Springe nei ynhâld

Laguna Beach (Kalifornje)

Ut Wikipedy
Laguna Beach
Emblemen
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Orange
Sifers
Ynwennertal 23.250 (2013)
Oerflak 25,4 km² (ynkl. wetter)
22,9 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 890 / km²
Stêdekloft 12.828.837 (2012)
Hichte 6 m
Oar
Stifting 1887
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 33°31′53″N 117°46′09″W
Offisjele webside
www.lagunabeachcity.net
Kaart
De lizzing fan Laguna Beach yn Orange County en yn 'e steat Kalifornje.

Laguna Beach is in stêd yn n 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Súdlik Kalifornje, oan 'e súdkust fan Orange County. Neffens in offisjele skatting út 2013 wennen der doe goed 23.000 minsken. Laguna Beach heart ta de gruttere stêdekloft fan Los Angeles, dy't krapoan 13 miljoen ynwenners telt. It is in baaiplak, dat yn ekonomysk opsjoch sterk ôfhinklik is fan it toerisme, mei't it jiers troch nei skatting 3 miljoen minsken besocht wurdt.

Minsklike bewenning fan Laguna Beach giet yn elts gefal 11.700 jier tebek. Yn 'e histoaryske perioade waard it gebiet bewenne troch de Tongva-Yndianen. De earste blanken dy't de krite oandiene, wiene Spaanske misjonarissen, yn 'e iere sechstjinde iuw. Mei de rest fan Opper-Kalifornje hearde Laguna Beach earst iuwenlang by de Spaanske koloanje Nij-Spanje, dy't yn 1821 ûnder de namme Meksiko ûnôfhinklik waard. Nei de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch kaam it gebiet yn 1848 by de Feriene Steaten te hearren.

Under it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo, dêr't de oarloch mei beëinige waard, moasten de Amerikanen it grûnbesit troch Meksikanen yn Opper-Kalifornje respektearje, en sa bleau de krite fan Laguna Beach ek neitiid eigendom fan in José Antonio Andres Sepúlveda. Troch drûchte waard dy lykwols yn 1864 twongen om it lân te ferkeapjen oan 'e Amerikaanske grutgrûnbesitter James Irvine. Dy dielde de grûn op yn perselen en ferkocht dy troch oan 'e kolonisten út 'e eastlike Feriene Steaten dy't nei de ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) massaal nei it westen teagen.

Yn 1876 waard de delsetting Arch Beach stifte troch de bruorren William en Lorenzo Nathan "Nate" Brooks. Yn 'e 1880-er jierren groeide dat plakje stadich troch, oant it yn 1887 ûnder de namme Lagona (sic) in eigen postkantoar krige, wat doedestiden in teken wie dat in wenkearn as sadanich erkend waard troch de Amerikaanske oerheid. Yn 1888 waard it earste hotel yn 'e delsetting boud, en yn 1904 slagge it de pleatslike postmaster Nicolas Isch om 'e namme fan it plakje feroare te krijen yn Laguna Beach. Tsjin dy tiid wie it al populêr wurden as toeristyske bestimming.

Fanôf de jierren 1910 waard Laguna Beach, fanwegen de natoerskientme en de neite ta Hollywood, in favoryt plak om films op te nimmen. Ek keunstskilders, fotografen en skriuwers setten har der nei wenjen, wêrmei't it ynwennertal tsjin 1920 oanwoeksen wie ta sa'n 300 minsken. De reden foar dat lytse ynwennertal wie de drege (en iennichste) tagong fia it lange en krinkeljende paad troch de Laguna Canyon. Doe't it gebiet yn 1926 ûntsletten waard troch de oanlis fan 'e Pacific Coast Highway, begûn de befolking fluch te groeien, nei 1.900 yn 1927 en mear as 10.000 yn 1962. Yn 1927 krige Laguna Beach stedsrjochten. Yn 'e sechtiger en iere santiger jierren wie it in sintrum fan 'alternative' subkultueren.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Laguna Beach 18,3% âlder as 65 jier en 16,1% jonger as 18 jier. Fierders bestie 45,6% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 6,3% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 85,7% blanken; 7,3% Latino's; 3,6% Aziaten; 0,8% swarten; 0,3% Yndianen; 2,3% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Laguna Beach hat in Mediterraan klimaat, mei oangenaam waarme simmers en tige mylde winters. Yn augustus en septimber, de waarmste moannen, is de trochsneed temperatuer oerdeis 27 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 19 °C. Laguna Beach kriget jiers trochinoar 344,4 mm delslach; snie is der ûnbekend.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.