Rienold Postma
Rienold Postma, (Houwersyl, Grinslân, 26 septimber 1950) is in keunstner út Weidum. Syn atelier stiet oan it Sânpaad. Postma is autodidaktysk skilder en makket ferstille keunst. Underwerpen binne minsk, bist, lânskip en portret.
Postma wurket mei pastel op papier, en akryl op linnen. Guon fan syn wurken hingje by Museum Belvedêre yn It Oranjewâld.
Oer syn wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer him waard ûnder mear skreaun yn de artikelen "De Friese eenzaamheid" ( Bas Roodnat, NRC ), "Indrukwekkend werk van een kluizenaar" (Rients Kooistra, Friesch Dagblad ), "Rienold Postma overwint exposeerangst" ( Sytse Singelsma, L.C.), "Mijn portretten zijn een omhelzing" (Marita de Jong De Moanne ), "Poëtische reflecties van individuen" (Illand Pietersma, Dagblad van het Noorden) "Kunsthal Weidum" (Piter Bergstra yn Noorderbreedte) en "Het schilderij als woning" (Pieter Bakker yn Kunst en Wetenschap ).
Yn 2003 waard troch Omrop Fryslân it filmportret De wereld van Rienold Postma makke, dit waard letter ek útsjoerd op Nederlân 1.
- Oersjoch
Inkele boeken wêryn't wurk fan de keunstner te sjen falt:
- Rienold Postma ( útjefte De Drijvende Dobber)
- Verstild Friesland, útjûn by it 25-jierrich jubileum as skilder en it 30 jier wenne te hawwen yn Fryslân, Utjouwerij Fryslân, ISBN 978-90-78559-11-5, 2008
- Overstekende negerinnen, 2006.
- Een greep uit het licht is een handvol donker, (keunstboek, 2000 ISBN 9789080513921.
- Antwoord aan de zon
- "Zachtmoedige portretten" ( ûnderferdield yn Sêftmoedige / Moedige portretten).
Utstallings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Drachten, Tedere portretten (1990-2004)
- Museum Belvedêre (july 2011)
- EMgalerie (2005 en 2011)
- Tripgemaal fan Thom Mercuur
- galery De Vries yn Ljouwert
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |