Bern (stêd)
| Bern (Dútsk) Berne (Frânsk) Berna (Italjaansk) Berna (Retoromaansk) | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Kanton | Bern | |
| Distrikt | Bern-Mittelland | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 137.995 (2024)[1] | |
| Oerflak | 51,62 km² | |
| Befolkingsticht. | 2.673 ynw./km² | |
| Hichte | 481 – 675 m boppe seenivo | |
| Oar | ||
| Postkoade | 3000–3030 | |
| Netnûmer | 031 | |
| Koördinaten | 46° 57' N, 7° 27' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.bern.ch | ||
| Kaart | ||
Bern (Dútsk: Bern; Berndútsk: Bärn; Frânsk: Berne; Italjaansk: Berna; Retoromaansk: Berna) is de bûnsstêd fan Switserlân en haadstêd fan it kanton Bern. Mei 137.995 ynwenners (2024) is it de fjirde stêd yn grutte fan it lân.
De âlde binnenstêd fan Bern is opnommen yn 'e Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prehistoarje, Romeinske tiid en iere midsiuwen oant it jier 1100
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It part fan 'e Aaredelling dêr't Bern leit, lei foar in hiel skoft bûten de wichtige hannelsrûtes en wie tinbefolke. Yn 'e omkriten fan it lettere stedssintrum binne delsettingen út de La Tène-tiidrek (likernôch 200 f.Kr.) fûn op û.o. it skiereilân Enge en yn Bümpliz. Yn 'e Romeinske tiid lei op it skiereilân Enge in vicus (delsetting) mei in amfiteäter, termen en in timpel. Earne tusken it jier 165 en 211 waard dat plak ferlitten. Tagelyk wie der yn Bümpliz in lângoed dat yn 'e midsiuwen útgroeide ta in keninklik hôf fan 'e Boergonjers.
Hege en lette midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It hartoggelike hûs Zähringen, dat yn 1127 de macht krige oer it hjoeddeiske westen fan Switserlân (dux et rector Burgundiae), boude kastiel Nydegg op grûn dat by Bümpliz hearde, op it punt fan in skiereilân yn 'e Aare. De stêd Bern waard yn 1191 stifte troch Berthold V fan Zähringen en wreide him 500 meter yn westelike rjochting út fan it kastiel oant de Zytglogge (tiidklok). De krekt stifte stêd telde doe likernôch 500 ynwenners.
Nei't Berthold V yn 1218 sûnder neiteam ferstoar, joech keizer Freark II Bern de status fan frije ryksstêd. Letter waard de stêd útwreide ta oant de Käfigturm (1256) en de Christoffelturm (1346) (dy't letter ôfbrutsen is en oan it hjoeddeiske Bahnhofplatz stie).

Mei't de keizerlike ynfloed ôfnaam moast de stêd him sûnt healwei de 13e iuw ferdigenje tsjin de omlizzende adel, benammen dy fan 'e hûzen Kyburg en Habsburg, troch alliânsjes te sluten mei oare stêden en gebieten. Nei de oerwinning fan it troch Habsburg kontrolearre Fribourg yn 'e Slach by Oberwangen (1298) wreide Bern him fierder út en slette de stêd yn 1323 in bûn mei it Switserske Eedgenoatskip en sûnt 1353 waard de stêd dêr ûnderdiel fan. Troch de oerwinning op 'e Kyburgs yn 'e Burgdorferoarloch (1383–1384) krige Bern de stêden Burgdorf en Thun en dêrmei de kontrôle oer it Emmental en it Berner Oberland.
Yn 'e midsiuwen produsearren de ambachtslju yn 'e stêd foar it measte guod foar it regionale ferlet. De wichtichste eksport waard foarme troch lear fan hûden út it Berner Oberland, Vaud en Savoye. Om 1450 hinne hie Bern it grutste part fan it grûngebiet fan it hjoeddeiske kanton oermastere en ek Aargau (1415). Ek hie de stêd alliânsjes sletten yn it Juraberchtme. Yn 1450 telde de stêd krekt wat mear as 5.000 ynwenners.
Iermoderne tiid oant de Napoleontyske krigen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de oermastering fan Vaud yn 1536 waard Bern de grutste stedssteat benoarden de Alpen. De Reformaasje waard yn 'e jierren 1530 ynfierd ûnder ynfloed fan Zwingli.
Yn 'e Tritichjierrige Kriich waarden twa nije ferdigeningswurken oanlein om it skiereilân te ferdigenjen. Yn 'e 18e iuw bestjoerde Bern 52 gebieten en hiene syn patrisiërs in soad macht. Bern waard lykwols yn 1798 troch Frânske troepen beset en ferlear doe it grutste part fan syn grûngebiet. De kantonsgrûnwet fan 1831 makke in ein oan 'e eardere privileezjes fan 'e stêd en har patrisiërs foar de rest fan it kanton oer. Bern waard lykwols wol de haadstêd fan it kanton Bern.

Yn 1848 waard Bern de bestjoerlike haadstêd fan Switserlân. Tsjinstanners fan in sintrale haadstêd foar it lân krewearren der foar om yn it plak fan in haadstêd in federale stêd oan te wizen as sit foar it federale regear, it parlemint en it bestjoer. It Switserske parlemint keas lykwols foar Bern. De Nasjionale Ried, de Kantonsried en de Bûnsried (respektivelik de twa keamers fan it parlemint en it regear) kamen byinoar yn trije ferskillende gebouwen yn 'e stêd, oant yn 1857 it earste Bundesrathaus iepene waard.
As federale stad waard Bern yn 'e rin fan 'e 19e iuw in gaadlik lokaasje foar de festiging fan in soad ynternasjonale organisaasjes. Ald-Bern waard yn 1983 ta UNESCO-wrâlderfgoed beneamd.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kastielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Altes Schloss Bümpliz
- Neues Schloss Bümpliz
- Schloss Holligen
- Schloss Wittigkofen
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teater
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Stadttheater Bern
- Schlachthaus Theater Bern
- Hochschule der Künste Bern
- Theater aan de Effingerstrasse
- Narrenpack Theater Bern
- Tojo Theater in der Reitschule
Museums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bining mei Bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Michail Bakoenin (1814-1876), Russysk anargist, stoar yn Bern
- Ferdinand Hodler (1853-1918), skilder
- Albert Einstein (1879-1955)
- Ursula Andress (1936), de earste Bond-girl, waard berne ûnder Bern (yn Ostermundigen)
- Pascal Mercier (1944), skriuwer en filosoof, berne yn Bern
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
