Springe nei ynhâld

Tripgemaal

Ut Wikipedy
Tripgemaal

It Tripgemaal, boud yn 1876, is in museum oan de Heafeartswei yn Gersleat. Midden yn dit feanpoldergebiet wurdt in byld jûn fan de sosjale skiednis fan benammen de feanterij en fiskerij. Yn it gemaal is dan ek feanarbeidersark te sjen. De gearhing fan de earmoede fan doe wurdt kombinearre mei tsjintwurdige keunst.

It gemaal waard ferneamd nei de famylje Trip dy't trije generaasjes lang de masinisten fan it gemaal levere.

Yn it Tripgemaal hat jierrenlang de galery fan Thom Mercuur (1940-2016) sitten. It Tripgemaal waard yn 2016 út it erfskip fan Thom Mercuur kocht troch Jort Mercuur en Miriam van der Meer út Grins. Njonken museum en galery is it sûnt ek in artist-in-residence-lokaasje.[1]

It gemaal is in ryksmonumint.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: