Sebastianustsjerke (Noardwâlde)
Sebastianustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | It Hegelân | |
plak | Noardwâlde | |
koördinaten | 53° 16' N 6° 35' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN (Herfoarme gem.) | |
patroanhillige | Sint-Sebastiaan | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1225-1250 (skip) 14e eeuw (toer) | |
boustyl | Romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 8731 (tsjerke) | |
Webside | ||
Side Herfoarme gemeente Noardwâlde-Súdwâlde | ||
Kaart | ||
De Sebastianustsjerke fan Noardwâlde yn de provinsje Grinslân is in tsjerkegebou fan 'e Herfoarme gemeente Noardwâlde-Súdwâlde.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklik roomske tsjerkegebou datearret út de 13e iuw en waard nei de reduksje fan Grins yn 1594 in protestantsk gebou. Likernôch in iuw nei de bou fan 'e tsjerke waard eastlik in nij koer oanboud. Yn it rjochthoekich sletten koer bleau út de roomske tiid de piskina bewarre, dy't oan de bûtenmuorre maklik fûn wurde kin troch de útstekkende platte bistekop mei goatsje fan Bremer sânstien.
Yn 'e earste helte fan 'e 17e iuw fûn der in ferbouwing plak, û.o. om de tsjerke geskikt te meitsjen foar de protestantske earetsjinst en de bou fan in nij oargel. It brekfallige stiennen ferwulft waard yn dy tiid útbrutsen en ferfongen troch in houten tonferwulft. It dak moast ferhege wurde en der waarden gruttere, goatyske finsters ynbrocht foar mear ljocht yn 'e tsjerke. De súdlike muorre krige yn dy tiid steunbearen. Yn it ramt fan de komst fan in oargel waard de tsjerke westlik langer makke mei in smel travee en ferbûn mei de earder frijsteande toer, dy't heger makke en mei in sipel bekroand waard.
Oarspronklik wie de tsjerke oan Sint-Sebastiaan wijd. Yn 2022 krige de tsjerke syn âlde namme werom.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars as de tsjerke fan it oanbuorjende Súdwâlde, wie de tsjerke fan Noardwâlde ferbûn mei de bewenners fan in boarch en sadwaande is de ynrjochting fan Noardwâlde folle riker as yn Súdwâlde. Opfallend is de heech oan 'e noardlike muorre oanbrochte lôzje út de 17e iuw. Lykas it koerstek út deselde tiid is de lôzje fersierd mei ryk fykwurk. De barokke preekstoel oan 'e súdlike muorre mei it doopstek waarden yn 1743 makke. Ek de oare banken fan 'e tsjerke binne ryk fersierd mei fykwurk. De brânskildere ramen mei teksten en wapens fan 'e bewenners fan 'e boarch Thedema binne yn 1718 ynbrocht.
De klok yn 'e toer datearret fan 1597. Tegearre mei in lytsere klok út 1888 waard de klok yn 1943 foardere troch de besetter. Wylst de lytse 19e-iuwske klok omraand waard op it Hamburger klokketsjerkhôf, kaam de alde klok werom, dy't ek hjoed-de-dei noch mei de hân let wurdt.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch in brân yn 1934 op in pleats is it tsjerkeargyf ferlern gien, wêrmei't in soad ynformaasje oer de oargelhistoarje ferdwûn. Wol is it bekend dat al yn de roomske tiid tsjin de westlike muorre in lyts oargel stien hat. Dat 16e-iuwske oargel waard yn 1621 renovearre en op in gruttere oargelkreake yn it nij oanboude travee set. Hendrik Huisz boude yn 1658 in nij trijemanualich oargel mei in frij pedaal en brûkte dêrby materjaal fan it âlde oargel. It hie 27 registers en wie yn dy tiid it grutste oargel fan 'e Ommelannen.
Dêrnei wurken Arp Schnitger, Albertus Antoni Hinsz en Frans Casper Snitger, in pakesizzer fan Arp Snitger, oan it oargel. Heinrich Hermann Freytag brocht yn 1802 grutte feroarings oan it ynstrumint oan. Hy ferlytste it oargel ta twa klavieren, in frij pedaal en tweintich registers. De oargelkas bleau mei de kreake bewarre en it measte âlde piipwurk waard wer op 'e nij brûkt. Dêrnei renovearre yn 1833 Nicolaas Anthoni Lohman it oargel. Hy ferfong trije registers en in diel fan it fykwurk fan de oargelkas. Oant 1870 bleau de famylje Lohman oant it oargel wurkjen.
Sûnt 1903 wurke organist en oargelmakker Marten Eertman oan it oargel. Hy ferfong de Fluit 2′ fan it haadwurk troch in Bourdon 16′. Nei de Twadde Wrâldkriich wie it oargel net mear yn bêste steat. Mense Ruiter soarge der foar dat it oargel noch sa goed as it koe te bespyljen bleau, mar it duorre noch oant 2004 dat in restauraasje mooglik wie. By dy troch Mense Ruiter útfierde restauraasje waard it oargel safolle mooglik yn 'e steat fan 1833 werom brocht.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|