Sake Kornelis Feitsma
Sake Kornelis Feitsma | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | S.K. Feitsma | |
echte namme | Sake Kornelis Feitsma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 8 septimber 1850 | |
berteplak | Burgum (Fryslân) | |
stoarn | 8 jannewaris 1918 | |
stjerplak | De Haach (Súd-Hollân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk, Nederlânsk | |
sjenre | lit. koarte ferhalen, mearkes, poëzij, non-fiksje, oersettings | |
perioade | Belle Époque | |
streaming | naturalisme | |
bekendste wurk(en) |
"Dêr wier ris...!": Fryske Mearkes út 'e Folksmûle Opskreaun Ut e Modder fen e Maetskippij | |
jierren aktyf | 1888 – 1918 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Sake Kornelis Feitsma (Burgum, 8 septimber 1850 – De Haach, 8 jannewaris 1918) wie in Frysk ûnderwizer, dichter, oersetter, boekferkeaper en korrektor.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie de soan fan in timmerfeint. Yn Bûtenpost learde er foar skoalmaster, en nei't er syn akte helle hie, krige er in oanstelling yn Ingwierrum en letter yn Havelterberg. Yn 1882 brocht er it ta skoalhaad yn it Gelderske Voorst. Syn begearen wie Hendrika Veenstra, in skoalmastersdochter fan 'e Lemmer, mar har folk kearde in houlik tsjin. Feitsma rekke dêrop oan 'e drank, wat fan gefolgen hie dat er gauris earne ûntslach naam en op in oar plak nij wurk socht, lykas barde yn Jobbegea, Holwert, Uithuizen, Achlum en Aldhoarne. Einlings joech er it ûnderwizerskip der alhielendal oan. Hy waard breaskriuwer en sutele mei syn eigen bondeltsjes foardrachten en ferhalen, dy't er ek publisearre yn tydskriften. Tusken 1892 en 1905 wurke er as korrektor mei oan it Friesch Woordenboek. Yn 1897 troude er dochs noch mei Hendrika; se hiene doe goed fyftjin jier opinoar wachte. Efterinoar húsmannen se yn Twello, Dimter, Sutfen, Arnhim, Felp, Easterbeek, Hees en De Haach, wylst se sosjaal sjoen almar fierder efterútbuorken. Op 't lêst rekken se alhiel ta reapsein en wiene se de earmoed net mear treast; tegearre makken se op 8 jannewaris 1918 in ein oan harren libbens.
Njonken gedichten, koarte ferhalen en foardrachten, skreau Feitsma ek mearkes (lykas de samling "Der wier es", 1893); naturalistyske sketsen oer earmoed, bgl. op 'e Burgumer Heide (Ut e modder fen e maetskippij, 1893); en bibeloersettings (Evangeelje fan Markus, 1897; Joël, 1898).
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1888: Saun Ris Om: Grappige Teltsjes yn Onrym
- 1888: For Sprekkers en Lêzers: Nije Grappige Teltsjes yn Onrym
- 1890: It Skildbiwys, ef: Elk Lyk en Rjucht - Forhael út it Folkslibben
- 1891: Fen Earder en Letter (Samle Frysce Rimen)
- 1892: De Fryske Phonograef, fen Pas Foarbringende der yn Opnomde Sprekwirden, Siswizen en Oarspronklike Wirden út de Hjoeddeiske Omgongssprake
- 1892: Printsjes, Kleurd mei Ferwen út 'e Teikendoaze fen Fryske Sprekwirden, Sizmanearen en Nysgjirrige Wirden út 'e Hjoeddeiske Sprektale Opfandele
- 1892: Fryske Mearkes: Ut 'e Folksmûle Opskreaun, I. De Trije Riedlingen (mearkes)
- 1892: De Trye Buchelden
- 1893: "Dêr wier ris...!": Fryske Mearkes út 'e Folksmûle Opskreaun (mearkes)
- 1893: In Domenijs Hûsbisiik en Oare Grappige Foardrachten op Rym
- 1893: Ut e modder fen e maetskippij (naturalistyske earmoedsketsen)
- 1893: Fryske Mearkes: Ut 'e Folksmûle Opskreaun: De Prombeam (mearkes)
- 1897: Evangelie van Markus, vertaald in het Land-Friesch (bibeloersetting)
- 1898: Joel (bibeloersetting, mar nea útjûn)[1]
- 1899: De ljue út 'e mounle
- 1902: De vlugge Fries: Handleiding om Zonder Onderwijzer in Korten Tijd Friesch Werkelijk te Leeren Lezen, Schrijven en Spreken
- 1906: "Raer folk!" ef: De Geast fen it Kweade
- 1907: Troud Wiveleed en Bernelot: Oarspronklik Forhael út 'e Underste Lagen (ferhalen)
- 1908: In Forskoveling: Oarspronklik Forhael út 'e Underste Lagen (ferhalen)
Moderne werútjeften
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1991: Ut 'e Underste Lagen I & II (yn fotomeganyske print)
- 1999: Ut 'e Underste Lagen (útkommen yn 'e rige fan de Fryske Klassiken, mei in artikel fan Trinus Riemersma)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J. H. en oaren, Encyclopedie van Friesland 1953, Feitsma, Sake Kornelis. |
- Frysk ûnderwizer
- Frysk keapman
- Frysk koarte-ferhaleskriuwer
- Frysk mearkeskriuwer
- Frysk publisist
- Wurdboekskriuwer
- Frysk dichter
- Skriuwer yn it Frysk
- Frysk oersetter
- Bibeloersetter
- Oersetter nei it Frysk
- Nederlânsk ûnderwizer
- Nederlânsk keapman
- Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk dichter
- Nederlânsk oersetter
- Selsmoarddogger
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Burgum
- Persoan berne yn 1850
- Persoan stoarn yn 1918