Springe nei ynhâld

Rush Limbaugh

Ut Wikipedy
Rush Limbaugh
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rush Hudson Limbaugh III
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 12 jannewaris 1951
berteplak Cape Girardeau (Missoery)
stoarn 17 febrewaris 2021
stjerplak Palm Beach (Floarida)
etnisiteit flagge fan de Feriene Steaten Anglo-Amerikaansk
flagge fan Dútslân Dútsk
wurkpaad
wurksum as radio-kommentator
medium radio
wurksum by The Rush Limbaugh Show
jierren aktyf 19672021
offisjele webside
rushlimbaugh.com

Rush Hudson Limbaugh III (Cape Girardeau (Missoery), 12 jannewaris 1951 - Palm Beach (Floarida) 17 febrewaris 2021 wie in Amerikaanske radio-persoanlikheid, konservatyf polityk kommentator, skriuwer en tillefyzjepresintator. Hy wie benammen ferneamd as presintator fan The Rush Limbaugh Show, dy't op AM en FM radiostjoerders oer it gânse lân hinne útstjoerd waard.

Rush Limbaugh wie ien fan de measte beharke radio-persoanlikheden yn de Feriene Steaten. Yn 2018 waard syn ynkommen op de list fan Forbes $84,5 miljoen steld. Yn desimber 2019 rûsde Talkers Magazine dat er sa'n 15,5 miljoen harkers yn de wike oanluts, en dat syn show de meast beharke show op de radio wie. Limbaugh hat ek sân boeken skreaun, wêrûnder de earste twa The Way Things Ought to Be (1992) en See'I Told You So (1993), dy't op de New York Times-bestsellerlist ferskynden.

Rush Limbaugh waard yn de 1990-er jierren ien fan de foarnaamste bekendheden yn de konservative beweging yn de Feriene Steaten, nei't de Fairness Doctrine yn 1987 opheft waard. Hy waard ferneamd om syn streekrjochte, delbêdzjende (fan benammen progressive politisy) spraakgebrûk en kritisy beskuldigen him derfan de poltike twaspjalt yn it lân fergrutte te hawwen. Limbaugh die gauris kontroversjele útspraken oangeande rassen, it homohoulik, feminisme en seksisme. Hy oppenearre dat de opwaarming fan de ierde net wier is en wie in grut foarstanner fan de Amerikaanske ynminging yn it Midden-Easten.

Yn de State of the Union taspraak fan 2020 krige er fan presidint Donald Trump de Presidential Medal of Freedom (de presidintlike frijheidsmedalje).

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rush Limbaugh waard berne op 12 jannewaris 1951 yn Cape Girardeau (Missoery) as soan fan Rush Hudson Limbaugh II en Mildred Carolyn Limbaugh (famkesnamme: Armstrong). Syn famylje fan syn heitekant wie fan Dútsk komôf en wie in foaroansteande famylje yn it súdeasten fan Missoery. Syn broer David Limbaugh is ek in konservatyf polityk kommentator; syn heit wie in abbekaat en wie in gefjochtspiloat yn de Twadde Wrâldkriich; syn pake, Rush Limbaugh Sr., wie in oanklager, en letter rjochter yn it rjochtsysteem fan Missoery en wie lid fan it Hûs fan Offurdigen yn de steat Missoery yn de 1930-er jierren; syn omke, Stephen N. Limbaugh Sr., wie in federale rjochter foar it Federale Distrikt fan eastlik Missoery; syn neef Stephen N. Limbaugh Jr., waard troch presidint George W. Bush oan deselde rjochtbank as rjochter oansteld. Syn mem kaam út Searcy (Arkansas)

Yn 1969 slagge er fan Cape Girardeau Central High School, dêr't er Amerikaansk fuotbal spile. Doe't er 16 jier âld wie wurke er foar in pleatslike radiostjoerder. Hy brûkte de namme Rusty Sharpe, om't er "Sharpe" yn in tillefoanboek fûn hie. Limbaugh sei letter dat de dj Larry Lujack fan Chicago in soad ynfloed op him hie. Rush Limbaugh syn mem sie dat radio it iennichste wie dat him ynteresearre; alle oare dingen koe him neat skele. In grut part fan syn libben besocht er syn heit tefreden te meitsjen en by him yn de geunst te kommen.

Yn febrewaris 1971 heake er fan kolleezje ôf en begûn er as dj foar de Top 40-radiostjoerder WIXZ yn McKeesport (Pennsylvania). Hy brûkte dêr de bynamme "Bachelor Jeff" Christie. Yn 1973, nei achttjin moanne, krige Limbaugh dien, om't er net mei syn baas oer de wei koe. Hy sette dêrnei út ein by radiostjoerder KQV yn Pittsburgh, dêr't er yn ein 1974 dien krige. Nei't er de iennige oanbieding fan doe yn Neenah (Wiskonsin) ôfsloech, gie er werom nei syn heit en mem yn Cape Girardeau. Yn dy snuorje waard er foar de rêst fan syn libben in fan fan de Amerikaanske fuotbalklup, de Pittsburgh Steelers.

Yn 1975 sette er út ein mei in middeisprogramma op de Top 40-radiostjoerder KUDL yn Kansas City (Missoery). Hy waard al rillegau de programmammakker fan in programma dy't moarns yn it wykein útstjoerde, dêr't er stadichoan syn kontroversjele ideeën op it aljemint brocht. Yn 1977 krige er lykwols al wer dien en begûn yn Kansas City mei in jûnsprogramma by KFIX. Nei in pear wike krige er spul mei it behear fan de radiostjoerder en krige er fannijs dien. Limbaugh begûn syn selsbetrouwen as radio-persoanlikheid te ferliezen en tocht dat er miskien in oare rjochting op sykje moast. Hy socht in dieltiids baan by de honkbalklup Kansas City Royals en waard letter in foltiids meiwurker. Hy waard yn dy snuorje goede freonen mei spiler George Brett. Limbaugh sei letter dat sakereizen nei Jeropa en Aazje syn konservative ideeën foarmjoegen, om't der yn dy lannen in legere libbensstandert as yn de Feriene Steaten wie.

Yn novimber 1983 kearde Limbaugh werom nei de radio by AM-stjoerder KMBZ yn Kansas City. Dêr besleat er tenei syn eigen namme te brûken. Hy krige dêr dien en begûn stikmannich wiken letter by KFBK yn Sacramento (Kalifornje), dêr't er Morton Downey Jr. ferfong. Syn programma sette op 14 oktober 1984 út ein. Op 5 augustus 1987 waard de Fairness Doctrine, dêr't stjoerders ferplichte waard beide kanten fan in kontroversjeel ûnderwerp ta te ljochtsjen, opheft. Dêrnei koene stjoerders kontroversjele ûnderwerpen behannelje sûnder om nei de oare kant te sjen. Daniel Henninger skreau in opinystik yn de Wall Street Journal en skreau: "Ronald Reagan bruts dizze muorre ôf (de fairness doctrine) yn 1987.... Rush Limbaugh wie de earste man dy't himsels as befrijd fan it East-Dútslân fan de oerhearskjende liberale media útrôp".

Logo fan The Rush Limbaugh Show

Yn july 1988, nei syn sukses yn Sacramento, krige er it omtinken fan de direkteur fan ABC Radio, Edward McLaughlin, en sette Limbaugh út ein mei in nij programma, the Rush Limbaugh Show, op WABC (AM) yn New York, dy't ornearre wie foar praatprogramma's. Dy stjoerder waard de haadstjoerder, dêr't ferskate selsstannige stjoerders (de saneamde affiliates) oan ferbûn wiene, en bleau dat sels nei't Limbaugh nei West Palm Beach (Floarida) ferhuze wie. Op 1 jannewaris 2014 ferhuze Rush Limbaugh syn programma nei WOR (AM), ek yn New York.

Yn 1990 makke Limbaugh in stikmannich presintaasjes troch it lân hinne en makke dêrmei, nei in rûzing, sa'n $360.000. Yn desimber fan dat jier skreau sjoernalist Lewis Grossberger yn de New York Times dat Limbaugh mear harkers hie as oare praatprogramma's. Syn programma waard oer 650 radiostjoerders útstjoerd.

Nei't Bill Clinton yn 1992 de presidintsferkiezings wûn hie, stuts Limbaugh gauris de gek mei it belied fan Clinton en syn frou, Hillary Clinton, allyk as mei oaren fan de Demokratyske Partij. Nei't de Republikeinen de midtermynsferkiezings fan 1994 wûnen, yn beide de Senaat en it Hûs fan Offurdigen, dat de saneamde Republikeinske Revolúsje neamd waard, laat troch Newt Gingrich, krige Rush Limbaugh de earelidmaatskip troch harren oanbean, om't se fûnen dat hy in grutte rôl yn harren sukses spile hie.

Yn 2001 krige er problemen mei syn gehoar en neffens syn sizzen waard er hast folslein dôf, mar hy gie noch wol troch mei syn programma. Hy krige syn gehoar foar in grut part werom mei help fan in kochleêr ymplanaat.

Yn 2003 waard er foar in koart skoftke kommentator foar Amerikaansk fuotbal op stjoerder ESPN. Hy moast al nei in pear wike, nei't it seizoen fan de NFL begûn wie , dien nimme, nei't er delbêdzjende útspraken die oer de Afro-Amerikaanske quarterback Donovan McNabb, en dêrtroch beskuldige waard fan rasisme.

Lettere ûntwikkelings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2003 makke Limbaugh buorkundich dat er ferslave wie oan pynpillen, en dat er behanneling dêrfoar oan it sykjen wie. Yn 2006 joech er himsels by de plysje fan West Palm Beach oan, nei't der in arrestaasjebefel tsjin him útfeardige wie foar fraude mei it foarskriuwen fan medisinen. Syn strafblêd waard letter skrast.

Yn 2013 waard der ferslach troch ferskate nijsrûnten dien dat Cumulus Media, dy't in soad radiostjoerders behearde dy't de programma's fan Rush Limbaugh útstjoerden yn guon grutte merken lykas New York, Chicago, Dallas, Washington D.C. en Detroit, oerwage, wannear't it kontrakt mei Limbaugh oan de ein fan it jier ôfrûn, net mear fernije te litten út noed oer it weromlûken fan grutte advertearders nei kontroversjele útspraken fan Limbaugh. Neffens Limbaugh wiene dy ferslaggen oerdreaun en wie it neffens him in gefal fan "rûtine dollars en sinten ûnderhannelings" tusken Cumulus en syn netwurksyndikaatpartner Premiere Networks. De twa partijen kamen lang om let ta in oerienkomst dat der ta late dat Limbaugh syn programma fan WABC, dy't troch Cumulus beheard waard, nei WOR, dy't troch Clear Channel Radio beheard waard, ferhuze op 1 jannewaris 2014. Limbaugh syn programma waard noch wol op Cumulus-stjoerders útstjoerd op oare merken.

Yn syn earste New York Times bestseller, beskreau Limbaugh himsels as in konservatyf, en utere er krityk op omroppers dy't bewearden dat se objektyf wiene. Hy trúnde oan op it oannimmen fan uterst konservative ideeën, om't dat neffens him de wissichheid wie foar it oerlibjen fan de Republikeinske Partij. Hy wie in foarstanner fan it Amerikaansk eksepsionalisme en bêde politisy del, dy't it neffens him net sa seagen, as "anty-amerikaansk".

Limbaugh wie bekend om syn rasistyske útspraken oangeande Afro-Amerikanen. Hy hie ris oppenearre dat alle krantefoto's foar kriminelen, dy't socht waarden, op Jesse Jackson liken. Ek sei er ris dat de NFL te faak op in spul tusken de Bloods en Crips, twa Afro-Amerikaanske kriminele binden yn Los Angeles dy't fijannich foarinoar oer stiene, liken sûnder wapens. Yn 2008 sei er dat Afro-Amerikanen, ta tsjinstelling fan oare minderheden, yn in sosjale efterstân sieten, om't se fan jongs ôf oan leard binne om de Feriene Steaten te haatsjen.

Limbaugh beskuldige progressive politisy gauris dêrfan dat hja de oanset joegen foar yllegale ymmigraasje, mar harren tagelyk mismoedigje om harren oan te passen yn de Amerikaanske maatskippij, sa't der rasse-ûngelikens bliuwt en dat dat ta foardiel fan de Demokraten wêze soe. Dat soe neffens Limbaugh it yninoar sakjen fan de demokrasy en de regel fan de wet yn de Feriene Steaten feroarsaakje.

Ek hie er de gek mei de genoside fan de Yndianen en sei: "Holokaust 90 miljoen yndianen? Allinnich noch mar 4 miljoen oer? Hja hawwe allegear kasino's, wat is dêr no oer te kleien?"

Homoseksualiteit

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Limbaugh die gauris homofobe útspraken en seach homoseksualiteit is eat "ûnhygiënysk". Hy krêke de HIV/AIDS-besmettings ôf en oppenearre dat it troch polityk lofts oerdreaun waard. Ek bewearde er dat AIDS net oerdroegen waard oan heteroseksuëlen. Ek die er yn de iere 1990-er jierren syn saneamde AIDS Update, dêr't er de gek hie mei homoseksuëlen dy't oan AIDS ferstoarn waarden. Letter sei Limbaugh dêroer dat it "meast spitige ding dat ik ea dien hie". Yn 2013 neamde er it homohoulik in ferlerne saak. Yn febrewaris 2020 foarsei Limbaugh dat Pete Buttigieg, dy't in presidintskandidaat fan de Demokraten wie, de ferkiezings net winne koe, om't er homofyl is.

Limbaugh wie der fûl op tsjin op it wetlik tastean fan drugs. Hy trúnde derop oan om drugsbrûkers swierdere straffen te jaan. Kritisy fan him neamden syn útspraken skynhillich en ferwiisden nei syn eigen ferslaving oan pynpillen.

Limbaugh hie in soad krityk op de miljeubeskerming en klimaatwittenskip, en fersmiet it ferbân tusken GFK's en it tinner wurden fan de ozonlaach, en miende er dat wittenskiplik bewiis dy teory tsjinsprekt. Hy miende dat it opwaarmjen fan de ierde in "hoax" wie en dat it "in nustje wittenskippers om in politike beweging hinne organisearre" is. Hy neamde miljeubeskermers dy't lofts oriïntearre wiene "miljeugekken". Limbaugh skreau dat der hjoed-de-dei sels mear bunder boskgebiet yn de Feriene Steaten is as doe't Kolumbus Amearika ûntduts yn 1492. Der is lykwols 75% minder bosk as dat der yn 1630 wie.

Limbaugh utere in soad krityk op it feminisme en sei dat it ta foardiel fan progressiven wie en net foar froulju yn it algemien. Hy brûkte gauris it begryp "feminazi", foar foaroansteande froulju dy't opkamen foar frouljusrjochten. Yn 1992 sei er dat it foar guon feministen wichtich is safolle mooglik abortussen te plachtsjen. Hy neamde de Frouljusmars yn 2017 nei Washington D.C. as protest tsjin presidint Donald Trump de "steurde feminazi-mars"

Limbaugh wie foel op abortus tsjin. Twa wike lang yn 1989 die er "skiller-abortussen", dêr't er hommels in tillefoanpetear einige mei it lûd fan in stofsûger en in gjalp. Hy ûntkende dat er de tillefoan opsmiten hie, itjinge er de skillers foarsei net te dwaan, mar harren sjen litte woe de "trageedzje fan abortus" en derop te wizen dat abortus winliken moard is.

Limbaugh wie foar de kriich yn Irak, en rekommandearre yn 2002 der op oan en bombadearje Irak as wraakaksje foar de oanslaggen op 11 septimber 2001. Sels nei't der gjin massaferneatigingswapens yn Irak fûn waarden, oppenearre er dat se al bestien hawwe. Hy tocht dat de Abu Ghraibmartelskandaal net sa erch wie en fûn dat de Demokraten harren dêr te drok om makken en de kriichsynspanning dêrmei ferswakten.

Yn 2018 spekulearre er dat de bewiis foar massaferneatigingswapens troch de Amerikaanske ynljochtingetsjinsten optocht wie om presidint George W. Bush foar gek te setten.

Yn 1993 wie Limbaugh foar de Noardamerikaanske Frijhannelsoerienkomst (NAFTA) en makke in grap dêroer dat der wolris in ynvaazje fan ûnderfûnene wurklju nei Meksiko plakfine koe, dêr't er winliken de gek stuts mei it feit dat in soad Meksikanen wurk sykje yn de Feriene Steaten. Letter stie er mear kritysk foar NAFTA oer en sei dat it de Amerikaanske sûvereiniteit beheind hie, en de Feriene Steaten ûnderhearrich makke hie oan "wrâldtribunalen" lykas de WHO en it Ynternasjonaal Gerjochtshôf. Limbaugh wie foar de hannelskriich mei Sina en de tariven dy't troch presidint Trump oplein waarden.

Rush Limbaugh wie fûl op presidint Barack Obama tsjin yn de presidintsferkiezings fan 2008 en sprate falske teoryen dat Obama net yn de Feriene Steaten berne wêze soe. Limbaugh foarsei dat Obama de ferkiezings net winne koe en doe't Obama dy al wûn hie, sei er yn jannewaris 2009: "Ik hoopje dat er faalt". Limbaugh neamde it regear fan Obama gauris "it rezjym" of "it Obama-rezjym" of sels de junta. Nettsjinsteande dat sei er oer Obama: "Hy is myn presidint, hy is in minske, en syn ideeën en belied binne fan belang foar my". Limbaugh mismoedige sels it besykjen fan guon Republikeinen om Obama ôf te setten en neamde dat ûnrealistysk.

Limbaugh beskuldige Obama derfan dat er ras brûkte om krityk fan syn belied tefoaren te kommen om it dan as rasisme op te merken.

Limbaugh utere krityk op it bûtenlânsk belied fan Obama, sa as it weromlûken fan Amerikaanske striidkrêften út Irak wei, sa't de Islamityske Steat yn Irak en de Levant frij paad hawwe soe. Ek smiet er de gearspanningsteory yn de rûnte dat de terroristyske oanslach yn Bengazy yn Lybje yn 2012 barde nei't der in temûke wapenhannel mei de Syryske opposysje plakfûn hie en dat Obama dy bekrêftige hawwe soe. Hy spekulearre dat troch it útlekken fan emails fan it Demokratysk Nasjonaal Kommitee dat allegear oan it ljocht komme soe.

Doe't de Westafrikaanske Ebolafirus-epidemy him yn 2014 yn de Feriene Steaten fersprate, beskuldige er Obama, de media en de oerheid derfan de symptomen mei sin te bagatellisearjen.

Rush Limbaugh mei Donald Trump op it Trump International Golf Club

Limbaugh wie in folsleine foarstanner fan de kandidatuer fan Donald Trump foar de presidintsferkiezings fan 2016, alhoewol't er ynearsten Ted Cruz stipe hie. Hy wie it der net mei iens hoe't Trump Cruz behannele. Letter utere Limbaugh krityk op Cruz doe't dy wegere Trump te stypjen nei syn nominaasje by de Republikeinske Nasjonale Konvinsje. Nei de ferkiezings waard er in oanhinger fan de djippe steatgearspanningsteoryen, wêrby't er oppenearre dat de Feriene Steaten yn in steat fan in Kâlde Boargerkriich bedarre wie. Dêrby soe de Demokratyske Partij temûk oan it tarieden wêze om ûnwetlik de ferkiezingsútslaggen omsmite te wollen, itjinge se by it fannijs tellen fan de stimmen yn Floarida by de presidintsferkiezings fan 2000 mei úteinsetten om ta einbeslút de frije ferkiezings yn de Feriene Steaten fuort te dwaan.

Yn desimber 2018 utere er krityk op Trump, om't dy mei in resolúsje mei gie dy't de oerheid oant 8 febrewaris 2019 finansierje soe en in sluting fan de oerheid tefoaren komme soe. Yn dy resolúsje wie der gjin jild ornearre foar it bouwen fan de muorre op de grins mei Meksiko. Trump skille him dêrnei gauris yn syn programma útstjoering dêr't er ferkundige dat er in feto oer de resolúsje útsprekke soe, wêrby't de federale oerheid foar in bepaalde tiid sletten waard. Limbaugh wie in oanhinger fan dy sluting dêr't er by ferkundige dat de presidint syn beloften lofts en rjochts wiermakket. Limbaugh trúnde der sels op oan om de grins mei Meksiko alhiel te sluten.

Limbaugh fersmiet it idee dat der in keppeling wie tusken de kampanje fan Trump mei Russyske offisjelen. Hy miende dat it ûndersyk fan de FBI ûnder lieding fan Robert Mueller op Michael Flynn en Paul Manafort troch Obama en de Demokratyske Partij hjitten waard om it presidintskip fan Trump te ferswakjen.

Limbaugh wie in oanhinger fan de gearspanningsteory dat Trump de mearderheidsstimmen yn de ferkiezings fan 2016 ferlear, om't der yllegale ymmigranten stimd hawwe soene.

Mei de Covid-19 pandemy yn de Feriene Steaten oppenearre Limbaugh dat de firus mar in gewoane ferkâldenheid wie. Yn syn radioprogramma sei er op 24 febrewaris 2020: "Ik ha tige gelyk. De koroanafirus is in gewoane ferkâldenheid, minsken", en beskuldige er dat it firus brûkt waard om Trump del te heljen. De Amerikaanske sûnensdepartemint fan de oerheid, Centers for Disease Control and Prevention sei dat it firus net itselde as oare koroanafirussen, dy't ferkâldenheid feroarsaakje, wie. Hja neamden Limbaugh syn útspraak "tige ûnferantwurdlik".

Yn de útjefte fan july-augustus 1994 fan Extra!, in publikaasje fan Fairness and Accuracy in Reporting, waarden 50 ferskate ûnwiere of ferdraaide útspraken waarnommen yn Limbaugh syn kommentaar. Fan Limbaugh syn kontroversjele útspraken en beskuldigingen, kaam feitehifker Politifact der efter dat 84% dêrfan "meast falsk" of "folslein falsk" wie, en mar 5% "meast wier" en 0% "folslein wier" wie. Oare útspraken fan Limbaugh dy't bewiisd waarden dat se falsk wiene, wiene: dat it bestean fan gorilla's de evolúsjeteory ôfwize soe; dat Ted Kennedy in brief oan Sovjetlieder Andropov stjoerd hie om presidint Ronald Reagan te ferswakjen; dat in fermindering fan it oantal orkanen de teory fan klimaatferoaring ôfwiisd; en dat presidint Obama besnijenis fan jonges ferplichtsje woe.

Yn 2006 beskuldige er akteur Michael J. Fox, dy't de Sykte fan Parkinson hat, falsk derfan dat er de symptomen fan syn sykte oerdreau doe't er in promoasjefilmke foar it ûndersykjen fan stamsellen makke. Fox neamde de útspraken fan Limbaugh "njidzjen".

Rush Limbaugh by de State of the Union krekt nei't er de Presidential Medal of Freedom ûntfongen hie

Rush Limbaugh hat fjouwer kear troud west, wêrfan't der trije einigen yn in skieding. Hy hie gjin bern. Hy boaske foar de earste kear Roxy Maxine McNeely, in ferkeapsekretaris fan radiostjoerder WHB yn Kansas City, doe't er 26 jier âld wie, op 24 septimber 1977. McNeely frege foar in skieding oan yn maart 1980.

Yn 1983 boaske er Michelle Sixta, in kolleezjestudint, dêr't er yn 1990 fan skate.

Op 27 maaie 1994 boaske er Marta Fitzgerald, in 35 jier âlde aerobics ynstrukteur. It pear gie yn juny 2004 útinoar, en de skieding wie yn desimber 2004 wiermakke, dy't er op de radio buorkundich makke hie. Yn septimber 2004 begûn er in relaasje mei CNN nijslêzer Daryn Kagan, en yn febrewaris 2006 einige dy relaasje wer.

Limbaugh wenne fan 1996 oant syn dea yn 2021 yn Palm Beach (Floarida). Neffens in freon rekke Limbaugh fereale mei Palm Beach doe't er it plak yn 1995 besocht hie. Limbaugh ferhuze dêrnei fan New York nei Palm Beach en mocht it graach lije dat, ta tsjinstelling fan de steat New York, Floarida gjin ynkomstebelesting heft.

Hy begûn in relaasje mei Kathryn Rogers, in feestplanner, en it pear troude op 5 juny 2010.

Limbaugh, dy't in swiere sigaresmoker west hat, krige op 20 jannewaris 2020 te hearren, nei't er op 12 jannewaris problemen krige mei it sykheljen, dat er longkanker hie en dat it al ferspraat wie. Hy makke dat buorkundich op syn radioprogramma op 3 febrewaris. Op 20 oktober makke er buorkundich dat behannelings net mear holpen en dat er net lang mear te libjen hie. Yn desimber die er syn programma foar de lêste ear en op 17 febrewaris 2021 kaam er te ferstjerren oan de gefolgen fan longkanker. Syn frou makke it dy deis op syn radioprogramma buorkundich.

De Republikeinske gûverneur fan Floarida, Ron DeSantis oardere dat op de dei fan syn begraffenis de flaggen healstôk hingje moatte.

Op 4 febrewaris 2020, in dei nei't er syn sykte buorkundich makke hie, wie er in gast fan Donald Trump by syn State of the Union. Dêrby joech Trump Limbaugh de Presidential Medal of Freedom, ta argewaasje fan Trump syn tsjinstanners.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen, noaten en oare literatuer, sjoch: References en Further Reading op dizze side