Springe nei ynhâld

Tennessee Orange

Ut Wikipedy
Tennessee Orange
algemiene ynformaasje
artystMegan Moroney
albumLucky
taalIngelsk
sjenrecountry
útbrochtoktober 2022
opnommen2022
doer3:49
labelArista Nashville / Columbia
skriuwerMegan Moroney, Ben Williams,
David Fanning, Paul Jenkins
produsintKristian Bush
fideoclip
Tennessee Orange op YouTube
resultaten
hitlistennû. 10 Country Airplay
nû. 12 Hot Country Songs
nû. 53 Billboard Hot 100
sertifisearreflagge fan de Feriene Steaten (4× platina)
flagge fan Kanada (2× platina)
flagge fan Nij-Seelân (goud)

Tennessee Orange is in liet fan 'e Amerikaanske countrysjongster Megan Moroney dat yn 2022 as single útbrocht waard. It wie Moroney har earste grutte hit en foarme har trochbraak as artyst. Tennessee Orange, wêrfan't de titel ferwiist nei it oranje (mei wite) tenu dat droegen wurdt troch de Tennessee Volunteers, it Amerikaansk fuotbalteam fan 'e Universiteit fan Tennessee, waard yn 'e Feriene Steaten sertifisearre as fjouwer kear platina.

Megan Moroney skreau Tennessee Orange yn 'e mande mei sjonger Ben Williams en lietsjeskriuwers David Fanning en Paul Jenkins. It nûmer waard produsearre troch Kristian Bush, de manlike helte fan it duo Sugarland. It waard yn 't earstoan yn eigen behear troch Moroney útbrocht. Doe't se der súkses mei krige, waard har in platekontrakt oanbean troch Arista Nashville, dat se oannaam. Wylst Tennessee Orange opklom yn 'e hitlisten, waard dat platelabel lykwols opdoekt, sadat Moroney bedarre by Columbia Records, in oar label fan deselde memme-ûndernimming, Sony Music Nashville. Dêr kaam yn maaie 2023 it album Lucky út, dêr't Tennessee Orange op stie.

Yn Tennessee Orange skillet de ik-persoan har mem op om te fertellen dat se wat dien hat dat thús, yn Georgia, as sûndigjen beskôge wurdt. Se freget har mem om it geheim te hâlden foar har heit, want dy soe raar guod spuie as er it hearde. Pas yn it refrein komt it hege wurd derút: se is fereale rekke op en hat in relaasje krigen mei in jonge út Tennessee. Se is sa smoar dat se foar him dingen docht dy't se noch nea earder dien hat: se draacht Tennessee-oranje foar him.

Dat is in ferwizing nei de yntinse rivaliteit tusken fans fan 'e Georgia Bulldogs, it Amerikaansk fuotbalteam (en oare sportteams) fan 'e Universiteit fan Georgia út Athens (dy't read-mei-swarte tenu's drage) en de Tennessee Volunteers, it Amerikaansk fuotbalteam (en oare sportteams) fan 'e Universiteit fan Tennessee út Knoxville (dy't oranje en wyt as teamkleuren hawwe).

De ik-persoan giet fierder mei har besykjen om har mem derfan te oertsjûgjen dat har nije frijer in goed persoan is ("hy docht doarren foar my iepen en makket my nea oan it gûlen" en "hy komt hiel earne oars wei, mar by him fiel ik my thús"). Hoewol't se der altyd better útsjoen hat as se klaaid is yn it read, en ek al wol se noch altyd dat de "Dawgs" (in flaainamme foar de Bulldogs) winne, dochs leart se no de wurden fan Rocky Top (it ûnoffisjele striidliet fan 'e Tennessee Volunteers) en draacht se oranje foar him.

Tennessee Orange waard begjin oktober 2022 útbrocht fia online-streaming. It waard yn koarte tiid tige populêr nei't it viral gien wie op it sosjaal medium TikTok. Op 14 oktober 2022 krong it liet troch yn 'e pophitlist Billboard Hot 100, dêr't it binnenkaam op nûmer 94. It groeide út ta in grutte hit en berikte it tolfde plak yn 'e Hot Country Songs, it tsiende plak yn 'e Country Airplay en it 53e plak yn Billboard Hot 100. Tennessee Orange waard sertifisearre as in platina plaat. Uteinlik waard de single yn 'e Feriene Steaten fjouwer kear platina, yn Kanada twa kear platina en yn Nij-Seelân goud.

Tennessee Orange wûn yn 2023 de CMT Music Award foar froulike trochbraakfideoclip fan it jier. Itselde jiers waard de single nominearre foar de Country Music Association Award foar liet fan it jier en foar de CMT Music Award foar digitaal optreden fan it jier. Yn 2024 waard it liet ek noch nominearre foar de Academy of Country Music Award foar liet fan it jier en foar fisuele media fan it jier.

Spekulaasje oer Tennessee Orange

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e fideoclip fan Tennessee Orange draacht Megan Moroney in Tennessee Volunteers-shirt fan sjonger Morgan Wallen. Dat late yn 'e Amerikaanske media ta spekulaasjes oer de fraach oft it liet oer him gie, temear om't Moroney sjongt dat har frijer blauwe eagen hat, wat in lichemsskaaimerk fan Wallen is. Doe't se frege waard oft se in relaasje mei Wallen hie, hold Moroney har yn 't earstoan op 'e flakte. Yn 2024 befêstige se yndie in relaasje mei Wallen hân hie, hoewol't it neffens har nea sa serieus "oan" west hie as yn 'e fideoclip.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: