Springe nei ynhâld

Usipeten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Usipetii)
Germaanske folken om 50 hinne

De Usipeten (of Latyn: Usipetii) wiene in Germaanske stam dy't yn de tiid fan Julius Caesar tahâlde yn it Noardryn-Westfalen fan no.

Wat witten is oer it folk komt ek fan Caesar en Kassius Dio. De Usipeten wurde beskreaun as in folk dat allegeduerigen op de flecht is. Yn de tiid fan Caesar waarden se ferdreaun troch de Germaanske stam de Suevi (de reden is net bekend), mar neffens Caesar koene sy har boerebestean nei úthâlde fanwege it optwingen fan de Suevi. Yn fierdere konflikten mei Caesar moasten sy de slach ferlieze. Yn de fjildtocht fan Drusus in 11 f.Kr. waarden se ferslein.

Tasitus ferhellet fan in cohort Usipi (wierskynlik in synonym foar Usipeti) dat meidie oan de militêre kampanjes fan generaal Agrikola yn Britannia.

Doe't de Franken yn de 3e- en 4e iuw opgong makken giene de Usipeten op yn in nij stamferbân mei de Franken.

Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen