Springe nei ynhâld

Taylor Hawkins

Ut Wikipedy
Taylor Hawkins
sjonger en/of muzikant
Taylor Hawkins yn 2017
Taylor Hawkins yn 2017
persoanlike bysûnderheden
echte namme Oliver Taylor Hawkins
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 febrewaris 1972
berteplak Fort Worth
stoarn 25 maart 2022
stjerplak Bogotá, flagge fan Kolombia Kolombia
wurkpaad
sjenre Rock
Hardrock
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Drums
grutste hit(s) Walk
Rope
The Pretender
jierren aktyf 19902022

Oliver Taylor Hawkins (Fort Worth, 17 febrewaris 1972Bogotá, 25 maart 2022) wie in Amerikaansk drummer. Hy waard benammen bekend fan de band Foo Fighters.

Hawkins begûn by de eksperimintele band Sylvia en wie yn 1994 drummer yn de begeliedingsband fan Sass Jordan ûnder har Europeeske toernee. By it lêste optreden yn Hollywood learde er Alanis Morissette kinnen, fan 1995 oant maart 1997 wie er drummer by Morrisette's begeliedinngsband Sexual Chocolate, hy wie ek te sjen yn in tal fideoclips fan Alanis Morissette.

Taylor Hawkins yn 2018

Begjin 1997 krige Hawkins in tillefoantsje fan Dave Grohl mei de fraach of't er in drummer wist foar syn band Foo Fighters om 't se krekt harren drummer William Goldsmith ûntslein hiene. Taylor bea himsels oan en sadwaande waard hy de nije drummer fan de Foo Fighters. Hawkins wie foar it earst te sjen as drummer fan de band yn de fideoclip fan it nûmer Monkey Wrench hoewol't it nûmer sels ynspyle wie troch Grohl. Njonken drumme song Taylor ek in tal nûmers yn, ynstee fan Dave Grohl; sa is er te hearren op de nûmers Cold Day in the Sun en op in tal covers dy't de band opnaam hat.

Yn de simmer fan 2001 naam Taylor Hawkins wilens in toernee yn Europa in oerdoasis heroïne, wêrtroch't er twa wiken yn koma lei.

Njonken Foo Fighters hat Taylor Hawkins oan in tal oare projekten en bands meiwurke. Sa brocht er mei syn eigen band Taylor Hawkins & The Coattail Riders trije albums út.

Yn 2012 waard bekend makke dat Hawkins de rol fan Iggy Pop op him nimme soe yn de film CBGB oer de klup mei deselde namme. Yn 2014 ferskynde in album fan it projekt, The Birds of Satan, dêr't ek ferskate Foo Fighters op meispylje. Ek spile Taylor Hawkins yn in Police-coverband. Police-drummer Stewart Copeland wie ien fan syn foarbylden.

Taylor Hawkins waard berne yn Fort Worth Teksas, as jongste yn in gesin fan trije. Yn 1976 ferhuze de famylje nei Laguna Beach Kalifornje dêr't er fierder opgroeide. Hawkins boaske yn 2005 en krige mei syn frou trije bêrn.

Yn 2022 soe Hawkins mei de Foo Fighters op toernee troch Súd-Amearika, mar op 25 maart 2022, krekt foar in optreden yn Bogotá oan it begjin fan it toernee, waard Taylor dea fûn yn syn hotelkeamer.[1][2]. Hawkins waard 50 jier âld. Letter die bliken dat er stoarn wie oan in kombinaasje fan drugs en medisinen.

Yn septimber dat jier joegen de Foo Fighters twa konserten ta neitins oan Hawkins, de earste yn it Wembley Stadium yn Londen, en de twadde yn it Kia Forum yn Los Angeles. Syn soan Shane Hawkins, spile yn it Wembley Stadium by it nûmer "My Hero" op de drums.

Album Utbrocht op Band Single(s)
There Is Nothing Left to Lose 2 novimber 1999 Foo Fighters Learn to Fly,
Stacked Actors,
Generator,
Breakout,
Next Year
One by One 22 oktober 2002 All My Life,
Times Like These,
Low,
Have It All
In Your Honor 14 juny 2005 Best of You,
DOA,
Resolve,
No Way Back/Cold Day in the Sun
Taylor Hawkins and the Coattail Riders 21 maart 2006 Taylor Hawkins & The Coattail Riders Louise/It's OK Now
Echoes, Silence, Patience & Grace 25 septimber 2007 Foo Fighters The Pretender,
Long Road to Ruin,
Cheer Up, Boys (Your Make Up Is Running),
Let It Die
Red Light Fever 20 april 2010 Taylor Hawkins & The Coattail Riders
Wasting Light 12 april 2011 Foo Fighters Rope,
White Limo,
Walk,
Arlandria,
These Days,
Bridge Burning
The Birds of Satan 15 april 2014 The Birds of Satan Thanks for the Line
Sonic Highways 10 novimber 2014 Foo Fighters Something from Nothing,
The Feast and the Famine,
Congregation,
What Did I Do? / God as My Witness,
Outside
Concrete and Gold 15 septimber 2017 Run,
The Sky Is a Neighborhood,
The Line
Get the Money 8 novimber 2019 Taylor Hawkins & The Coattail Riders
Medicine at Midnight 5 febrewaris 2021 Foo Fighters Shame Shame,
No Son of Mine,
Waiting on a War,
Making a Fire,
Love Dies Young

As gastmuzikant

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nûmer(s) Album Utbrocht yn Mei band
Parasite,
Mr. Darkness,
Evil Shuffle
Patient Number 9 2000 Ozzy Osbourne


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: