Springe nei ynhâld

Manitoulin (eilân)

Ut Wikipedy
Manitoulin (rôze) yn 'e provinsje Ontario.

Manitoulin (útspr.: [mænɨ'tu:lɨn], likernôch: "mêne-tûûlen") is in eilân fan oansjenlike grutte yn 'e Hueronmar, ien fan fiif Grutte Marren fan Noard-Amearika, dat bestjoerlik ta de Kanadeeske provinsje Ontario heart. It is it grutste eilân dat yn in mar leit fan 'e hiele wrâld. De namme fan it eilân is de Ingelske ferzje, oerlevere fia it Frânsk, fan 'e namme 'Manidoowaaling' yn 'e lânseigen Ottawa-taal, dat "geastespelonk" betsjut en ferwiist nei in ûnderwettergrot oan 'e kust fan Manitoulin dêr't neffens de Yndiaanske mytology in machtige geast tahâlde soe. De moderne Ottawa-namme foar it hiele eilân is Mnidoo Mnis, dat "Geaste-eilân" betsjut.

Manitoulin is in eilân yn 'e Hueronmar, ien fan 'e fiif Grutte Marren fan Noard-Amearika. It leit op 'e skieding fan 'e iepen Hueronmar yn it suden en westen, de Georgiaanske Baai yn it easten en it Noarderkanaal yn it noarden. Bestjoerlik foarmet it eilân it distrikt Manitoulin fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario. Manitoulin beslacht in oerflak fan 2.766 km², wêrmei't it it grutste eilân yn in mar is fan 'e hiele wrâld. It is ek it op 171 nei grutste eilân fan 'e wrâld en it op 30 nei grutste eilân fan Kanada.

Manitoulin (read) yn 'e Hueronmar (dûnkerblau).

Manitoulin is sa grut dat der fjouwer rivieren op streame: de Kagawong, de Manitou, de Blue Jay Creek en de Mindemoya. Fierders binne der net minder as 108 marren op it eilân, wêrfan't ferskaten sels ek wer eilantsjes mei har eigen puollen hawwe (in mar op in eilân yn in mar op in eilân yn in mar). De grutste mar op Manitoulin is de Manitou-mar mei in oerflak fan 104 km². It 33 ha mjittende eilantsje Treasure Island, yn 'e Mindemoya-mar, is it grutste eilân yn in mar op in eilân yn in mar fan 'e wrâld.

Op Manitoulin lizze twa towns, Noardeastlik Manitoulin en de Eilannen en Gore Bay, en acht townships: Assiginack, Billings, Burpee en Mills, Sintraal-Manitoulin, Dawson, Gordon/Barrie Island, Robinson en Tehkummah. Sawol de towns as de townships kinne yn dit ferbân rûchwei beskôge wurde as gemeenten. Fierders lizze op it eilân ek seis Yndianereservaten fan 'e Ottawa-Yndianen: it M'Chigeeng Reservaat 22, it Sheguiandah Reservaat 24, it Sheshegwaning Reservaat 20, it Sucker Creek Reservaat 23, it Wikwemikong Unôfstiene Yndianereservaat en it Zhiibaahaasing Reservaat 19A. It grutste plak op Manitoulin is Little Current, dat oan 'e eastkant fan it eilân leit.

It rûge lânskip fan Manitoulin.

Ut argeologyske opgravings en fynsten dy't fan 1952 ôf te Sheguiandah dien waarden, is bleken dat Manitoulin teminsten al om 10.000 f.Kr. bewenne wie, en dat dy bewenning mooglik wol 30.000 jier tebek yn 'e tiid giet. De ierste bewenners fan it eilân wiene leden fan 'e Paleo-Yndiaanske en Argayske kultueren. Tsjin 'e tiid dat Jeropeeske ûntdekkingsreizgers de krite fan 'e Grutte Marren berikten, waard it eilân bewenne troch etnyske Ottawa, Odjibwe en Potawatomy, trije nau besibbe Algonkwynske folken, dy't Manitoulin as in hillich plak beskôgen.

De ierst bekende Jeropeaan dy't him op Manitoulin nei wenjen sette, wie de Frânske jezuyt Joseph Poncet, dy't yn 1648 by Wikwemikong in missypost begûn. Jeraziatyske ynfeksjesykten dy't troch de blanken yntrodusearre waarden, hiene lykwols in ferdylgjend effekt op 'e eilânbefolking, mei't dy dêr gjin ferwar tsjin hiene. Ta oermjitte fan ramp begûn de Irokeeske Konfederaasje om dyselde tiid hinne oanfallen op Manitoulin út te fieren as ûnderdiel fan 'e Beveroarloggen (mei as ynset de behearsking fan 'e lukrative pelshannel mei de Frânsen). Yn 1650 waarden de Ottawa, Odjibwe en Potawatomy troch de Irokezen alhiel fan it eilân ferdreaun. Dêrnei bleau Manitoulin hast oardel iuw frijwol ûnbewenne.

Nei ôfrin fan 'e Oarloch fan 1812 begûnen Ottawa-Yndianen har wer op it eilân te fêstigjen. Yn 1836 droegen dy Manitoulin by it Ferdrach fan Bond Head oer oan 'e Britske Kroan, wêrnei't it koloniale regear fan Kanada lân reservearre foar de lânseigen befolking. Yn 1838 stifte Jean-Baptiste Proulx op it eilân fannijs in roomske missypost. Yn 1845 kearden ek de jezuïten nei it eilân werom en namen de missypost oer.

In satellytfoto fan Manitoulin.

Yn 1862 waard it Ferdrach fan Manitoulin sletten tusken it koloniale regear en de lânseigen stammen fan it eilân, wêrby't Manitoulin frijjûn waard foar kolonisaasje troch de blanken. Mei't it opperhaad fan 'e Wikwemikong-stamme wegere mei dy gong fan saken akkoart te gean, waard it Wikwemikong Reservaat fierdere ûntwikkeling ûntholden. Ek hjoed de dei is dat reservaatlân noch altyd unceded ("ûnôfstien"), in feit dêr't de leden fan 'e moderne Wikwemikong Unôfstiene Earste Naasje tige grutsk op binne. Op 7 augustus 1975 rôp it bestjoer fan dy stamme de eigen soevereiniteit wer út oer de eilantsjes foar de eastkust fan Manitoulin.

Neffens gegevens út 2006 hie Manitoulin doe in permaninte befolking fan 13.090 minsken. By 't simmer komme dêr rûchwei nochris 3.500 toeristen by, mei't it eilân in sintrum fan wettersport is. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2006 sa: 61,1% blanken en 38,9% Yndianen. De Yndianen binne frijwol allegear etnyske Ottawa, mei in hantsje wol Odjibwe.

De meast sprutsen talen op it eilân wiene neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 it Ingelsk, dat 85,8% fan 'e eilânbewenners as memmetaal hie, folge troch it Ottawa (8,8%), it Frânsk (3,0%), it Dútsk (0,6%) en it Nederlânsk (0,3%). Op it mêd fan 'e godstsjinst bestie yn 2011 82,3% fan 'e eilânbefolking út kristenen, wêrfan 42,3% protestanten, 37,3% roomsen en 2,7% oaren. De rest fan 'e befolking bestie út ateïsten, agnosten en oanhingers fan oare religyen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.