Springe nei ynhâld

Suze Boschma-Berkhout

Ut Wikipedy
Suze Boschma mei Bartje (1954)

Suzanna Catharina (Suze) Boschma-Berkhout (Indramayu (Yndoneezje), 31 maaie 1922 - Alphen aan den Rijn, 2 july 1997) wie in Nederlânsk byldhouster.

Suze Boschma-Berkhout waard berne op West-Java. Waard yn it earstoan oplaat ta kreamheinster, mar folge nei de Twadde Wrâldoarloch in oplieding oan de Ambachtskeunstskoalle Quellinus yn Amsterdam. Yn 1963 fêstige se har yn Ljouwert. Makke in soad muorredekoraasjes. Se waard bekend troch har protte figurative bylden, dy't op in soad plakken yn Nederlân ferwize nei historyske of literêre personaazjes.

Hja troude yn 1954 mei Cornelis Boschma, amtner Monumintesoarch fan it departemint fan OK&W en waard mem fan fiif bern.

Assen
Bartje (1954), kalkstiennen útfiering
Bartje (1982), brûnzen útfiering
Balk
Herman Gorter (1982)
Harns
Anton Wachter (1973)
Langedike
De Melker (1991)
Ljouwert
Mata Hari (1976)
De Fries of Fuotbalspilerke (1983)
Roden
Ot en Sien (1965)
Menaam
It feintsje fan Menaam (1971) nei de titel fan it bekende lietsje fan Fedde Schurer
Ruinen
Lammechie (1955), it suske fan Bartje.
Sint Anne
Rembrandt en Saskia
Surhústerfean
Jan Hepkes Wouda (1986). Wouda (1862-1939) wie keapman en ferhaleferteller.
Tinga
fiskjende bern (1980)
Wergea
De tsien fan Martens Afke (1970)