Fairness Doctrine

Ut Wikipedy

De Fairness Doctrine (betsjut: earlikenslear) wie in regeling fan de Federal Communications Commission (FCC) yn de Feriene Steaten dy't yn 1949 oannommen waard. Neffens dy regeling moasten omroppers beide kanten fan in kontroversjeel ûnderwerp taljochtsje.

De fairness doctrine wie basearre op twa eleminten: it ferplichte omroppers tiid fan harren útstjoertiid te besteegjen om kontroversjele ûnderwerpen, dy't fan iepenbier belang wiene, te besprekken, en de ferskillende útgongspunten dêrfan te besprekken. Stjoerders koene sels bepale hoe en wat, sa as bygelyks ûnderdiel fan it nijs, aktualiteiterubriken of redaksjonele artikels. De regeling ferplichte lykwols gjin likese tiid foar tsjinstellende útsichtpunten, mar se moasten teminsten alle útgongspunten wol behannelje.

It wichtichste punt fan de regeling wie om harkers de ferskillende útgongspunten sjen te litten om sa harren eigen oardiel deroer jaan litte te kinnen. Nei't ûnder it regear fan presidint Ronald Reagan de regeling op 5 augustus 1987 opheft waard, hoegden omroppers net mear objektyf te wêzen. De reden foar it opheffen, wie neffens sizzen dat de regeling it earste amindemint fan de Amerikaanske grûnwet skeint. Dat amindemint jout de garânsje foar frijheid fan mieningsutering en parsefrijheid, en neffens de tsjinstanners fan de regeling skeinde it de parsefrijheid. It opheffen fan de regeling late neffens in soad minsken ta de politike twaspjalt yn it lân.

It opheffen fan de regeling kaam benammen ta foardiel foar de konservative kommentatoaren, dy't op de radio praatprogramma's útstjoerden. Rush Limbaugh wie ien fan de earsten, en dy sette út ein mei syn programma yn 1988 dy't al rillegau oer 650 radiostjoerders te beharkjen wie. Hy smiet gauris gearspanningsteoryen yn de rûnte. Letter kamen ûnder oaren Sean Hannity en Glenn Beck, en nijsstjoerder Fox News derby.

Der waard neitiids wer oproppen, benammen út de rûnte fan progressiven en de Demokratyske Partij om de fairness doctrine fannijs yn te fieren, mar benammen republikeinen binne der op tsjin.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen, noaten en referinsjes, sjoch op References en Further Reading op dizze side.