Swurddrager
Swurddrager | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme | Bewuollet-Syn-Sturt (Wraps-Up-His-Tail) | |
nasjonaliteit | Kriesk | |
berne | ±1865 | |
berteplak | op 'e noardlike Grutte Flakten (Feriene Steaten) | |
stoarn | novimber 1887 | |
stjerplak | yn it Krieë Reservaat (Montana) | |
etnisiteit | Kriesk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | haadman fan 'e Krieën | |
aktyf as | medisynman | |
reden bekendheid |
late in opstân tsjin 'e Feriene Steaten |
Swurddrager (Ingelsk: Sword Bearer; op 'e noardlike Grutte Flakten (Feriene Steaten), ±1865 – yn it Krieë Yndianereservaat (Montana), novimber 1887) wie in haadman en medisynman fan 'e Krieën (Crow), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Yn 1887 late er in rebûlje tsjin 'e Amerikanen dy't bekend kaam te stean as de Krieë-Oarloch.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swurddrager waard omtrint 1865 berne yn it noardlike diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, wierskynlik yn Montana of Wyoming. Hy hiet eins fan Bewuollet-Syn-Sturt (Wraps-Up-His-Tail), mar krige de namme 'Swurddrager' nei't er as jongeman in fizioen hân hie, wêryn't him ferteld waard dat hy en syn folgelingen tsjin alle foarmen fan ferwûning beskerme wêze soene as er in swurd (eins in kavalerysabel) meinaam yn 'e striid. Doe't yn 1887 de Swartfuotten, in buorfolk dêr't de Krieën oanhâldend mei yn oarloch wiene, by in oerfal in keppel hynders bútmakken op 'e Krieën, brocht Swurddrager tsjin 'e winsken fan 'e Krieske opperhaden yn in kloft jonge krigers gear foar in tsjinoerfal. Dêrby wist er sûnder ferliezen de hynders werom te stellen.
Werom yn it Krieë Reservaat woe Swurddrager mei syn oerwinning pronkje foar de Yndiaanske agint, in Henry E. Williamson, mar it rûntsjeriden fan in groep yn 'e loft sjittende Yndianen om 'e amtswente fan dy man hinne wie sa bedriigjend dat er it Amerikaanske Leger tillegrafearre dat er oanfallen waard. Doe't Swurddrager in pear dagen letter hearde dat er socht waard troch it Amerikaanske Leger, sette er mei in tweintichmannich krigers ôf nei Fort Custer om it leger syn magyske swurd sjen te litten. By it fort seagen de soldaten de oankomst fan 'e krigers lykwols foar in oanfal oan, en sadwaande besochten se harren te besjitten mei kanonnen. No woe it tafel dat it de foargeande nacht slim reind hie, en mei't it krûd wiet wurden wie, wegeren de kanonnen tsjinst. Dat bewiisde oan 'e foar it meastepart noch skeptyske Krieën dat Swurddrager syn magyske sabel wier beskerming bea.
Nei de konfrontaasje by it fort flechte Swurddrager in pear hûndert folgelingen de Bighorn-bergen yn. It leger sette him efternei, en oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn kaam it ta in treffen dat de skiednis yngie as de Slach by Crow Agency. Dêrby boekten de Amerikanen in klinkende oerwinning en rekke Swurddrager ferwûne. Neitiid loek er him mei in lyts groepke fertroulingen fierder yn 'e bergen werom. De opperhaden fan 'e Krieën stjoerde de Yndiaanske plysje efter him oan, en oan harren joech Swurddrager him úteinlik oer. Op 'e weromweis út 'e bergen waard er troch in plysjeman yn 'e holle sketten en sa stânrjochtlik eksekutearre, mooglik op befel of mei meiwitten fan 'e opperhaden, dy deabenaud wiene dat Swurddrager de freonskiplik relaasje tusken de Krieën en de Amerikaanske autoriteiten bliuwende skea tabringe soe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |