Tsjerke fan Niebert
Nieberter tsjerke
Kerk van Niebert | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Mûnewei 90 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1385 | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 28292 | |
offisjele webside | ||
Side tsjerklike gemeente |
De Tsjerke fan Niebert oan de Mûnewei is in tsjerkegebou fan de Stifting Alde Grinzer Tsjerken. De herfoarme gemeente Niebert-Nús makket regelmjittich gebrûk fan de 14e iuwske tsjerke. De gemeente is oansletten by de Protestanske Tsjerke yn Nederlân.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De hjoeddeiske tsjerke ferfong yn it lêste fearn fan de 14e iuw in houten tsjerkje. Dat barde yn opdracht fan it Sistersjinzerske kleaster fan Aduard. Ynstee fan in toer hie de tsjerke in klokkestoel, dy't súdlik fan de tsjerke stie. Earst yn de 18e iuw waard in dakruter op it dak set, dy't yn 1831 nochris fernijd is. Oant yn de Twadde Wrâldkriich hong dêr in klok út 1681 fan Petrus Overney út Ljouwert. De klok waard yn 1943 troch de besetter foardere en nei de oarloch krige de tsjerke in nije klok. De wynhoanne op de toer is in replika fan in âldere dy't yn 2006 stellen waard wylst de dakruter restaurearre waard.
Yn 1831 ûndergyng de tsjerke in ferbouwing, wêrby't de goatyske finsters ferfongen waarden troch rûnbôgefinsters. Ien fan dy goatyske finsters bleau oer en is te sjen boppe de tagong yn de westlike muorre. Ek yn de 19e iuw fûn de bepleistering fan de tsjerke plak.
De fundearring fan de tsjerke moast fanwegen earnstige fersakkingen yn de jierren 1947-1948 fernijd wurde. Ek waard oan de boppekant fan de muorren in betonring oanbrocht.
Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke fan Niebert is in ienfâldige, letgoatyske sealtsjerke mei in rjocht ôfsletten koer en stiet op in ferhege tsjerkhôf. De bûtenmuorren wurde ferdield troch brede lisenen, dy't op de hoeken as steunbearen funksjonearje. Ek in it midden fan it eastlik koer is in foarse steunbear oanbrocht. Boppe de tagong bleau in goatysk finster bewarre. De oare finsters binne rûnbôgich en letter ynbrocht.
Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De romte wurdt oerkape mei in balkenplafond. De preekstoel mei trep, achterskot en klankboerd stiet oan de súdlike muorre en datearret út 1743. Op it klankboerd is de tekst Gij Christus beheerst de Geest en Stem der Geleerden oanbrocht. It 18e iuwske tsjerkemeubilêr is ryklik dekorearre mei fykwurk fan Casper Struiwig, in byldsnijer dy't in soad mei de oargelbouwer Albertus Antoni Hinsz gearwurke. Yn de tsjerke steane oan de noardlike muorre trije hearebanken, wêrfan't ien in oerkaping hat. Yn in nis rjochts fan de preekstoel stiet in byldsje fan in harpspyljende kening David. It is it iennige dat oerbleau fan de foargonger fan it hjoeddeiske oargel. De 17e iuwske sarken yn it middenpaad binne fan de Iwema's en Ibema's.
De oargelgalerij stamt út de 18e iuw. In diel fan it fykwurk op de oargelgalerij ferhuze by de lêste restauraasje nei de hearebanken. Achter it oargel is in doekskildering.
De trije nissen yn it koer stamme noch út de katolike tiid fan de tsjerke. De list om de piskina mei profylstiennen yn it koer waard by de restauraasje fan 1947-1948 rekonstruearre. Yn de nis mei reade sânstien der om hinne yn de noardlike muorre waard it Hillich Sakramint bewarre.
Yn de toer stiet in mechanysk izeren oerwurk.
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It oargel is oarspronklik ôfkomstich út de Fermanje fan Sint-Anne en waard yn 1913 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert boud. Yn 1941 ferhûze de firma Spanjaard it ynstrumint nei Niebert en it krige dêr in nij front.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|