The Secret Life of Pets (franchise)

Ut Wikipedy
The Secret Life of Pets
betinker Brian Lynch
Cinco Paul
Ken Daurio
eigner Illumination
Universal Pictures
lân Feriene Steaten
begjinjier 2016
films
langspylfilms The Secret Life of Pets
The Secret Life of Pets 2
koarte films Norman Television
Weenie
Super Gidget
spultsjes
fideospultsjes The Secret Life of Pets:
   Unleashed
muzyk
soundtracks The Secret Life of Pets
The Secret Life of Pets 2
offisjele webside
www.thesecretlifeofpets.com

The Secret Life of Pets is in Amerikaanske mediafranchise fan súksesfolle kompjûteranimearre tekenfilms produsearre troch de filmstudio's Illumination en Universal Pictures. De titel betsjut "It Geheime Libben fan Húsdieren". De rige sette yn 2016 útein mei de film The Secret Life of Pets, oer in groep hûsdieren yn New York en wat dy oerdeis útfine as harren baaskes nei har wurk binne. Anno 2021 bestiet de filmsearje út twa lange en trije koarte films. Dêrnjonken binne der yn it ramt fan 'e franchise ek in fideospultsje en twa soundtrackalbums ferskynd.

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Secret Life of Pets[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side The Secret Life of Pets (film).

Yn The Secret Life of Pets hellet it baaske fan jack-russellterriër Max (Louis C.K.) in nije hûn yn 'e hûs, Duke (Eric Stonestreet). It wol de earste dei, as harren baaske nei it wurk is, net bûterje tusken Max en Duke, en de sitewaasje eskalearret oant se tegearre sûnder hûnepeinjes op 'e flecht foar de gemeentlike ûngediertebestriding yn it rioel bedarje. Dêr reitsje se yn konflikt mei in kliber yn 'e steek litten hûsdieren û.l.f. 'e psychopatyske nuete knyn Snowball (Kevin Hart). Underwilens geane Max syn freonen op 'e siik nei him, oanfierd troch it kefferke Gidget (Jenny Slate), dat fereale op him is.

The Secret Life of Pets waard regissearre troch Chris Renaud nei in senario fan Brian Lynch, Cinco Paul en Ken Daurio. De film gie op 8 july 2016 yn premiêre, en brocht $875,5 miljoen op tsjin in budget fan $75 miljoen.

The Secret Life of Pets 2[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side The Secret Life of Pets 2.

Yn The Secret Life of Pets 2 hat it baaske fan Max (Patton Oswalt) en Duke (Eric Stonestreet) in gesin stifte en nimt se de hûnen mei by in besyk oan 'e pleats fan 'e omke fan har man, op it plattelân. Dêr leart omke syn hardershûn Rooster (Harrison Ford) Max selsfertrouwen te hawwen. Underwilens wurdt Gidget (Jenny Slate) yn New York by fersin ta keninginne fan 'e katten kroane en ûndernimt de knyn Snowball (Kevin Hart) mei it hûntsje Daisy (Tiffany Haddish) in rêdingsaksje foar in tigerwelpke dat yn in sirkus mishannele wurdt. Max syn nije selsfertrouwen en Gidget har leger katten komme fan pas as sirkusdirekteur Sergej (Nick Kroll) en syn wolven Snowball en Daisy opspoare.

The Secret Life of Pets 2 waard regissearre troch Chris Renaud nei in senario fan Brian Lynch. De film gie op 24 maaie 2019 yn premiêre, en brocht $430,1 miljoen op tsjin in budget fan $80 miljoen.

Koarte films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Norman Television[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e koarte film Norman Television wurdt kavia Norman (Chris Renaud) folge by syn syktocht troch de fentilaasjebuizen fan it flatgebou fan Max-en-dy nei it appartemint dêr't er thúsheart. Dêrby besjocht er ferskate foarfallen mei de bewenners fan ferskillende apparteminten krekt as sit er nei de tillefyzje te sjen. Norman Television waard yn 2016 útbrocht as bonusfilmke op 'e dvd en blu-ray fan 'e lange film The Secret Life of Pets.

Weenie[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De koarte film Weenie giet oer in wrâld fan antropomorfe woarstkes (basearre op 'e sêne mei it woarstefabryk yn 'e earste lange film). Dêryn lit de boargemaster fan 'e woarstestêd oan in lyts woarstke dat Timmy hjit sjen hoe geweldich oft it wol net is om woarst te wêzen. Weenie waard yn 2016 útbrocht as bonusfilmke op 'e dvd en blu-ray fan 'e lange film The Secret Life of Pets.

Super Gidget[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e koarte film Super Gidget stelt it dwechkeeshûntsje Gidget (Jenny Slate) har foar hoe't it wêze soe om in superheldinne te wêzen. Yn har deidream rêdt se Max, op wa't se smoarfereale is, fan in legerke boasaardige iikhoarntsjes. Super Gidget waard yn 2019 útbrocht as bonusfilmke op 'e dvd en blu-ray fan 'e lange film The Secret Life of Pets 2.

Fideospultsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e simmer fan 2016 waard yn it ramt fan 'e Secret Life of Pets-franchise troch Electronic Arts it fideospultsje The Secret Life of Pets: Unleashed útbrocht. Dat wie oant 22 maaie 2017 te krijen yn 'e App Store en de Google Play Store.

Muzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ramt fan 'e Secret Life of Pets-franchise binne de folgjende soundtrackalbums ferskynd:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Secret Life of Pets (filmsearje)
lange films
The Secret Life of Pets (2016) • The Secret Life of Pets 2 (2019)
koarte films
Norman Television (2016) • Weenie (2016) • Super Gidget (2019)