Brant Visser

Ut Wikipedy

Brant Visser (Damwâld, 19??) is in Frysk politikus, dy't sûnt 2019 foar de VVD gemeenteriedslid is yn 'e gemeente Noardeast-Fryslân. Earder beklaaide er dyselde funksje ek yn 'e gemeente Kollumerlân, dy't mei Dongeradiel en Ferwerderadiel op 1 jannewaris 2019 opgie yn 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân. Njonken syn karriêre yn 'e polityk is Visser as learaar ferbûn oan it Stellingwerf Kolleezje, in skoalle foar fuortset ûnderwiis yn Easterwâlde. Hy hat biogemy studearre oan 'e Ryksuniversiteit Grins en is yn it besit fan in doktorstitel. Yn syn frije tiid spilet Visser de kontrabas yn 'e band Swiet & Bjuster en sûnt 2012 ek yn Nancy and the Sinatras.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: