Oerlis:Fairness Doctrine

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Goeie @Ieneach fan 'e Esk: hoe kin de titel fan in side kursyf makke wurde? Ik wit net hoe't ik dat foarinoar krije kin. --Kneppelfreed (oerlis) 22 feb 2021, 04.28 (CET)[beäntwurdzje]

@Kneppelfreed: Goeie. Dat is in handichheidsje dêr't ik ek jierren oer dien haw om it te ûntdekken. Eins soene se nochris in hânlieding oer Wikipedia skriuwe moatte mei sokke dingen deryn. Hoe dan ek, dat kursyf meitsjen fan 'e titel kinne jo dwaan troch earne op 'e side te setten:
{{DISPLAYTITLE:''{{PAGENAME}}''}} 
Dizze tekst is oan 'e "foarkant" fan it artikel ûnsichtber, mar it jout wol in wytregel, dus it is net handich om it boppe-oan te dwaan. Ik set it altyd ûnderoan, by de kategoryen, dan is der neat oan 'e hân. As jo it sa dogge, is de hiele titel kursyf. As jo in diel fan 'e titel kursyf hawwe wolle, litte we sizze "The Eagle (film út 2010)", dan dogge jo dat sa:
{{DISPLAYTITLE:''The Eagle'' (film út 2010)}} 
Dat is alles. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 feb 2021, 00.17 (CET)[beäntwurdzje]
Tige tank. Ja dêr hie ik ien twa trije net efter kommen :-)--Kneppelfreed (oerlis) 23 feb 2021, 01.21 (CET)[beäntwurdzje]
Ik ek net. Drewes (oerlis) 23 feb 2021, 09.43 (CET)[beäntwurdzje]
@Kneppelfreed en Drewes: Noch even in puntsje, foar as in artikel omneamd wurdt. As de fariant mei "PAGENAME" brûkt wurdt, makket dat neat út, want dan is de namme net spesifisearre. Mar by de ûnderste fariant, as ik bgl. tink fan ferrek ik haw it ferkearde jier en ik neam it artikel om nei "The Eagle (film út 2011)", dan wurket it Displaytitle-berjocht net mear, want dan hat it artikel net mear de titel dy't dêryn fermeld stiet. Ik leau dat der dan ûnderoan de side in systeemkategory komt dy't jin dêr op wiist. Dus: titel feroarje, displaytitle-berjocht mei feroarje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 feb 2021, 23.01 (CET)[beäntwurdzje]