De Raven
De Raven | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Raven | |
auteur | Edgar Allan Poe | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | epysk gedicht | |
1e publikaasje | 1845 | |
bondel | The Raven and Other Poems | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Raven | |
publikaasje | 1949, yn De Tsjerne | |
oersetter | Douwe Tamminga |
De Raven, yn it oarspronklike Ingelsk: The Raven, is in gedicht fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). Dit gedicht fertelt it ferhaal fan it riedselich midsnachtlike besyk fan in pratende raven, dy't inkeld it wurd nevermore ("nea wer") seit, oan in oeralle minner dy't treuret om it ferlies fan syn leafste Lenore. Dêrby toant it de stadige delgong fan 'e jongeman nei sljochtsinnigens. The Raven is nei alle gedachten Poe syn meast ferneamde en bewûndere wurk, en it is sûnder mis it meast adaptearre. Dy adaptaasjes nimme gauris de foarm oan fan parodyen wêrby't fral de pratende raven persiflearre wurdt; de fraze Quoth the Raven (argaysk Ingelsk foar "Spriek de Raven") wurdt dan yn 'e regel meisin misbegrepen as de eigennamme fan it bist. The Raven waard foar it earst publisearre yn 1845, yn 'e krante de New York Evening Mirror, en waard al rillegau withoefaak werprinte. It wie sa'n súkses dat it Poe grutte bekendheid besoarge, al die it him yn finansjeel opsjoch net folle fertuten. De earste Fryske oersetting fan The Raven datearret út 1949, en is fan 'e hân fan Douwe Tamminga.
Struktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Raven, dat út 18 kûpletten bestiet fan elk 5 lange regels en ien koartenien, wurdt gauris priizge om 'e muzikaliteit, it stylearre taalgebrûk en knaphandige rym, en de boppenatuerlike sfear dy't derfan útgiet. Poe makket yn The Raven gebrûk fan sawol einrym as yntern rym as alliteraasje. It rymskema is: abcbbb, of, as yntern rym meirekkene wurdt: aa-b-cc-cb-b-b.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn The Raven, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, wurdt in nammeleaze ferteller folge, dy't op in desimbernacht yn boeken mei healfergetten kennis omsneupt om it ferlies fan syn leafste Lenore (yn Tamminga syn oersetting: Lénoar) te ferjitten. Hy is sa slûch dat er kop der suver net mear by hâlde kin, en dan wurdt er ynienen opskrikt troch in klopjen op syn keamersdoar. As er iependocht, is der lykwols nimmen, mar fuort letter wurdt der op syn rút tikke. Hy docht it rút iepen en is ferheard om in raven te sjen, dy't syn keamer binnen stapt en plaknimt op it boarstbyld fan Pallas, boppe de doar.
De ferteller fynt it hâlden en dragen fan 'e fûgel fermaaklik, en gekoanstekkerich freget er de raven om him te fertellen hoe't er hjit, wêr't de fûgel op antwurdet: "Nevermore" ("Nea wer"). De ferteller besaut him deroer dat it bist prate kin, mar merkt by himsels op dat er wol gau wer fuortfleane en út syn libben ferdwine sil, krekt sa't oare freonen dat ek dien hawwe, mar de raven seit fan: "Nevermore". De ferteller riddenearret dan dat it in nuete fûgel wêze moat, dy't grif dat iene wurd fan syn eardere eigner leard hat.
Likegoed giet er fierder mei de raven yn petear, al docht er sels frijwol alle praten. Syn tinzen dwale ôf nei syn ferlerne Lenore, en it is krekt as wurdt de lucht tsjûker en kin er de oanwêzigens fan ingels wol fiele, dat hy freget him ôf oft God him yn 'e foarm fan 'e raven in teken stjoerd hat dat er Lenore ferjitte moat – mar de raven seit fan: "Nevermore". De ferteller fettet dat op as teken dat er nea frij wêze sil fan syn tryste oantinkens, en hy ûntstekt yn grutte grime, wêrby't er de raven útmakket foar in "ûnheilsboade" en in "stille nytger". Einlings, as er de raven freget oft er ea yn 'e himel weriene wurde sil mei Lenore, en dêrop it foarspelbere antwurd kriget, wurdt er alhiel breinroer, skelt it bist út foar leagner en befellet it werom te gean nei de Night's Plutonian shore (Tamminga: "Hades' nacht"), de ûnderwrâld dus. Mar de raven komt net fan syn plak ôf; nei't men oannimme mei sit er op it stuit dat de ferteller syn gedicht foardraacht noch altiten op Pallas' boarstbyld boppe de doar. Uteinlik moat de ferteller tajaan dat syn siel fêstsit ûnder it skaad fan 'e raven en "nevermore" oprize sil.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste Fryske oersetting fan The Raven wie fan 'e hân fan dichter en oersetter Douwe Annes Tamminga (1909-2002), en ferskynde yn 1949 yn it literêr tydskrift De Tsjerne. Deselde oersetting, foarsjoen fan in ynlieding troch Freark Dam, makke yn 1984 diel út it boekje Jaarwisselingsgeschenk 1984-1985, in útjefte fan 'e Friese Pers Boekerij, en waard yn 2011, ûnder de ôfwikende titel De Ballade fan de Raven, jitris publisearre, no as ûnderdiel fan Tamminga syn Samle Fersen, útjûn troch de Stifting FLMD en de Friese Pers Boekerij. In nije Fryske oersetting fan it gedicht waard yn 2008 makke troch Redbad Veenbaas, dy't dy dat jiers publisearre yn it novimbernûmer fan it tydskrift HJIR.
Ferliking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]oarspronklike Ingelske tekst, Edgar Allan Poe | earste Fryske oersetting, Douwe Annes Tamminga |
---|---|
Once upon a midnight dreary, while I pondered, weak and weary, |
Op in hjerstnacht doe't it rûze, wylst ik wurch en heal yn dûze |
Foar de folsleine Ingelske tekst, sjoch op Wikisource, hjirre. Foar de folsleine Fryske oersetting, sjoch de hjirûnder oanjûne ûnderskate boarnen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |