Springe nei ynhâld

Swiet & Bjuster

Ut Wikipedy
Swiet & Bjuster
band
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre Blues
bestean 1992-2001
leden
Sang Jacob de Boer
Gitaar Oege Reitsma
Bas Brant Visser
Drums Jan Roel Hamersma

Swiet & Bjuster wie in Fryske Bluesband en wie aktyf tusken 1992 en 2001

De Fryske luesband Swiet & Bjuster waard yn 1992 oprjochte troch Oege Reitsma, Jan Roel Hamersma, Brant Visser en Jacob de Boer. De earste trije hienen alris earder mei elkoar spile.

Se spilen ynearsten noch yn it Ingelsk, mar nei in moanne as wat waard it repertoire folslein Frysk. Bekende nûmers fan de band binne û.o. "De Bank", "Besleine Ruten" en "Bartlehiem Blues", allegear skreaun en bewurke troch gitarist Oege Reitsma. Tekstskriuwer Oege Reitsma komt faak werom op de Dokkumer wâlden en har ynwenners mar skriuwt ek oer de hannel fan de pleatslike keaplju, oer lytse blûne froulju, de Golf diesels (it âlde model). Op de Fryske radio is S & B foaral bekend fan "In jûne yn Grins" (Reitsma), "Hein"(De Boer), en de postume hit "Fordson Dexta Blues", in nûmer fan Jaap Hijma fan de Dochmarwatts. De CD en CD-Rom 'Wolf' kamen tagelyk út by de presintaasje yn doarpshûs De Nye Warf yn Wâlterswâld mei yn it foarprogramma trûbadoer Piter Wilkens. It wie boppedat live te beharkjen op Lonof Radio. Dy dei ferskynde Swiet en Bjuster ek yn it telefyzjeprogramma 'Van gewest tot gewest'.

Op Liet 93 wûn Swiet & Bjuster de twadde priis. It blueskwartet spile ek wolris mei Anneke Douma yn "It Woanskip". De groep bestie oarspronklik út Jacob de Boer (sang en mûlharp), Jan Roel Hamersma (slachreau), Oege Reitsma (gitaar en teksten) en Brant Visser (bas). Yn 1997 kaam Erik Schippers (yn 2010 bekend fan Monstertux) der as twadde slachwurker by. Yn desimber 1998 beslút de groep om der mei op te hâlden. Dêrnei giene allinnich Oege Reitsma en Jacob de Boer troch as duo. It duo hâlde yn 2001 der mei op. Jacob spile mei Sytse Wilkens,(de broer fan Piter Wilkens, noch de CD Fakânsjenblues makke.
Oege Reitsma en Brant Visser giene fierder yn Ubrabaya, in band oprjochte troch Jan Dijkstra (Shakey Sam) en Brant Visser. Yn 2013 is dizze band ophâlden. Brant en Oege binne sûnt dy tiid aktyf mei (Nancy and the Sinatras). Jacob de Boer spilet sûnt 2009 mei Wiebe Koudenburg yn it duo Jawier. Jan Roel jout les oan ferskate konservatoaria en spilet ûnder oare mei Nynke Laverman.

Op 3 jannewaris 2010 joech Swiet & Bjuster twa útferkochte reüny-optredens yn de Kleasterkapel fan Sibrandahûs en op 8 desimber 2018 diene sy dat noch in kear yn De Krúswei yn Damwâld.[1]

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: