Springe nei ynhâld

Teatsen

Ut Wikipedy

Teatsen is in yn Wergea troch Jelle Dijkstra en Wietse Veenstra ûntwikkele mingfoarm fan tennisjen en keatsen.

Yn haadsaak jilde de keatsspulregels mei in tal oanpassings:

  • Der wurdt spile mei in tennisracket.
  • De bal dy't brûkt wurdt is in plastifisearre rubberbal, sa'n 6 sintimeter yn trochsneed.
  • De bal mei net yn ien kear oer de boppe slein wurde. Hy moat op syn minst ien kear yn it spylfjild stuitsje.
  • Der wurdt mar ien partij tagelyk op in fjild spile.
  • It spylfjild is 20 by 60 meter

Yn Wergea wurde sûnt 1994 "wrâldkampioenskippen" hâlden. Oan de earste kampioenskippen namen fuort al 32 partoeren of 96 spilers diel. It spul hat neifolging krigen by in grut tal keatsferienings dy't alle jierren ien as mear rekreative teatswedstriden organisearje.

Wrâldkampioenen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wergeaster Kampioenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]