Springe nei ynhâld

Switserlân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Switserske Bûnssteat)
Schweizerische Eidgenossenschaft
Confédération suisse
Confederazione Svizzera
Confederaziun svizra
Confoederatio Helvetica
Flagge fan Switserlân Wapen fan Switserlân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Switserlân
Offisjele taal Dútsk, Frânsk, Italjaansk, Retoromaansk
Haadstêd Bern
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
41.285 km²
4,2­%
Ynwenners (2006) 7.507.300
Munt Switserske frank (CHF)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 1 augustus
Lânkoade CHE
Ynternet .ch
Tillefoan 41
De berch Dent Blanche mei 4357 meter is ien fan de heechste bergen yn Switserlân

Switserlân (Dútsk: Schweiz, Frânsk: Suisse, Italjaansk: Svizzera, Retoromaansk: Svizra, Latynsk: Helvetia), offisjeel de Switserske Bûnssteat, de Switserske Konfederaasje of it Switsersk Eedgenoatskip (Dútsk: Schweizerische Eidgenossenschaft, Frânsk: Confédération suisse, Italjaansk: Confederazione Svizzera, Retoromaansk: Confederaziun svizra, Latyn: Confoederatio Helvetica) is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Bern.

De Switserske Konfederaasje wurdt ek wol de Switserske Eedgenoatskip (Dútske: Eidgenossenschaft) neamd. It bûn fan de saneamde oerkantonnen Uri, Schwyz en Unterwalden wie de basis foar it lettere Switserlân. De fertsjintwurdigers fan dy trije oerkantonnen hawwe yn 1291 swoarn dat se inoar bystean soenen tsjin oanfallen fan bûten. Mei de Frede fan Westfalen wurdt Switserlân syn steatsrjochtlike ûnôfhinklikheid formeel erkend. Switserlân yn syn hjoeddeistige bestjoerlike foarm bestiet sûnt. De namme Switserlân (Dútsk: Schweiz) komt fan it oerkanton Schwyz.

It lân is bestjoerlik opdield yn 26 kantonnen en hat op nasjonaal nivo fjouwer offisjele talen: Dútsk, Frânsk, Italjaansk en Retoromaansk. Dy fjouwer talen skiede it lân yn fjouwer kultuer- en taalgebieten. De ynternasjonale lânkoade is CH, de ôfkoarting fan it neutrale Latynske Confoederatio Helvetica, om foar te kommen dat net ien fan de fjouwer amtstalen boppe de oare steld wurde moat.

De nasjonale identiteit fan Switserlân en de mienskiplik ferbûnens fan de Switsersen wurde net ûntliend oan in mienskiplike taal, etnisiteit of leauwen. In binende ynterkulturele faktor is it fertrouwen yn de direkte demokrasy, in hege mate fan lokale en regionale autonomy en de iuwenâlde reewilligens om ta kompromissen te kommen yn politike fraachstikken.

Switserlân wurdt begrinzge troch:

Mei 41.285 km2 bedekt Switerslân 1,5 persint fan de oerflakte fan de hiele ierde. 37 persint wurdt aktyf brûkt en 6,8 persint is bewenne. Fan it noarden nei it suden mjit it lang maksimaal 220 kilomter, de langste ôfstân fan west nei east is 348 kilomter.

It gea falt útien yn berch- en heuvelgroepen, rivieren en marren. Dêrtroch is Switserlân in Alpenlân by útstek. It heechste punt is de Dufourspitze mei in maksimale hichte fan 4.634 meter. It leechste punt leit yn it kanton Ticino op de Langensee en hat in hichte fan 193 meter.

Fan noardwest nei súdeast is Switserlân rûchwei yn trije geografyske lânsdielen te ûnderskieden:

  • De Jura yn it noardwesten bedekt 10% fan it hiele lân. Yn trochsneed leit it berch-/heuvellân op sa'n 700 meter hichte boppe seenivo. Der flakke dielen dy't brûkt wurde kinne foar de lânbou. Dêrneist binne der deltes yn it lân dêr't rivieren trochhinne slingerje.
  • It middellân (Dútsk: Mittelland) bedekt sa'n 30% fan Switerslân. Twatredde diel fan de befolking wennet dêr. It lân is relatyf flak en it klimaat is mylder as yn de bergen fan de Jura en it Alpengebiet. Sawat alle grutte stêden lizze yn it middellân.
  • De Alpen meitsje 60% fan it lân út. Mei in breedte fan 200 kilometer en in gemiddelde hichte fan 1700 meter binne de Alpen in klimatologyske barriêre. Dêrtroch is it klimaat noardlik fan de Alpen oars as súdlik fan de Alpen.

De grutste marren fan it lân binne: de Bodenmar en de Mar fan Genêve. De wichtichste rivieren binne de Ryn mei syn sydrivier de Aare, en fierders de Rône en de Inn, dy't alle trije yn Switserlân ûntspringen. Yn Switserlân foarmet it Gotthardmassyf de wetterskieding tusken de rivieren dy't útkomme yn de Noardsee, de Swarte See, de Adriatyske See en de Middellânske See. Seis persint fan de Europeeske wetterfoarried leit yn de Switserske rivieren en marren. In karakteristyk diel fan de Alpen binne de gletsjers. Dy bedekke sa'n 1000 km2, sa'n trije persint fan it hiele lân.

Fanâlds binne der talrike berchpassen dy't Itaalje mei Noard-Europa ferbinen. Foar it treinferkear waard yn 1882 de Gotthard-Eisenbahntunnel iepensteld. Sûnt 1980 bestiet der in 17 kilometer lange tunnel troch de Gotthard.

De haadstêd is Bern. Oare wichtige stêden binne ûnder oaren Surich (de grutste stêd), Genêve, Bazel en Lausanne.

Der is in grut ferskaat oan klimaten yn Switserlân, fan in poalklimaat yn it heechberchtme oant en mei in mediterraansk klimaat yn Tisino. Lykwols giet it klimaat yn it generaal oer fan in lânklimaat nei seeklimaat en hearket yn de hegere dielen fan de Alpen in heechberchtmeklimaat. De jierlikse trochsnee temperatuer yn july is yn Genêve 19,3 graden, in Zürich 17,6 graden en yn it súdlike Lugano 21,1 graden.

Aldste bewenning

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Switserlân yn de Romeinske tiid

De âldste spoaren fan minsklike bewenning binne sa likernôch 150.000 jier âld. Yn it kanton Graubünden binne rotstekeningen, dy't trijetûzen jier foar Kristus makke binne. Bysûnder binne de prehistoaryske bouwurkingen op peallen. De âldsten datearje út de fjirde iuw foar Kristus. Sokke delsettingen binne rûnom yn Switserlân fûn. De bewenners bouden de wenningen op peallen om sa mear agrarysk lân bebuorkje te kinnen. Gauris waarden de pealwenningen troch heechwetter ferneatige. Nettsjinsteande de kwetsberheid waarden oer in tiidrek fan 3.000 jier bouwurken op peallen boud.

Om 200 foar Kristus wurde de Helvetii yn oarkonden neamd as bewenners fan it hjoeddeistige Switserlân. De Helvetii binne in Keltyske stam dy't om it jier 50 foar Kristus oermastere waarden troch de Romeinen. Hjoed-de-dei ferwiist de Latynske namme fan Switserlân (Confoederatio Helvetica) nei de âlde stamme. Yn de tredde en fjirde iuw feroveren de Romeinen stap foar stap dielen fan Switserlân. De Rine waard de noardgrins fan it Romeinske Ryk. Under it Romeinske bewâld wie Switserlân gjin bestjoerlike ienheid, it gea lei ferdield oer fiif Romeinske provinsjes. Oan wichtige berchpassen en hannelsrûtes stiften de Romeinen stêden.

Yn de tredde iuw nei Kristus feroverje de Allemannen, in Germaanske stam, de Romeinske fêstingen oan de Rine en besetten it middellân. Boergonden feroveren it westlike diel fan it hjoeddeistige Switserlân en de súdlike dielen fan it hjoeddeistige Frankryk. Mei de Franken yn Frankryk namen de Allemannen de taal en kultuer fan de Romeinen oer. Ut it âlde Latyn ûntwikkele stadichwei it moderne Frânsk. De Allemannen holden harren eigen taal en kultuer. It kristendom, ynfierd troch de Romeinen, wreide him stadichoan út en troch it lânbesit koe de tsjerke linkendewei machtiger wurde.

Yn de 8e iuw hearde it eastlike diel fan Switserlân al by it Eastfrankyske Ryk, wat justjes letter it Hillige Roomske Ryk wurde soe. Yn de 11e iuw waard it hiele gebiet ûnder de kroan fan it Hillige Roomske Ryk brocht. Oant en mei it begjin fan de 13e iuw wienen de gebieten Uri en Schwyz ryksûnmidlik. De ryksûnmidlikheid wie ornaris in privileezje dat oan stêden jûn waard en net oan lânlike regio's. In tige belangryk momint wie yn it jier 1220: Yn dat jier wurdt de Gotthardpas iepene en sa waarden de gebieten noardlik fan de pas (Uri en Schwyz) ta oantreklike regio's omdat se dêrtroch de kontrôle krigen oer wichtige hannelsrûtes.

De eed fan 1291.

As bertejier fan Switserlân kin it jier 1291 beskôge wurde. Yn dat jier waarden de oerkantons Uri, Schwyz en Unterwalden in bûn sûnder fiergeande ferplichtingen. Fertsjintwurdigers fan de trije gebieten ferwissigen elkoar troch de Rütli-Schwur fan mienskiplike stipe tsjin fijannen fan bûten. Reden dêrfoar wie de dea fan Rudolf von Habsburg, fan wa't de Switsersen in protte frijheden krigen. Hjoed-de-dei jildt de Rütliwiese am Vierwaldsträttersee as Switser frijheidssymboal. In namme dy't faak neamd wurdt yn kombinaasje mei de eed is Wilhelm Tell. Hy soe de kweade fâld Gessler, dy't út namme fan de Habsburger it bewâld fierde yn de regio, deade ha. Hjoed-de-dei is men fan betinken dat Wilhelm Tell net mear as in myte is, dy't út de eangsten en soargen fan it folk ûntstien is.

De eedgenoaten ferdigenen harren lân yn ferskate opstannen tsjin de oerhearskers, wat yn it foarste plak de Habsburgers wienen. Troch de trouwe bân tusken de eedgenoaten koene se de Habsburgers kear nei kear ferslaan. It selsfertrouwen fan de eedgenoaten waard sterker en út de Slach fan Sempach ûntstiet de earste nasjonale held fan Switserlân: Arnold von Winkelried. Hy soe him dapper yn de lânsen fan de frijân wurpen ha, om sa plak te meitsjen foar oare Switserske troepen. Of hy werklik libbe hat is ûnwis. Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk besocht op 't lêst fan de 15e iuw noch ien kear de eedgenoaten ûnderhearrich te meitsjen. Syn plan slagge net. Fuort dêrop folge de Swabenkriich wêrtroch de eedgenoaten definityf ûnôfhinklik waarden fan de Habsburgers.

De reformaasje ferdielde de eedgenoaten yn twa groepen. De saneamde Protestanten wienen tsjin de autoriteit fan de paus, de Roomsken bleaunen krekt trou oan de paus. Yn Switserlân wienen Ulrich Zwingli en Johannes Kalvyn de wichtichste herfoarmers. Nei ferskate konflikten kamen de ferskillende partijen oerien, de religieuze kar fan harren lânslju te akseptearjen. Yn de Tritichjierrige Oarloch bleaunen de eedgenoaten neutraal. Sy woenen net behelle wurde yn it grutte Europeeske konflikt omdat it lân troch syn religieuze en kulturele ferskaat oars as ienheid út elkoar falle koe. Hja holden fêst oan harren lânsgrinzen, dy't se mei wapengeweld ferdigenje soenen. De selsstannigens fan de Switsersen waard pas erkend by de Frede fan Westfalen yn 1648, dy't sawol oan de Tachtichjierrige Oarloch as de Tritichjierrige Oarloch in ein makke. Nei ferrin fan tiid sleaten ek oare kantons har oan by de Switserske federaasje.

De 18e iuw ferrûn rêstich en mei grutte foarútgong yn de lânbou en yndustry. Der ûntstienen yntellektuele en pattriottyske bewegingen dy't kontakten hienen mei lyksoartige bewegingen yn it bûtenlân. Yn tsjinstelling ta it bûtenlân wreide yn Switserlân it lokale patriottisme him út. De basis fan de Frânske revolúsje mei syn frijheid, gelikensens en bruorskip waard entûsjast yn Switserlân ûntfongen. Dat feroare doe't de troepen fan Napoleon dielen fan Switserlân besetten. Nei ferset fan de stêd Bern koe Napoleon de rest fan Switserlân ynnimme. Dat wie de ein fan it âlde eedgenoatskip. Yn april 1798 ûntstie de sintralistyske Helvetyske Republyk. Nei wat opskuor krige de republyk in nije grûnwet, dy't romte joech oan it âlde kantonale systeem. De eedgenoaten krigen harren neutraliteit ek werom, ûnder it betingst dat sy soldaten leveren foar it Frânske leger. Nei de Frânske tiid waard op it Kongres fan Wenen de Switserske neutraliteit befêstige.

It moderne Switserlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Switserlân is it thúslân fan ferskate ynternasjonale organisaasjes. Op dizze foto it Palais des Nations yn Genêve.

Yn 1848 waard nei in lytse godstsjinstkriich (de lêste fan de yn totaal fiif godstsjienstkrigen) tusken katoliken en protestanten de steat foarfêst omfoarme ta in steatebûn. De grûnwet fan 1848 waard troch it parlemint en de doetiidske kantonnen (22 yn totaal) oannommen. Bern waard de haadstêd fan Switserlân. Der wie noch sprake fan in frij sintralysk bestjoer. Nij wie it twakeamersysteem (Nationalrat mei 200 leden en Ständerat mei 46 leden) en de sânkoppige Bundesrat. Yn itselde jier krigen manlju it kiesrjocht. Foar in protte Switsersen wie de grûnwet net genôch. Yn 1874 waarden mear feroaringen trochfierd. Yn de kantonnen wie doe al sprake fan in direkte demokrasy. Dy direkte demokrasy moast ek op nasjonaal nivo konsekwint trochfierd wurde. Dêrtroch ûntstienen oan it ein fan de 19e iuw it rjocht fan folksinisjatyf en referindum.

Yn de twadde helte fan de 19e iuw ûntwikkele Switserlân him fan in lânbounaasje nei in yndustrysteat. De yndustrialisaasje begûn sawat op itselde momint as yn Ingelân, mar op ien punt ferskilden de Switserske en Ingelske yndustrialisaasje hiel sterk fan elkoar: De Switserske yndustrialisaasje wie in ûntwikkel yn de regio en net, as yn Ingelân, yn de stêd. De yndustrialisaasje rjochte him yn Switserlân ek net op koalen en stiel, mar folle mear op it ferwurkjen fan materiaal lykas katoen en wol. Dêrtroch waarden ek net in protte fabriken boud en de ferstêdliking wie minder sterk.

Yn de Earste Wrâldkriich bleau Switserlân neutraal. Yn de Twadde Wrâldkriich berôp Switserlân him nochris súksesfol op syn neutraliteit. Troch it restriktive flechtingsbelied, de oanname fan Joadsk goud en transporten fan de Dútsers oer Switsersk grûngebiet wienen de Switsersen net alhiel sûnder skuld.

Yn de desennia nei de Twadde Wrâldkriich folget de Europeeske ienwurding troch de Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel en letter de Europeeske Uny. Yn 1992 stimme de Switsersen tsjin in Switser lidmaatskip yn de EU. Yn 2002 waard Switserlân as ien fan de lêste lannen lid fan de Feriene Naasjes. Yn beide gefallen telde de Switserske neutraliteit swier mei. In bysûnder tema yn de skiednis fan it moderne Switserlân is it kiesrjocht foar froulju. Pas yn 1971, folle letter as yn oare Europeeske lannen, krigen de Switser froulju it kiesrjocht. In pear kantonnen joegen dat rjocht pas yn 1990.

It Bûnshûs yn Bern It Bûnsgerjocht yn Lausanne
It Bûnshûs yn Bern (lofts) en it Bûnsgerjocht yn Lausanne (rjochts).

Switserlân hat in federale steatsopbou mei trije bestjoerslagen:

  • Bûnsnivo is it heechste nivo mei trije ferskillen machten. Utfierend is de bûnsrie, wetjouwend is it parlemint en rjochtlike macht is it bûnsgerjocht.
    • De bûnsrie bestiet út sân leden dy’t allegear likefolle macht hawwe. De bûnsrie wurdt keazen troch it parlemint. De bûnsrie is de politike fertsjintwurdiger yn sawol binnen- as bûtenlân. Foar telkens ien jier wurdt der út de sânkoppige bûnsrie in bûnspresidint keazen. De bûnspresidint hat net mear sizzenskip as de oare riedsleden. Hy of sy sit gearkomsten foar of fertsjintwurdiget de bûnsrie.
    • It parlemint (Bundesversammlung) bestiet út twa keamers: De Nasjonale Rie (Nationalrat) mei 200 leden dy’t nei ferhâlding de kantonnen fertsjintwurdigje, en de Ständerat mei 46 leden wêrfan 2 per kanton. De leden fan sawol de Nationalrat as de Ständerat wurkje yn dieltiid, meastal hawwe se dêrneist noch in oare baan.
    • It bûnsgerjocht yn Lausanne is de heechste juridyske ynstânsje fan Switserlân.
  • De kantonnen wiene fanâlds steaten dy’t yn 1848 ferienige waarden ta ien steat. Op it stuit hat Switserlân 26 kantonnen.
  • De gemeenten foarmje de leechste bestjoerslaach. Neist de taken dy’t se fan de steat en kanton krije, meie se ta in bepaalde hichte sels besluten meitsje.
Grutste partij per kanton.

De grutste nasjonale partijen binne de Switserske Folkspartij (nasjonaal-konservatyf), de Sosjaaldemokratyske Partij (sosjaaldemokraten), FDP.Die Liberalen (liberalen), Kristlikdemokratyske Folkspartij (kristendemokraten), Boargerlik-Demokratyske Partij (liberaal-konservatyf). In protte wetsfoarstellen wurde fia in referindum foarlein oan de befolking.

De Switsers kieze net allinnich om de fjouwer jier it parlemint, se ha ek noch de mooglikheid om troch direkte demokrasy ynfloed te hawwen op it politike barren. Yn Switserlân wurdt in ûnderskie makke tusken kiesrjocht (foar ferkiezingen) en stimrjocht (foar folksinisjativen en referinda). Folwoeksen Switsers wurde sa likernôch fjouwer kear per jier oproppen om oer folksinisjativen en referinda te stimmen.

Bûtenlânske polityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Switserlân nimt yn de ynternasjonaal nivo in bysûndere posysje yn. De steat is net tsjin ynternasjonale gearwurking, mar giet wol hoeden om mei it neutraliteitsprinsipe en wol syn ûnôfhinklike posysje graach hâlde. Switserlân is lid fan in protte ynternasjonale organisaasjes dy’t him spesifyk mei ien tema dwaande hâlde. Eksimpels binne de Feriene Naasjes en de CERN. Switserlân wol him lykwols net bine oan politike gearwurkingsprojekten lykas de EU. Yn 1992 stimde it Switserske folk yn in referindum tsjin it EU-lidmaatskip. Nei ferskillende ûnderhannelingen waarden twa bilaterale ferdraggen sletten om ekonomyske gearwurking mooglik te meitsjen. Ornaris is de gearwurking tusken Switserlân en de EU sûnder grutte problemen. Lykwols binne de twa bilaterale ferdraggen statyske ferdraggen. Dat betsjut dat by elk nij EU-lid in referindum yn Switserlân hâlden wurde moat, wêrby’t it earste bilaterale ferdrach telkens op it spul stiet. Yn de diskusje oer it EU-lidmaatskip hat Switserlân in trijetal problemen: (1) de Switserske neutraliteit, (2) it behâld fan it federale bestjoersmodel en (3) it behâld fan de direkte demokrasy.

Sûnt de oprjochting fan it Reade Krús yn 1863 is Switserlân it gastlân fan in protte ynternasjonale organisaasjes wurden. Hjoed-de-dei is Genêve it sintrum foar ynternasjonale gearkomsten en konferinsjes. 25 ynternasjonale organisaasjes hawwe harren kantoar yn Genêve, wêrfan njoggen organisaasjes dy’t ûnder de Feriene Naasjes falle. Dêrtroch is Genêve nei New York de twadwichtichste stêd foar de Feriene Naasjes en in sintraal platfoarm foar de Switserske bûtenlânske polityk.

Ein 2003 wennen yn Switserlân 7.507.300 minsken. In grut part dêrfan (20%) komt oarspronklik út it bûtenlân. De grutste stêden binne Basel (168.000 ynwenners), Bern (122.420 ynw.), Genêve (178.600 ynw.) en Zürich (350.130 ynw.). Yn it Alpengebiet wennet mar 10% fan de folsleine befolking.

Kengetallen per ein 2006[1] en ein 2005 [2]
Befolking 7.507.300
Ferdieling man/frou 49,0% man
Bûtenlanners 20,7%
Libbensferwachting manlju 78,7 jier
Libbensferwachting froulju 83,9 jier
Tal bern per frou 1,42
Tal echtskiedings per 100 houliken 53,1

Under de bern is it persintaazje justjes heger as 25%. It grutste diel, mear as 85%, stamt út Europa. Sa'n 25% fan de bûtenlanners waard yn Switserlân berne. Sa'n 10% fan de bûtenlanners binne 'Switser fan bûtenlânske komôf'. Oarsom wenje sa'n 685.000 Switsers yn it bûtenlân.

Sûnt 1972 hat Switserlân gjin berte-oerskot mear. Yn 2013 waarden yn Switserlân 1,4 bern der frou berne.

Taalkaart fan Switserlân mei de mearderheidstaal per bestjoerlike regio.

Yn Switserlân wurde troch de befolking meardere talen sprutsen. De nasjonale en offisjele talen fan Switserlân binne:

  • it Dútsk dat as haadtaal sprutsen wurdt troch 63,7 persint fan de befolking [3]
  • it Frânsk dat as haadtaal sprutsen wurdt troch 20,4% fan de befolking
  • it Italjaansk dat as haadtaal sprutsen wurdt troch 6,5% fan de befolking
  • it Retoromaansk dat as haadtaal sprutsen wurdt troch 0,5% fan de befolking

Omdat in grut part fan de befolking ôfkomstich is fan it bûtenlân hat om-ende-by 9,0% fan de Switserske befolking noch in oare taal as earste taal. Dêrfan is it Servokroatysk wol de wichtichste mei 1,4% sprekkers, folge troch Albaneesk, Portugeesk, Spaansk, Ingelsk, Turksk, Tamil, Arabysk en Nederlânsk.

It Dútsk dat troch de Dútsktalige Switsers sprutsen wurdt is Switserdútsk, dat op in soad punten ôfwykt fan it Heechdútsk en mar dat ek grutte ferskillen ken tusken de ferskate stêden en doarpen ûnderling. It Switserske Frânsk is ek op guon punten ôfwikend fan it offisjele Frânsk. It Retoromaansk wurdt allinnich sprutsen yn in part fan it kanton Graubünden.

BYP per persoan is $40.100 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 1,5% lânbou, 34% yndustry en 64,5% tsjinsten. De wichtichste dragers fan de Switserske ekonomy binne de lytse en middelgrutte ûndernimmingen. Yn de measte lytse en middelgrutte ûndernimmingen binne net mear as 250 wurknimmers.

It belestingtaryf waard fanâlds per kanton fêstlein. De belestingharmonisearring fan 1993 hat dat rjocht foar in stik beheind. Nettsjinsteande de harmonisearring bliuwt der konkurrinsje tusken kantonnen mooglik. Dêrtroch binne de belestingtariven foar ûndernimming in stik leger as dy fan buorlannen.

Paradeplatz yn Surich mei de Credit Suisse en UBS.

De fjouwer belangrykste eksportbrânsjes binne de gemy, it finanswêzen, de masinebou en it toerisme. It lân besit net folle grûnstoffen en is dêrfoar tige ôfhinklik fan it bûtenlân. De gemysk-farmaseutyske yndustry ûntstie yn de regio Bazel omdat der kleurstoffen foar de tekstylyndustry nedich wienen. Hjoed-de-dei is de yndustry foaral bepalend foar de ûntwikkeling fan farmaseutika en beslacht in tredde fan de folsleine eksport. De Switserske kleurstofproduksje bliuwt lykwols ek noch ien fan de grutsten fan de wrâld. Op it mêd fan masinebou is de produksje fan prezysjemasinen bekend, ûnder oaren foar papier, ark, tekstyl en druk. Yn de 19e iuw waard de produksje fan oerwurken in yndustry yn Switserlân. De Switserske ynnovaasjes lieden ta in promininte posysje op de wrâldmerk. Foaral op it mêd fan lúkse horloazjes behearskje Switserske bedriuwen in grut part fan de hiele wrâldmerk.

Switserlân wurdt gauris as belestingoase sjoen troch syn betrouberens, ienfâldige regeljouwing en minimale tafersjoch. It bankgeheim en de politike stabiliteit soargje derfoar dat yn Switserlân in totaal fan 400 miljard franken beheard wurde troch banken. 50% dêrfan is ôfkomstich út it bûtenlân. Under druk fan oare lannen is Switserlân de lêste desennia wat iepener wurden op it mêd fan banksaken. It bankgeheim is net mear fan tapassing op minsken dy’t de belesting yn eigen lân ûntdûke wolle. Sûnt de oanslaggen fan 11 septimber 2001 yn de Feriene Steaten binne de Switserske banken ek wat hoedener wurden mei bankrekkenhâlders mei kriminele yntinsjes.

De toeristyske sektor biedt yn bepaalde gebieten, lykas Graubünden, hast foar in treddepart fan de befolking wurk. De toeristyske ynfrastruktuer yn Switserlân is grut. Der binne gebieten dy’t fasiliteiten hawwe foar simmer- of winterfakânsjes of beide. Benammen foar de wintersport is Switserlân in populêr fakânsjelân.

Wichtichste haven is Basel. Der binne 65 fleanfjilden yn Switserlân. De grutste fleanfjilden binne Surich (Flughafen Zürich) en Genêve (Aéroport International de Genève). Switserlân hat (2006): 71.298 kilometer ferhurde dyk, 4.839 kilometer spoarwegen en kilometer km farwetter.

Tsiisfondu Rösti
Tsiisfondu (lofts) en rösti (rjochts).

De iterskultuer kin regionaal behoarlik ferskille. Men kin de taalgrinzen brûke om ferskillen oan te tsjutten. De measte lokale spesjaliteiten komme hjoed-de-dei ek yn de oare taalgebieten op it menu. De twa wrâldferneamde tsiisspesjaliteiten binne de fondu en raklette, dy't beide oarspronklik út it Frânsktalige diel fan Switserlân komme. Sawol by de fondu as de raklette giet it om raande tsiis. Tradisjoneel wurdt raklette iten mei ierdappels en augurken. De fondu bestiet út twa soarten tsiis, wite wyn, Kirschwasser en in bytsje knyflok. De hiele brot wurdt yn in spesjale panne hyt makke. Mei spesjale foarken, dêr't stikken bôle opprykt wurde, wurdt de fondu direkt út de panne iten.

In oar resept is rösti. Dat gerjocht komt út it Dútsktalige diel fan Switserlân en joech de namme oan de taalgrins tusken it Frânsktalige en Dútsktalige diel: de Röstigraben (röstigroppe). Hjoed-de-dei is rösti ek yn de oare taalgebieten fan Switserlân in favoryt gerjocht. De rösti kin sawol as haad- en as bygerjocht servearre wurde.

Kulturele eveneminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Switserlân is in ryk ferskaat oan brûkmen. Der binne lykwols fjouwer dy't yn hiel Switserlân dien wurde: it Schwingen, Jassen, Feldschießen en it jodelfeest. By it saneamde Schwingen wrakselje twa mannen tsjin elkoar op in rûne ûndergrûn fan seachsel. De sterkste wrakseler wurdt de "Böseste" neamd. Hy hâldt dy titel trije jierren en kriget dêrby noch in krâns út ikeblêden en in bolle. It kaartspul Jassen bringt alle Switserske regioanen byïnoar. Yn de ferskillende taalgebieten wurde wol oare kaarten brûkt, mar dat is gjin beheining as de regels oan beide kanten mar dúdlik binne. It Feldschießen hie yn 2006 sa'n 145.000 dielnimmers en is dêrmei it grutste skuttersfeest fan de wrâld. It is in nasjonale oefening mei as eigentlik doel it byhâlden fan de sjitfeardichheden fan de mannen, ek al tsjinje se net mear yn it leger. Dêrom wurdt der ien kear yn it jier sketten op doelen. Krekt lykas it Schwingen wurdt it jodelfeest om de trije jier hâlden. Ut hiel Switserlân komme dan minsken byïnoar foar dizze âlde tradysje. It feest is net bûn oan taalgrinzen.

Sechseläuten yn Surich.

Brûkmen & feesten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ta de tradisjonele winter- en maitiidsfeesten hearre it Sinterklaasfeest, Weihnachten, de Fasnacht en Peaske. De Switserske Sinterklaas of Samichlaus liket hiel bot op it Sinterklaasfeest en wurdt alle jierren op 6 desimber hâlden. Samichlaus is in minlike biskopsfiguer mei in straffende knecht Schmutzli. Sy bringe swietichheden foar de bern mei. Oarsom sjonge de bern lieten foar Samichlaus en se drage dichtwurken foar. Weihnachten is Dútsk foar kryst en wurdt tsjintwurdich ek fierd mei krystbeam en geskinken. De Fasnacht is ûnderdiel fan it karnavalfeest. Ien kear yn ’t jier ferklaaie de Switsers har op feestlike wize en drage dêrby in passend masker. De tradysjes yn de Fasnacht kinne regionaal hiel ferskillend wêze, mar oer it generaal giet it om in miks fan heidenske maitiidsbrûkmen en kulturele kristlike uteringen. It giet derom dat de winterlike demoanen en geasten ferdreaun wurde, ornaris mei in alderheislikst leven. Belangryk ûnderdiel fan dat feest is ek de Guggenmusik (of Guggamusik). De maitiid begjint ornaris mei Peaske (Ostern) en dy wurdt krekt as yn in protte oare lannen fierd mei sûkelarje peaskehazzen en kleurde aaien. Lokaal binne der noch folle mear tradysjes bewarre bleaun. Ien fan de grutste lokale feesten dy’t nasjonaal omtinken krijt is it Sechseläuten yn Surich. Dat wurdt meastal de tredde sneins fan april dien en liket op it Noardfryske Biikebrennen. Op in grut plein yn de stêd stiet in bulte brânhout mei in grutte pop derop. Om de bulte hinne steane tûzenen Switsers yn histoaryske klaaiïnge. De pop op de bulte hout wurdt de Böögg dy’t de winter symbolisearje moat. Hy wurdt wei yn de flammen fan it brânhout.

Yn de simmer en hjerst binne de nasjonale feestdei, it Höhenfeuer, de Alpabzug en de Zibelimärit de wichtichste feesten. De oprjochting fan de Switserske Konfederaasje wurdt fierd op 1 augustus en is de nasjonale feestdei. Op de Rütliwiese, dêr’t fertsjintwurdigers fan de trije oerkantonnen Uri, Schwyz en Unterwalden swoarn hawwe inoar by te stean tsjin oanfallen fan bûten, wurde de offisjele feestlikheden hâlden. De tradysje Höhenfeuer hat in lange skiednis. Eartiids waarden grutte brânbulten makke dy’t fan fierôf sichtber wienen. Sy waarden brûkt om de befolking te warskôgjen foar gefaar. Simmerjûns wurde sokke brânbulten oanstutsen. Oan ’e ein fan de simmer fine yn Switserlân de Alpabzüge plak. De kij wurde, feestlik mei blommen optúgd, fan de hege greidfjilden yn de Alpen nei de legere dellingen brocht. Yn in protte plakken wurde boeremerken mei feemerken hâlden. De boeren, hannelers en besikers ferstrûpe harsels yn tradisjonele klaaïnge. De Zibelimärit is in hjerstfeest, de tiid fan de rispinge. Rûnom binne feemerken en de ferneamdste is yn Bern. Dy merk hat as namme Zibelimärit, Sipelmerk, en fynt alle jierren plak yn novimber.

De FIFA en UEFA hawwe harren kantoaren yn Switserlân. Lykwols is fuotbal net de populêrste sport, skye en oare berchsporten hawwe júst in grutte populariteit. Yn de simmer kuierje en klauterje toeristen yn de bergen. By downhill mountainbiking wurde de skyliften brûkten om mei de mountainbike de berch op te gean om dan wer nei ûnderen ta te fytsen. De bergen, keardammen en hege brêgen wurde ek brûkt om derôf te springen. Bygelyks oan in elastyske bân as bungy-jumper, mei in parasjute of as basejumper. Yn de winter skyë de minsken mei de lange latten of big foots de berch ôf. Neist it skyen is snowboarde in oare manier op winterdeis de piste ôf te kommen. Bûten de pisten kinne skyers off piste skye, bygelyks troch út in helykopter te springen (helyskye). Yn in protte lannen is helyskye om miljeuredenen ferbean, yn Switserlân noch net.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Switserlân – foto, fideo en harktriemmen
Wikiwurdboek Wikiwurdboek: Switserlân – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika
Wikiatlas Wikimedia-atlas: Switserlân – geografyske en histoaryske kaarten
  1. Statistik des jährlichen Bevölkerungsstandes (ESPOP) und der natürlichen Bevölkerungsbewegung (BEVNAT) 2006
  2. Bevölkerung - Die wichtigsten Zahlen
  3. eidgenössische Volkszählung 2000 - Sprachenlandschaft in der Schweiz