Shakey Sam

Ut Wikipedy
Shakey Sam
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Simon Vlietstra
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 maaie 1950
berteplak Frjentsjer
stoarn 16 maaie 1981
stjerplak Sint-Jabik
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre Blues
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Gitaar
jierren aktyf 1972-1981

Simon Vlietstra, alias Shakey Sam, (Frjentsjer, 17 maaie 1950 - Sint-Jabik, 16 maaie 1981), wie in Frysk bluessjonger en -gitarist. Neist syn one-man-band, hie Shakey Sam ek de Shakey Sam Blues Band, in fjouwerman formaasje.

Hy skreau him yn 1972 yn foar it Larensk Jazzfestival (3e priis) en yn datselde jier die er mei oan it Bilzenfestival. Yn 1974 spilet er yn it foarprogramma fan it 'American Blues Legends-Konsert'. Datselde jier slút er him oan by de Amsterdamske formaasje Barrelhouse. Novimber 1974 nimt hy mei Barrelhouse in lp op, mar ferlit yn 1975 de groep om persoanlike redenen en foarmet de 'Shakey Sam Blues Band'. De earste besetting bestiet út: Shakey Sam, Apple Rammers, David Gardeur & Jan Dijkstra (Ubrabaya). Mei dy besetting waarden ûnder oare konserten joen mei Big John Wrencher, Cousin Joe, Eddie ‘Guitar’ Burns. Yn 1976 wurdt Appie Rammers ferfongen troch Jan de Jong. Yn maaie folget dan de earste soloplaat fan 'Shakey Sam'. It wie de reden foar de útnûging om in Ingelske toernee te dwaan. Ein 1976 folgen live radio-optredens yn “Sesjun”. Yn 1977 ferfong Leo Roodhof (Nancy and the Sinatras) Jan Dijkstra en yn 1978 ferskynde wer in lp. Maart 1979 wie de groep opnij te hearren yn Sesjun (tegearre mei Eddie Boyd). Der kaam in drummerswikseling –der stiene twa lp’s op steapel– en oer in single waard ûnderhannele. Op 16 maaie 1981, in dei foar syn 31e jierdei, naam Shakey Sam (Simon Vlietstra) in drastysk beslút en die himsels te koart.

Yn it Frjentsjerter Teater De Koornbeurs waard yn 2006 en 2011 in 'Shakey Sam Tribute festival' oer de ‘Frjentsjerter Old Shatterhand‘ organisearre.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: