Springe nei ynhâld

Wapen fan De Waadhoeke

Ut Wikipedy

It wapen fan De Waadhoeke is it offisjele gemeentlike wapen fan 'e gemeente De Waadhoeke. Dy gemeente ûntstie per 1 jannewaris 2018 út in gemeentlike weryndieling yn it noardwesten fan provinsje Fryslân, wêrby't de eardere gemeenten Frjentsjerteradiel, It Bilt en Menameradiel gearfoege waarden mei fjouwer noardlike doarpen (Baaium, Spannum, Winsum en Wjelsryp) fan 'e âlde gemeente Littenseradiel.

Offisjeel wapen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It formeel troch de gemeenteried fêststelde wapen fan De Waadhoeke liet mear as twa jier op him wachtsje, mar waard úteinlik op 'e gemeentelike nijjiersresepsje fan 10 jannewaris 2020 ûntbleate[1][2][3] troch boargemaster Marga Waanders en gemeentesekretaris Annet van Doesburg.[2][3][4] It fjild wurdt diagonaal trochsnien mei in skeanbalke fan sulver, dy't loftsûnder it breedst is, mar nei rjochtsboppen ta almar fierder tasmellet. It flak loftsboppe de skeanbalke is blau, wylst it flak rjochtsûnder de skeanbalke grien is. De trije flakken stelle see (blau), seedyk (sulver) en lân (grien) foar.[3][4]

It wapenskyld is dutsen mei in mei fonkelstiennen fersierde kroan fan trije blêden en twaris trije pearels. De kroan is fan it type fan 'e saneamde gritenijkroan.[3][4] It wapenskyld wurdt fierders omjûn troch twa skyldhâlders: lofts Minerva, de Romeinske goadinne fan kennis en wiisheid, dy't de âlde universiteitsstêd Frjentsjer symboalisearret, en rjochts Seares, de Romeinske goadinne fan 'e lânbou, dy't symboal stiet foar it omlizzende plattelân.[2][3][4]

It wapen fan De Waadhoeke waard ûntwurpen troch in spesjale kommisje, dy't der moannenlang mei dwaande wie. Foar de gemeente wie fan grut belang dat dêrby ynbring út 'e gemeente sels wie.[4] De kommisje bestie út: Manon Borst, direktrise fan it Museum Martena yn Frjentsjer, Ali Bronger, sekretaris fan 'e Stichting Bildts Aigene, Jan Folkerts, earder gemeentesekretaris fan Littenseradiel en kenner fan 'e skiednis fan noardwestlik Fryslân, Jan Metzlar, argivaris fan De Waadhoeke en dêrfoar fan 'e eardere gemeente Menameradiel, en Piet Bultsma, heraldysk tekener fan 'e Hege Ried fan Adel yn De Haach.[3][4]

Earder foarstel fan de Fryske Rie foar Heraldyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mids jannewaris 2016 waard troch de Fryske Rie foar Heraldyk al in gemeentlik wapen foarsteld foar de nije fúzjegemeente De Waadhoeke.[5] Dat bestie út in blau fjild, belein mei twa reade roazen yn de beide boppehoeken, in goudene liedklok yn 'e midden, en ûnderoan in sulverne seehoarn (in soarte fan skulp) dêr't goudene ieren út groeiden.[5] It skyld wie dutsen troch in mei fonkelstiennen fersierde gritenijkroan fan trije blêden en twaris trije pearels.[5]

De betsjutting fan 'e heraldyske eleminten wie sa. Foar it blauwe fjild wie keazen om't de wapens fan Frjentsjer, Frjentsjerteradiel, It Bilt, Menameradiel en Littenseradiel allegear blau wiene.[5] De liedklok kaam oarspronklik út it wapen fan Frjentsjer. Om't de stêd Frjentsjer yn De Waadhoeke sawol geografysk as bestjoerlik in sintrale posysje ynnimt, wie dat mei de liedklok yn it wapen ek sa.[5] De seehoarn mei ieren kaam út it wapen fan It Bilt, dat bestie út trije fan sokke eleminten ûnderinoar. It tsjutte oan dat troch ynpoldering fan see (de seehoarn) lânbougrûn (de ieren) makke wie.[5] De reade roazen wiene tafoege om't dy sawol yn it wapen fan Frjentsjerteradiel as yn dat fan Littenseradiel foarkamen. Yn it wapen fan Ald-Frjentsjerteradiel (de gemeente fan foar de weryndieling fan 1984) wiene ek twa reade roazen belein op in blau fjild. Hoewol't read op blau yn de heraldyk eins net mei, gie it yn dit gefal dus om in 'tradisjonele' heraldyske flater.[5]

De eardere gemeente Menameradiel wie net yn it wapen fertsjintwurdige dat de Fryske Rie fan Heraldyk foar De Waadhoeke foarstelde, om't it symboal fan Menameradiel, de ienhoarn, troch de Rie as te grut beskôge waard om yn it eigentlike wapenskyld op te nimmen. Dêrom wie der foar keazen om in ienhoarn as skyldhâlder ta te foegjen oan de rjochterkant fan it wapenskyld.[5] De eardere gemeente Barradiel, dy't by de gemeentlike weryndieling fan 1984 yn Frjentsjerteradiel opgie, wie krektsa fertsjintwurdige troch de seedyk, dy't as fuotstik fan it wapenskyld tafoege waard.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ——, Gemeentewapen Waadhoeke symboliseert waddengemeente, yn: de Ljouwerter Krante, 11 jannewaris 2020, s. 25.
  2. 2,0 2,1 2,2 ——, Eigenheid wapen: strakke kleuren in sfeer Waadhoeke-vlag, yn: van Wad tot Stad, 14 jannewaris 2020, s. 1.
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 3,5 ——, Nieuw gemeentewapen "historisch verantwoord", yn: de Frjentsjerter Krante, 15 jannewaris 2020, s. 1.
  4. 4,0 4,1 4,2 4,3 4,4 4,5 ——, Nieuw gemeentewapen Waadhoeke gepresenteerd, yn: de Bildtse Post, 10 jannewaris 2020.
  5. 5,0 5,1 5,2 5,3 5,4 5,5 5,6 5,7 5,8 Grosso, Maria del, Rie foar Heraldyk stelt wapen Waadhoeke voor, yn: de Ljouwerter Krante, 13 jannewaris 2016.