Springe nei ynhâld

Alliteraasje

Ut Wikipedy

Fan alliteraasje, ek begjinrym, stêfrym of letterrym neamd, sprekt men by gelykheid fan klank (rym) oan it begjin fan de beklamme wurdlidden.

  • Mei twa wurden:
    • dream - doarp
    • Frysk - frij
  • Mei mear wurden:
    • hearlik - helder - Heineken
  • yn gearstallingen:
    • blombêd
    • heidehipper
    • miggemoanne
    • Top-en-Twel

Begjinrym wurdt ek wol Germaansk rym neamd, omdat it in soad brûkt wurdt yn de Germaanske en Noarske mytology en literatuer, lykas Skaldenpoëzij.

Fan Guido Gezelle komt de definysje: Stêfrimen binne stapstiennen wêrop men steunt mei de stimme.

In twatal bekende foarbylden fan begjinrijm is it rymke
Wa wit wêr't Willem Watze Wever wennet? Willem Watze Wever wennet witwêr!

Begjinrym komt faak foar yn siswizen: peal en perk, leaf en leed, skots en skeef, mei man en mûs, hûs en hurd.

In protte albums fan Suske en Wiske hawwwe in titel mei begjinrym, krektas de boekesearje fan Bob Evers. Yn it Suske en Wiskealbum: De geverniste zeerovers stean op ien heale side allinnich mar wurden dy 't mei in V begjinne. ("Verbrijzelen van verre vraagt van volwassen verschutters veel vakmanschap")

Begjinrijm is ek populêr yn nammen fan stripfigueren: Donald Duck, Mickey Mouse en Bulle Bas.

Keppeling om utens - Boarne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]