Springe nei ynhâld

Strjitten yn Surhuzum

Ut Wikipedy

De Strjitten yn Surhuzum:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

  • Ald Feart - nei it wetter njonken de feart dy't yn 1492-1493 groeven waard troch it kleaster Gerkeskleaster. It wie in wetterlossing foar de feanen yn it hjoeddeiske Surhústerfean. Hjiroer waard ek de turf út dizze feanen ôffierd.
  • Bartemerwei - ( ek: Bartlomsleane of Tsjerkeleane ) Fan de barten oer de sleat is neat werom te finen. Mooglik hat hjit in Bartele oan de leane. Op de kaart fan Eekhof út 1865 waard it stik oant de Alde Feart (mei de Rysloane). Yn in offisjeel skriuwen fan de gemeente fan 5 juny 1756 wurdt de namme skreaun as Bartlomsleane. geschreven.
  • Bonhommestrjitte - Henri Damas Bonhomme wie yn 1812 de "maire" (destiidske namme foar boargemaster ) en skout fan de destiidske gemeente Surhuzum. Hy hie as militêr in soad rangen, yn 1795 waard hy Generaal. Letter waard hy Minister fan Oarloch en Gûveneur-Generaal fan East-Fryslân yn Noard-Dútslân. Henry Damas Bonhomme is op 10 septimber 1747 yn Maastricht berne as soan fan Caspar Bonhomme en Elisabeth Koningh. Hy wenne oant syn dea yn 1826 op it bûten Wâldlust.
  • C. Schuurmanwei - Cornelis Schuurman (1862-1950) hat him foar Surhuzum as doarp tige fertsjinstlik makke.
  • De Iennen - sydwei fan It Mienskar en rint yn súdlike rjochting. Iennen of Jinnen, yn koopaktes beneamd as Eenen, wienen eartiids stikjes lân dat yn lytse persieltsjes hierd of ferpachte wurde koe.
  • De Loanekampen - Nei alle gedachten neamd nei de kampen grûn oan oan de leane of loane. Dizze lêste namme stiet op kaarten dêr't men beammen lâns dizze wei tekene. De wei wurdt al beneamd foar 1700.
  • De Treaskes - Fan de Bartemerwei oant It Mienskar rint dizze wei yn it plan de Treaskes. De namme stiet yn ferbân mei de lannen om Surhuzum en de fjildnamme Treeske. In polder mei de namme Treeskes beslaat in grut gebiet tusken Uterwei, Homear, Tiltsje- of Kompanjonswyk, Sylroede en Lege Leane. Dizze polder lei oan de eastkantt fan de Uterwei op it grûngebiet fan Surhuizum by de doarpsgrins Homear.
  • Deutechemstrjitte - nei in eardere muonts fan it kleaster Jerusalim (Gerkeskleaster) dy't de earste predikant wie nei 1580 yn de Herfoarme gemeente fan Surhuzum/Stynsgea. Yn it Latyn waard syn namme skreaun as Wolterus fan Deutechem ofwol Wolter Derksz fan Doetinchem.
  • Doarpsstrjitte - Doarpsstrjitte, It Súd en It Noard foarmje mei elkoar de Foarwei fan súd nei noard troch it doarp Surhuzum. Dat wiist op in lang en doarpsbyld: de saneamde lintbebouwing.
  • Doezumerwei - De wei nei it doarp Doezum. Dizze wei krúst de rivier de Lauwers en rint troch in natoergebiet nei de Peebosk dêr't in soad petgatten binne dy't troch de lege lizzing faak ûnder wetter steane en ûntstien binne by it ôfgraven fan leechfean. It ferhurdzjen of it meitsjen fan in saneamde keunstwei, de Doezumerwei, was yn 1930 klear tagelyk mei it yn it ferlingde lizzende Peebosk yn Grinslân. It Fryske stik, de Doezumerwei, waard betelle mei beskieiden subsydzjes troch de provinsje Fryslân en de gemeente Achtkarspelen.
  • H.J. van der Veenstrjitte - H.J. van der Veen († 19 augustus 1960 ) wie in wethâlderdy't destiids in soad foar it doarp Surhuzum dien hat.
  • Hurde Eker - Alde wei fan foar 1844, neamd nei de hurde grûnsoarte, klaai of liem, dy't hjir op plakken foarkomt. De hjoeddeiske Hurde Eker is noch altyd foar in grut part reed mei in ferhude fytspaad der njonken, in diel fan de Kerspelrûte troch de gemeente Achtkarspelen. Fan de Hurde Eker ôf rûn, neffens de Eekhof kaart fan Achtkarspelen, in fuotpaad nei de Dellen yn Surhústerfean.
  • It Langfâl - in fal of fael is in âlde oantsjutting foar in stik boulân fan inkele ikkers breed, in pleatslike breedtemaat. It histoarysk Langfâl rûn tritich meter noardliker as de hjoeedeiske wei op de hichte fan it eardere molkfabryk. It Langfâl rint fan de Uterwei rjochting Harkema oant de krusing mei de Turfloane en waard yn 1959 oanlein. Troch in poel diy't dêr lei en dy't ek yn 1959 tichtsmiten is.
  • 't Langpaed - rint east-west tusken de Herfoarme Tsjerke en de Turfloane by Reaskuorre en is 2280 meter lang. Eartiids rûn it langpaed nei Reaskuorre oant 1833 noardliker, lâns de destiidske pleats yn dy iuw dêr't no de pleats fan H. Westerhof stiet. Yn 1855-1856 waard troch Pieter Hepkes Buma in 83 fersen lang rym akke dat in histoarysk byld sketst fan dy tiid en de oanlis fan dit ferlingde en fernijde paad. It waard oanlein foar it tsjerkefolk en de bern fan Buwetille en Harkemasterheide dy't nei Surhuzum gienen. It paad rint ek hielendal oer grûn fan de Herfoarme Tsjerke.
  • It Mienskar - In mienskar wie in mienskiplik stik lân troch meardere doarpsminsken brûkt waard. It persiel mei de fjildnamme Mienskar leit oan de eastside fan de Uterwei fan east nei west. De wei It Mienskar rint nei in lytse bocht yn it ferlingde fan de Treaskes nei it westen.
  • It Noard - It Noard, Doarpsstrjitte en It Súd foarmje mei elkoar de Foarwei fan súd nei noard troch it doarp Surhuzum. Dat wiist op in lang en doarpsbyld: de saneamde lintbebouwing.
  • It Súd - It Súd, Doarpsstrjitte en It Noard foarmje mei elkoar de Foarwei fan súd nei noard troch it doarp Surhuzum. Dat wiist op in lang en doarpsbyld: de saneamde lintbebouwing.
  • Koaiwei - wei nei de einekoai yn de Surhuzumer mieden. De koai waard kadastraal oantsjutten as A 228 en neamd as ienige einekoai yn Surhuzum yn in ferlach fan fjildnammen troch S. de Haan. Oanslutend op de Koaiwei is de Koaisreed of Lege Leane dy't tusken de Uterwei en de Koaiwei rint fan west nei east.
  • Koartwâld - fan de streek Koartwâld yn noardlike rjochting oerrinnend yn de Uterwei. Oant 1441 bestie Koartwâlde as in selsstannige parochy mar sluet har oan by de parochy fan Surhuzum omdat de tsjerke ferfallen wie en men der gjin pastoar mear op neihâlde koe. It fuotpaad nei Koartwâlde fan foar 1700 rûn oer it tsjitwurdige stik fan It Súd, no as fytspaad brûkt oant de krusing Langfâl en It Súd en rûn oer yn de Doarpsstrjitte. Yn súdlike rjochting giet de wei Koartwâld oer yn de nije wei nei de Skieding dy't yn 1992 ree wie. It histoaryske fuotpaad fan Koartwâlde nei Surhústerfean is ek fan foar 1700 en sil grif brûkt wêze as rûte nei de feanûntginning foar it kleaster Gerkesklooster.
  • Lustenburch - nei in saneamd bûten, in hûs dêr't in aadlike famylje faak wenne, huzinge "Wâldlust". It waard yn 1834 troch de lêste eigner F. de With ferkocht.
  • Miedwei - Wei troch de Surhuzumer mieden. De Miedwei begjint wdêr't de Ald Feart ophâldt en giet hjir fierder lâns de Alde Feart oant de dyk dy't rjochting Strobos giet, oant by de eardere mûne op de hoeke Miewei/Miedwei/Alde Feart. Yn 1819 waard besluten om in grintwei of keunstwei te meitsjen fan de Alde Dyk by Strobos oer Miedwei en Alde Feart oant de Heawei en fierder op nei de dyk nei Surhuzum of tsjintwurdich Koartwâld/Uterwei.
  • Mûnefinne - Nei it stee dêr't de mûne fan Surhuzum stie. Dizze mûne waard yn 1714 ôfbrutsen. It stee waard Molekamp of Mûnefinne. Dit leit ten easten fan de Uterwei. Finnen en fintsjes wienen stikken lân dy't net as healân brûkt waarden.
  • Olivierstrjitte - Nei krústochtpreker Olivier fan Keulen dy't yn 1214 yn Surhuzum preke om manlju te sykjen foar de Fiifde Krústocht. By syn preekjen seach men njonken de tsjerketoer in blau krús oan de loft ferskinen.
  • Pûsterwei - wei troch it buorskip Ophuis of de Pûs ûnder Surhuzum, in eardere reed. Dizze reed rûn fan It Langfâl nei de Hurde Eker, yn de tsjintwurdige situaasje net feroare. By hjerst- en winterperioades wie de reed faak ûnbegeanber sadat dy yn 1959 ferhurde waard. Op de krusing mei it Langfâl yn noardlike rjochting rûn de 17e-iuwske Pûsterwei of it Pûsterpaad troch de lannen dêr't it in ferbining hie mei in 19e-iuwsk fuotpaad dat east-west troch de lannen rûn, bylâns It Langpaed en kaam út op de Doarpsstrjitte.
  • Rysloane - leit yn it ferlingde fan de Bartemerwei en waard fanôf de Doarpsstrjitte earder yn ien namme neamd: Tsjerkeleane.
  • Suderheawei - wei nei de suder healannen fan Surhuzum. It rûn fan de Surhuzumerstrjitwei, sa't de Uterwei yn 1910 neamd waard, oant de klapbrêge oer de Alde Feart. Yn de jierren 1919 en 1920 waarden de oanbesteding fan it wurk en de ferhurding fan de wei raalisearre. En der waard in nije klapbrêge lein oer de Alde Feart.
  • Turfloane - foarmet as wei tegearre mei de Nije Feart (of Kompanjonsfeart) de westgrins fan it doarp Surhuzum. De feart waard yn 1648-1649 groeven. De wei stiet regisrearre sûnt 1844.
  • Uterwei - wie in reed lâns de Surhuzumer binnenfeart, fan Blauferlaat nei de Molefinne, no de krusing fan Langfâl en Súd. Nei it dimpen fan de feart waard de wei modernisearre. Yn 1844 wurdt de wei fermelden en rint fan noard nei súd fan de Heawei fan Stynsgea op it plak fan graazje Weterings, nei de Molefinne. Yn 1963 waard de wei ferbettere foar Fl. 768.600,-.
  • Van Haersmastrjitte - de famylje Van Haersma wenne yn de 18e iuw as grytman yn Surhuzum. De famylje wenne op it doarp en hie inkele stikken grûn yn eigendom. Se hienen grutte ynfloed yn de Herfoarme Tsjerke. Harren namme stiet ûnder oaren op in koperen lessener en yn in brânskildere. Eelke van Haersma lei op 27 april 1734 de earste stien foar in folsleine ferbouwing fan de tsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: