Rynlânske waaier
De Rynlânske waaier is de namme foar it taalkundige oergongsgebiet fan guon isoglossen yn de Frankyske taalfarianten, dy't fan it Nederfrankysk oer it Middelfrankysk (Ripuarysk en Mûzelfrankysk) nei it Rynfrankysk rinne. Hy rint fan noard nei súd fan de Alde Isel, Uerdingen, Düsseldorf-Benrath, Keulen, Bonn, Bad Honnef, Linz, Bad Hönningen, Koblenz en Sankt Goar nei Spiers. De isoglossen binne neamd nei dy plakken dy't allegear oan de Ryn lizze en op de kaart lykje dy winliken op in waaier. Yn dat gebiet lizze ûnder oaren ek de kriten fan de Nederryn, de Keulske Bocht, Eifel, Hunsrück en it Westerwald.[1][2]
Yn de krite kaam de Heechdútske lûdferskowing mar foar in part. De taalfarianten yn de Rynlânske waaier wurde ta it Middeldútsk. De noardliker de mear de taalfarianten op it Nederfrankysk en Nedersaksysk lykje.
isoglosse | noardlik | súdlik |
---|---|---|
Noardnederfrankysk (Nederlânsk, Kleverlânsk, Eastbergysk), Nedersaksysk (Westfaalsk) | ||
Uerdinger liny Nederfrankysk/Middeldútske taalgrins[3] (dizenich) |
ik | ich |
Súdnederfrankysk (Limburchsk) | ||
Benrather liny | maken | machen (meitsje) |
Ripuarysk (Keulsk, Bonnsk, Akensk, Kerkraadsk) | ||
Bad Honnefer liny (falt rûchwei gear mei de grins tusken Noardryn-Westfalen/Rynlân-Palts)[4] | Dorp | Dorf |
noardlik Mûzelfrankysk (Lúksemboarchsk | ||
Linzer liny | tëschen, tëscht | zwëschen, zwëscht (tusken) |
Bad Hönninger liny Vinxtbach-liny |
op | of |
súdlik Mûzelfrankysk | ||
Bopparder liny | Korf | Korb |
Sankt Goarer liny dat-das-liny [5] |
dat | das |
Rynfrankysk (Paltsysk, Rynhessysk, Hessysk) | ||
Spierske liny[6] Middel-/Opperdútske taalgrins |
Appel, Pund | Apfel, Pfund |
Karlsruher liny Middel-/Opperdútske taalgrins (ferâldere) |
euch, mähe | enk, mähet |
Opperdútsk |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Georg Wenker (1877) Das rheinische Platt (Werprintinge yn: Sammlung deutsche Dialektgeographie Heft 8, Marburg, 1915.)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|