Springe nei ynhâld

Sint-Willibrordustsjerke (Holwert)

Ut Wikipedy
Sint-Willibrordustsjerke
De tsjerke yn 2022
De tsjerke yn 2022
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Holwert
adres Tsjerkestrjitte 11
koördinaten 53° 22' N 5° 53' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Willibrord
Arsjitektuer
arsjitekt Willem Douwes (tsjerke)
Claes Balk (ferbouwing toer)
boujier tsjerke: 1776-1778
toer âldste dielen 13e iuw; fernijd yn de 18e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer tsjerke: 38707
toer: 38708
Webside
PKN-gemeente Holwert
Kaart
Sint-Willibrordustsjerke (Fryslân)
Sint-Willibrordustsjerke

De Sint-Willibrordustsjerke is in monumintale tsjerke yn Holwert. De tsjerke stiet op in apart oanleine tsjerketerp.

De midsiuwske tsjerke fan Holwert, it sealtek fan de toer wie al ferfongen troch in spits

De tsjerke waard yn de jierren 1775-1778 boud as ferfanging fan in âldere tsjerke fan dowestien. De tsjerke, yn Loadewyk XVI-styl, is ûntwurpen troch de stêdsboumaster fan Harns, Willem Douwes, en stiet foar in part op de midsiuwske tsjerke op in foar de tsjerke oanleine terp. Oarspronklik stie de toer frij fan de midsiuwske tsjerke. De terp lei oarspronklik bûtendyks en kaam nei de oanlis fan in nije seedyk yn 1562 binnendyks te lizzen. Yn de tiid dêrnei waard it gebiet ten noarden fan de tsjerke ynpoldere. Dy ynpoldering yn 1580-1584 stiet fermeld op in betinkstien mei in Latynske tekst yn de tsjerke. Fan dy stien is in kopy fan op de bûtenmuorre oanbrocht. De plattegrûn fan de tsjerke is L-foarmich, as it wiere in heale krúsfoarm. De tsjerke is erkend as in selsstannich ryksmonumint en waard yn de jierren 1968 en yn 2001 en 2000 restaurearre. Eigner fan de tsjerke is de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

De gemeente Noardeast-Fryslân is eigner fan de tsjerketoer. De toer is folle âlder as de tsjerke en foar in part 13e-iuwsk. Oarspronklik hie de toer in sealtek, mar yn 1729 waard it sealtek ferfongen troch in spits. Oan de seekant fan de toer sit in iepening dy't ôfsluten wurde kin. Nei alle gedachten koe de toer op dat plak as fjoerbaak foar de skippen op de Waadsee tsjinje. Underyn de toer wie in finzenis. By de restauraasje fan 1967 hat bliken dien dat oan de noardlike kant in romaanske tagong west hat. Yn de toer hingje twa klokken. Ien klok út 1600 waard yn de kriich troch de besetter ferneatige, de oare klok út 1653 is fersierd mei it Aylva-wapen en in relief fan it offer fan Abraham. De troch de Dútsers yn 1943 foardere klok waard yn 1974 ferfongen mei in klok fan de Hillich Hertparochy út De Haach.[1]

By de toer wie eartiids in tolhikke foar it fear nei It Amelân.

Oargel

De preekstoel yn de tsjerke stamt út 1778 en is mei it doophek fersierd mei fykwurk yn rokokostyl troch de houtfiker Yge Rintjes út Dokkum. De oerkape Heringabank is 18e iuwsk. Yn de tsjerke lizze ferskillende grêfsarken fan aadlike Fryske famyljes.

Grêfmonumint Van Aylva's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tsjerke is it famyljegrêf fan de Van Aylva's. It moarmeren grêfmonumint waard yn de tiid fan de Frânske Revolúsje yn 1795 fernield. Underdiel fan it pronkgrêf wiene in pear knibbeljende bylden fan Hans Willem baron Van Aylva en syn frou Frouck Ulbes van Aylva (of Hessel Meckema van Aylva en Elisabeth d'Althan), dy't nei omswalkings yn Oastrum en Raard lang om let yn it Frysk Museum telâne kamen, dy't de bylden yn depot bewarre. Op fersyk fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken waarden de bylden yn 2019 troch it Frysk Museum oerdroegen oan de tsjerke.[2]

It oargel datearret út 1852 en is boud troch J.C. Scheuer & Zn út Swol. Foar de bou fan it oargel moast om genôch sitplakken te hâlden der in oare kreake boud wurde. It oargel waard troch Bakker & Timmenga út Ljouwert ferboud. Yn 1988 is it oargel op 'e nij restaurearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: