Vaira Vīķe-Freiberga

Ut Wikipedy
Vaira Vīķe-Freiberga
politikus
echte namme Vaira Vīķe-Freiberga
nasjonaliteit Letsk
bertedatum 1 desimber 1937
berteplak Riga (Letlân)
etnisiteit Letsk
presidinte fan Letlân
amtsperioade 19992007
foargonger Guntis Ulmanis
opfolger Valdis Zatlers

Vaira Vīķe-Freiberga (útspr.: ['vai̭ra 'vi:kʲə-frai̭'bɛrɡa], likernôch: "waira wiikje-fraiberga"; Riga, 1 desimber 1937) is in Letsk politika, wittenskipster, publisiste en diplomate, dy't fan 1999 oant 2007 de sechsde presidint fan 'e Republyk Letlân wie (rekkene fan 1919 ôf). Hja wie de earste froulike presidint fan ien fan 'e Baltyske steaten. Under Vīķe-Freiberga har lieding wist Letlân it lidmaatskip fan 'e Jeropeeske Uny en de NATO te winnen. Ek nei har presidintskip bleau hja aktyf yn 'e nasjonale en ynternasjonale polityk.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vaira Vīķe waard yn 1937 berne yn 'e Letske haadstêd Riga, doe't har heitelân noch in ûnôfhinklike steat wie. Doe't se in pjut wie, waard Letlân yn 1940 beset troch de Sovjet-Uny, dêrnei yn 1941 troch nazy-Dútslân, en doe, yn 1944, op 'e nij troch de Sovjet-Uny, wêrnei't it syn selsstannigens hast in heale iuw lang ferlieze soe. Oan it begjin fan 'e twadde Russyske besetting flechten Vīķe-Freiberga har âlden nei Dútslân, dêr't hja mei sân jier ûnderwiis ûntfong oan in legere skoalle yn in flechtlingekamp yn Lübeck. Yn datseldichste kamp kaam har jongere suske, in poppe noch, te ferstjerren. Ut Dútslân wei emigrearre it gesin yn 1949 nei Kasablanka, yn 'e doetiidske Frânske koloanje Marokko. Dêr learde Vīķe-Freiberga op skoalle Frânsk, wêrnei't se fierder learde oan it Collège de Jeunes Filles de Mers-Sultan yn Kasablanka. Yn 1954 emigrearre se mei har âlden nei Kanada, dêr't se yn Toronto de middelbere skoalle ôfmakke.

Vīķe-Freiberga studearre psychology oan 'e Universiteit fan Toronto, dêr't se yn 1958 in bachelorstitel behelle, dy't se yn 1960 omsette yn in masterstitel. Under har stúdzje ûnderhold se harsels mei in baantsje as kassiêre by de Canadian Imperial Bank of Commerce en as tafersjochhâldster oan 'e kostskoalle foar famkes Branksome Hall. Yn 1958 fûn se wurk as oersetster, mei't se floeiend Ingelsk, Frânsk, Spaansk, Dútsk en Letsk spriek, en it jiers dêrop wurke se as leararesse Spaansk oan it Ontario Ladies' College. Nei't se har masterstitel behelle hie, waard Vīķe-Freiberga ein 1960 klinysk psychologe yn in psychiatrysk sikehûs yn Toronto. Yn 1961 gie se dêr wei om fierder te learen oan 'e McGill Universiteit yn Montreal, wylst se dêrnjonken ek yn dieltiid dosinte waard oan 'e Concordia Universiteit yn dyselde stêd. Yn 1965 studearre se ôf oan McGill mei in doktoraat yn 'e psychology.

Vīķe-Freiberga mei George W. Bush (l.) en Jaap de Hoop Scheffer (rj.) op 'e NATO-top yn Riga, yn 2006.

Wittenskiplike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1965 oant 1998 wie Vīķe-Freiberga ferbûn oan 'e fakulteit fan 'e psychology fan 'e Frânsktalige Universiteit fan Montreal, dêr't se lesjoech yn psychofarmakology, psycholinguïstyk, wittenskiplike teory, eksperimintele metoaden, en taalkundige en kognitive prosessen. By har eksperimintele ûndersiken lei hja har ta op it minsklik ûnthâld en op it ferskynsel taal, en de ynfloed fan medisinen op kognitive prosessen. Tagelyk ferdjippe se har ek yn wittenskiplik ûndersyk nei semiotyk, poëtyk en de strukturele analyze fan teksten út in mûnlinge tradysje, nammentlik Letske folkslietsjes.

Yn dy perioade skreau Vīķe-Freiberga tsien wittenskiplike boeken en sa'n 160 artikels, essay's en haadstikken foar wittenskiplike blomlêzings. Teffens joech se mear as 250 taspraken yn it Ingelsk, Frânsk en Letsk, en withoefolle fraachpetearen foar de radio, tillefyzje en skriuwende parse, yn ferskate talen. Fierders siet se yn it bestjoer fan in stikmannich nasjonale Kanadeeske en ynternasjonale wittenskiplike organisaasjes en ferienings, en ek hie se in sit yn in oantal komitees dy't ynsteld wiene troch de Kanadeeske oerheid of troch universiteiten. Yn juny 1998 waard se oansteld as perfester-emearita oan 'e Universiteit fan Montreal, foar't se ôfsette nei har heitelân Letlân, dat yn 1991 syn ûnôfhinklikens weromwûn hie. Dêr waard se datselde jiers noch direktrise fan it nij-oprjochte Letsk Ynstitút.

Vīķe-Freiberga mei de Brazyljaanske presidint Luiz Inácio Lula da Silva, yn 2007.

Politike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1999 waard Vīķe-Freiberga presidinte fan Letlân. Hoewol't se yn 'e earste omgong fan 'e ferkiezings gjin kandidaat wie, waard se op 20 juny, by de twadde omgong yn 'e Saeima, it Letske parlemint, as kompromiskandidate nei foarren ta skood en keazen. Vīķe-Freiberga waard op 8 july ynsward as de seschsde presidint fan Letlân (rekkene fan 1919 ôf) en de earste froulike presidint yn 'e Baltyske steaten. Under har earste termyn wûn se de goedkarring fan 70-85% fan 'e Letske befolking, en yn 2003 waard se yn 'e Saeima werkeazen foar in twadde termyn fan fjouwer jier mei 88 fan 'e 96 stimmen.

Under har presidintskip spile Vīķe-Freiberga in liedende rol by it winnen fan it lidmaatskip foar Letlân fan sawol de Jeropeeske Uny, yn 2004, as de NATO, ek yn 2004. Hja oppenearre har fierders as in wichtige stim op it mêd fan maatskiplike wearden, demokrasy en de histoaryske dialooch binnen Jeropa. Under har regear waarden de nauwe bannen dy't bestiene mei de oare beide Baltyske steaten, Estlân en Litouwen, bekrêftige. Teffens hie se yn 2005 sitting yn in kommisje dy't Kofi Annan, de siktaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes, holp om syn herfoarmingsaginda út te fieren. Yn septimber 2006 waard Vīķe-Freiberga presintearre as de kandidate fan 'e trije Baltyske steaten om Annan op te folgjen as siktaris-generaal. Dat plan rûn lykwols op 'e non doe't dy post nei Súdkoreaanske diplomaat Ban Ki-moon gie.

Sûnt Vīķe-Freiberga yn july 2007 presidinte-ôf waard, hat se tige aktyf west as sprekker op in ferskaat oan ynternasjonale eveneminten. Hja is in stiftsjend lid fan 'e Klup fan Madrid, it Nizami Ganjavi Ynternasjonaal Sintrum en de Jeropeeske Ried foar Bûtenlânske Relaasjes (ECFR). Ein 2007 waard se beneamd yn in komitee dat neitinke moast oer de takomst op 'e lange termyn fan 'e Jeropeeske Uny, en yn 2008 waard se beneamd as lid fan 'e Jeropeeske Ried foar Tolerânsje en Fermoedsoening (ECTR). Neitiid hat se noch yn ferskate oare Jeropeeske kommisjes en komitees sitting hân, wêrûnder yn 2011 yn in groep fan ekspêrs op it mêd fan 'e parsefrijheid. Yn 2009 stelde se har kandidaat foar it foarsitterskip fan 'e Jeropeeske Ried, mar dy posysje gie nei de Belgyske premier Herman van Rompuy. Vīķe-Freiberga is oant hjoed de dei ta aktyf yn 'e polityk fan har heitelân Letlân en ek op ynternasjonaal mêd. Hja is in útsprutsen foarstanner fan 'e Jeropeeske ienwurding.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vaira Vīķe-Freiberga is troud mei Imants Freibergs (waans efternamme yn it Letsk yn 'e froulike foarm de útgong -a kriget). Freibergs wie sels ek in bern fan Letske flechtlingen yn Kanada, en hja kamen mei-inoar yn 'e kunde fia in Letske studinteferiening yn Toronto. Freibergs wie foarhinne heechlearaar ynformatika oan 'e Universiteit fan Kebek te Montreal. Vīķe-Freiberga hat mei har man twa bern, Kārlis en Indra. Nei ôfrin fan har presidintskip hawwe Vīķe-Freiberga en de man in konsultingbedriuw oprjochte, VVF Consulting, dat tsjinsten oanbiedt oan iepenbiere en partikuliere organisaasjes.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.