Wapen fan Easternijtsjerk
Appearance
It wapen fan Easternijtsjerk is it wapen fan it doarp Easternijtsjerk, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Ferdield: I yn kiel in klimmende wynhûn fan sulver, II yn azuer in oargelpiip fan sulver, yn de skyldkop mei twa roasen fan itselde.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver en azuer (blau).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Twadieling: ferwiist nei de lokaasje fan it doarp by de eardere grins fan West- en East-Dongeradiel.
- Wynhûn: oernommen út it wapen fan de famylje Sjoorda, dat in stins by it doarp bewenne.
- Roasen: oernommen út it wapen fan de famylje Sjoorda.
- Oargelpiip: symboal fan de hillige Cecilia, patroanhillige fan de Sint-Ceciliatsjerke fan Easternijtsjerk.
- Kleurstelling: oernommen út de wapens fan Eastergoa en Dongeradiel.
-
It wapen fan Eastergoa.