Megan Moroney

Ut Wikipedy
Megan Moroney
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Megan Ann Moroney
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 9 oktober 1997
berteplak Savannah (Georgia)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
sjenre country
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint stim, gitaar, piano
grutste hit(s) Tennessee Orange
jierren aktyf 2020 – no
offisjele webside
www.meganmoroney.com

Megan Moroney (folút: Megan Ann Moroney; Savannah, 9 oktober 1997) is in Amerikaansk sjongster fan countrymuzyk. Hja hie yn 2022 en 2023 har earste grutte hit mei de single Tennessee Orange.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moroney waard yn 1997 berne yn Savannah, yn 'e Amerikaanske steat Georgia. As bern harke se al in protte nei countrymuzyk en teffens learde se doe pianospyljen. Nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, studearre Moroney digitale marketing en muzykbedriuwskunde oan 'e Universiteit fan Georgia yn Athens, in foarstêd fan Atlanta. Yn dy snuorje wie se al begûn mei it fersoargjen fan optredens as countrysjongster en foarme se it foarprogramma by in konsert foar Chase Rice en by in konsert fan Kristian Bush fan it duo Sugarland.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't se klear wie mei har stúdzje ferfear Moroney yn 2020 nei Nashville yn Tennessee, it mekka fan 'e countrymuzyk, om in karriêre as sjongster nei te stribjen. Se wie yn kontakt bleaun mei Kristian Bush, dy't har dêre by oare liettsjeskriuwers yntrodusearre. Yn 2021 brocht Moroney har earste single út, mei as titel Wonder. Dy berikte de hitlisten net, mar late wol ta it opnimmen fan 'e EP Pistol Made of Roses, dy't yn july 2022 útkaam.

Yn oktober 2022 folge Moroney har twadde single, Tennessee Orange, dy't troch Bush produsearre waard. It liet waard troch online-streaming populêr en behalven yn 'e country-hitlisten krong it ek troch yn 'e pophitlist Billboard Hot 100. It groeide út ta in grutte hit, dy't sertifisearre waard as in platina plaat. It berikte it tolfde plak yn 'e Hot Country Songs, it tsiende plak yn 'e Country Airplay en it 53e plak yn Billboard Hot 100.

Troch it súkses fan Tennessee Orange krige Moroney in platekontrakt oanbean troch Arista Nashville, dat se oannaam. Wylst it liet opklom yn 'e hitlisten, waard dat platelabel lykwols opdoekt, sadat Moroney bedarre by Columbia Records, in oar label fan deselde memme-ûndernimming, Sony Music Nashville. Sadwaande kaam yn maaie 2023 by Columbia har earste album út, dat de namme Lucky droech.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e fideoclip fan Tennessee Orange droech Moroney in Tennessee Volunteers-shirt fan sjonger Morgan Wallen, mar se hold har op 'e flakte doe't har frege waard oft dat betsjutte dat se in relaasje mei him hie.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums
útbrocht titel label prizen en nominaasjes resultaat
5 maaie 2023 Lucky Columbia Records n.f.t. n.f.t.
EP's
útbrocht titel label prizen en nominaasjes resultaat
15 july 2022 Pistol Made of Roses Arista Nashville n.f.t. n.f.t.

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier titel prizen en nominaasjes resultaat album
2021 Wonder n.f.t. n.f.t. Pistol Made of Roses
2022 Tennessee Orange CMT Music Award foar froulike trochbraakfideoclip fan it jier
CMT Music Award foar optreden fan it jier
flagge fan de Feriene Steaten (platina) Lucky

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.