Point Grondine Reservaat 3

Ut Wikipedy
Point Grondine Reservaat 3
Point Grondine 3 Reserve
polityk
haadplak Wikwemikong (Ontario)
stamme Wikwemikong Unôfst. E. N.
lân Kanada
provinsje Ontario
distrikt Sudbury
sifers
ynwenners ûnbekend
oerflak 139,0 km²
oar
stifting 1850
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside www.wikwemikong.ca
kaart
Point Grondine Reservaat 3 (Ontario)
Point Grondine Reservaat 3
De lizzing fan it reservaat yn Ontario.

It Point Grondine Reservaat 3 (Ingelsk: Point Grondine 3 Reserve) is in Yndianereservaat dat oan 'e noardkust fan 'e Hueronmar leit, yn it distrikt Sudbury, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario. It hat in oerflak fan 139,0 km², mar it is ûndúdlik hoefolle ynwenners oft der binne.

It Point Grondine Reservaat waard yn 1850 oprjochte ûnder de kêsten fan it Robinson-ferdrach fan de Hueronmar, foar de Ottawa, Odjibwe en Potawatomy. Yn 1968 kaam it yn 'e hannen fan 'e Wikwemikong Unôfstiene Earste Naasje, doe't de Point Grondine-troep mei twa oare Yndiaanske troepen bestjoerlik opgie yn dy nije organisaasje.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) Offisjele webside fan 'e Wikwemikong Unôfstiene Earste Naasje
(in) Profyl fan it Point Grondine Reservaat 3 op 'e webside fan Indigenous and Northern Affairs Canada

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.