûn bêste single fan it jier You Can Let Go
wûn bêste country-album fan it jier Dawn of a New Day
wûn bêste album fan it jier Dawn of a New Day
wûn bêste fideoklip fan it jier You Can Let Go
wûn bêste artyst fan it jier n.f.t.
Canadian Country Music Award nominearre single fan it jier You Can Let Go
nominearre programma/special fan it jier net neamd
nominearre froulike artyst fan it jier n.f.t.
2009 Canadian Country Music Award nominearre album fan it jier Dawn of a New Day
wûn froulike artyst fan it jier n.f.t.
Canadian Radio Music Award wûn bêste nije country-artyst n.f.t.
Juno Award nominearre countryplaat fan it jier Dawn of a New Day
nominearre bêste nije artyst n.f.t.
2010 Canadian Country Music Award nominearre froulike artyst fan it jier n.f.t.
2013 Juno Award wûn lânseigen album fan it jier Just Like You

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.