Tsjerke fan De Lytse Jouwer
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
De Tsjerke fan De Lytse Jouwer is in yn 1869 boude tsjerke yn De Lytse Jouwer. De tsjerke stiet op it restant fan in tsjerketerp.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke fan De Lytse Jouwer waard yn 1869 boud as ferfanging fan in âldere midsiuwske tsjerke fan dowestien op dit steed, de tsjerketerp fan it doarp De Lytse Jouwer. De tsjerke is sels net oanmerke as ryksmonumint, mar wol ûnderdielen dy't by de tsjerke hearre. Sa hat de tsjerke in tsjerkeklok, dy't getten is troch in anonime jitter yn de 15e iuw, mei it râneskrift Mater die momento mei [1]. Ek inkele 16e en 17e iuwske grêfsarken hawwe in monumintaal karakter. Dizze grêfsarken lizze op it tsjerkhôf tsjin de súdlike muorre fan de tsjerke oan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|