Springe nei ynhâld

Utrecht Science Park

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Uithof)
Utrecht Science Park
De Uithof
Lokaasje fan de ûnderwyk De Uithof yn de wyk East yn Utert
Lokaasje fan de ûnderwyk De Uithof yn de wyk East yn Utert
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
Plak Utert-East
Sifers
Ynwennertal 3.100 (2017)[1]
Oerflak 300 bunder
Oar
Postkoade 3584
Koördinaten 52° 4' 59" NB, 5° 9' 5" EL
De 17e iuwske pleats De Uithof

Utrecht Science Park, oant 2018 en yn de folksmûle noch hieltyd bekend as De Uithof, is in ûnderwyk yn de Nederlânske stêd Utert en is part fan de wyk East. It is benammen in studintewyk dêr't de Universiteit fan Utert en in stikmannich oare kennisynstellings harren fêstigings hawwe. De Uithof is yn it uterste easten fan de stêd en leit justjes súdlik fan De Bilt, westlik fan Seist en noardlik fan Bunnik.

Yn de midsiuwen hie de tichteby lizzende Sint-Laurensabdij yn Oostbroek op it plak fan De Uithof grutte stikken lân yn besit. Nei it oanmeitsjen fan it woast lân kamen der úthôven en ikkerbou. De namme fan de wyk De Uithof betsjut "úthôf"/"foarwurk". Ien fan de âldste pleatsen fan de abdij lei op it plak fan de wyk. Oant yn de tweintichste iuw bleau it gebiet in agrarysk karakter hâlden.

Yn it midden fan de tweintichste iuw wie de Universiteit fan Utert fêstige yn in stikmannich pannen yn de binnenstêd fan Utert en wie der by in tal fakulteiten ferlet fan mear romte. It universiteitsbestjoer begûn yn 'e mande mei de gemeente nei moooglikheiden te ûndersykjen foar de nedige romte. Lykwols in soad plakken om de stêd hinne wiene orneare foar grutskalige wentebou. It each fan it bestjoer foel op it lanlike gebiet eastlik fan de stêd dy't op it grinsgebiet fan de gemeenten Utert, Seist, Bunnik, en De Bilt lei. Oant 1951 foel it gebiet lykwols ûnder it ferdigeningsgebiet fan de Nije Hollânske Wetterliny, mar nei't de Kringewet skrast waard, koe de universiteit bouwe. Yn 1958 waarden de bouplannen presintearre en yn 1962 waard mei de bou úteinset. De nije wyk waard nei de pleats 'De Uithof neamd. Yn it oarspronklike plan stie in strakke strjittepatroan fêst dêr't de strjiten fan noard nei súd en west nei east rûnen. De strjitten krigen de nammen fan ferneamde universiteitstêden. Yn 1967/68 ferhûze de universiteit de fakulteit Diergenêskunde fan it gebou oan de Biltstraat fan de âlde Ryksfeedoktersskoalle nei De Uithof. Ynearsten wie allinnich de fakulteit Diergenêskunde fêstige op De Uithof, dochs yn de rin fan de 1960-er jierren kammen der mear fakulteiten dêre. Yn 1975 waard it gebiet folslein ta de gemeente Utert taheakke. Yn 1987 fêstige de foarrinner fan de Hegeskoalle Utert dêre en yn 1989 ferhûze it Universitêr Medysk Sintrum Utert dêrhinne. Yn de 1990-er jierren waarden de earste studintewenten boud. letter kammen der njonken ûnderrjochtsynstellings ek ûndersyksynstellings lykas bygelyks Danone Nutricia Research en Genmap.

Yn 2011 waard it universiteitsgebiet op De Uithof omneamd ta Utrecht Science Park en yn novimber 2018 besleat de gemeenterie de gânse wyk sa te neamen. Utrecht Science Park/Bilthoven wurket gear mei de wyk.

Op 14 desimber 2019 iepene de line fan de flugge tram (Uithoflijn) fan it Stasjon Utert-Sintraal nei De Uithof.

Gebouwen (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Utsicht oer De Uithof fan Cambridgelaan ôf
Minnaertgebou
Studintekompleks Cambridgelaan

Universiteitsgebouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guon bekende gebouwen yn De Uithof. Guon waarde ûntwurpen troch de arsjitekt Rem Koolhaas.

  • Aardwetenschappengebouw (Ierdwittenskipsgebou) - ierdwittenskip
  • Bestuursgebouw – bestjoer fan de Universiteit fan Utert
  • Buys Ballotgebouw (BBG), neamd nei meteorolooch C. H. D. Buys Ballot - eksperimintele natoerkunde
  • Caroline Bleekergebouw, neamd nei natoerkundige Caroline Bleeker - workshop foar wittenskiplike ynstruminten
  • David de Wiedgebouw, neamd nei farmakolooch David de Wied - farmakology
  • Educatorium - ûnderwiissintrum ûntwurpen troch Rem Koolhaas.
  • Hans Freudenthalgebouw, neamd nei wiskundige Hans Freudenthal - wiskunde
  • Hijmans van den Berghgebouw, neamd nei natoerkundige Abraham Albert Hijmans van den Bergh – (bio)medysk ûnderrjocht
  • Kruytgebouw (earder bekend as Trans-3), neamd nei skiekundige Hugo R. Kruyt - skiekunde, business startups
  • Leonard S. Ornsteinlaboratorium, neamd nei natoerkundige Leonard Ornstein - eksperimintele natoerkunde
  • Marinus Ruppertgebouw (earder bekend as Trans-1), neamd nei pedagooch Marinus Ruppert, dy't mei it ûntjaan fan de gebouwen yn De Uithof úteinsette - ûnderwiis- en workshop lokalen, kompjûterlokaal
  • Martinus J. Langeveldgebouw (earder bekend as Centrumgebouw Zuid), neamd nei Martinus J. Langeveld, de stifter fan de fakulteit Sosjale Wittenskippen - sosjale wittenskippen
  • Minnaertgebouw, neamd nei astronoom Marcel Minnaert - natoerkunde, ierdwittenskip, studintetsjinsten
  • Nicolaas Bloembergengebouw, neamd nei natoerkundiget Nicolaas Bloembergen – wittenskip, NMR spektroskopy
  • Robert J. Van de Graafflaboratorium, neamd nei natoerkundige en ynstrumintemakker Robert J. Van de Graaff - natoerkunde
  • Sjoerd Groenmangebouw (earder bekend as Centrumgebouw Noord), neamd nei sosjolooch Sjoerd Groenman - sosjale wittenskippen en studintetsjinsten
  • Stratenum, neamd nei natoerkundige W. van Straaten – medysk ûnderrjocht
  • Universiteitsbiblioteek Uithof - Haadbiblioteek
  • Victor J. Koningsbergergebouw, neamd nei biolooch Victor Jacob Koningsberger - medisinen, ierdwittenskip, oare wittenskippen
  • Willem C. van Unnikgebouw (earder bekend as Trans-2), neamd nei bibeldeskundige Willem C. van Unnik - sosjale wittenskippen

Studintegebouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Cambridgelaan, boud yn 1998, 1002 bewenners.
  • De Bisschoppen (de Biskoppen) boud yn 2006, 552 bewenners.
  • Casa Confetti, boud yn 2008, 377 bewenners.
  • Johanna, boud yn 2015, 655 bewenners.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Wiken:
BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
· · Berjocht bewurkje