Springe nei ynhâld

Dochmarwatts

Ut Wikipedy

Dochmarwatts wie oan 'e ein fan de tweintichste iuw in (blues)band út Marrum.

De band spile "kramtriedblues", blues mei skerpe punten, in term dy't betocht waard troch sjonger Johan Kok. De earste oanset waard makke yn 1996 troch oprjochters Johan Kok (bas), syn broer Wilco (slachwurk) en Wietse Bouma (gitaar). Mei noch in oantal kammeraten waard der muzyk makke yn ien fan de romten fan it âlde suvelfabryk yn it doarp. Doe't yn 'e rin fan 1997 Jaap Hijma (gitaar), dy't de mannen in kear heard hiene as gastmuzikant by Swiet & Bjuster, der by kaam krige de muzyk mear karakter en waarden der yn koarte tiid in behoarlik oantal kovers en eigen nûmers ynstudearre. Bouke van Jaarveld (saksofoan en trompet) kaam der noch by en Wietse ferruile syn gitaar foar in bas. Underwilens wie Johan Kok al promovearre ta sjonger.

Yn 1998 spile de band op ferskate lokaasjes yn 'e regio yn tinten, hokken en skuorren. "In pear bankjes en in krat bier" wie it motto en foar dy priis spilet de band in hiele jûn. Yn 1999 ferskynde de selsmakke CD "Bite....net sobje". In jier letter die de band mei oan "Lytske Aaipop", in soarte fan talintejacht foar begjinnende bands. De Dochmarwatts wûne mei gemak en mochten op Peaskemoandei it grutte Aaipop iepenje. Datselde jier waard ek de CD "Echo fan 'e Klaai" opnommen yn Studio Après Midi yn Burgum. Op dy skiif steane 10 nûmers dy't yn Burgum opnommen waarden en ien nûmer dat "live" opnommen waard op it festival "LIET" yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert. De measte nûmers binne fan de hân fan Jaap Hijma, oanfold mei in oantal kovers fan it duo J. Kok/W. Bouma.

Yn de rin fan 2002 sei sjonger Johan Kok dat er der mei ophâlde woe; de kombinaasje fan muzyk, wurk en in jonge húshâlding waard him tefolle. De fjouwer oerbliuwende Dochmarwatts stienen foar de kar: in oare sjonger sykje, sels sjonge, of der mei ophâlde. Hja besleaten ta it lêste. Op 21 desimber 2002 spilen de Dochmarwatts foar it lêst foar harren fans yn de oefenromte yn Westernijtsjerk.

Johan hat him weromlutsen út de muzykwrâld, Bouke hat seis jier lang bassist west by in top 100-band, en Wietse en Wilco meitsje muzyk mei harren hobbyband "De Four Luite". Jaap Hijma wie yn 2005 ferantwurdlik foar it grutte teäterspektakel "Marrum - Texas" en hat yn 2006 in pear kear optreden mei Jacob de Boer (sang & mûlharp) en Oege Reitsma (bas & sang) ûnder de namme "De Jongerein fan Juster".

Op 18 juny 2010 joegen de Dochmarwatts in reüny-optreden fan in oere yn kafee "De Groene Oase" yn Marrum. Bylden fan dit barren binne op YouTube te finen.

It Dochmarwattsnûmer "Fordson Dexta Blues" waard yn 1999 in grutte postume hit foar de band "Swiet & Bjuster" út Damwâld en omkriten.