Springe nei ynhâld

Rapûnske

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rapunzel)
Rapûnske
Rapûnske en de prins. (Yllustraasje fan Paul Hey, omtrint 1910.)
Rapûnske en de prins.
(Yllustraasje fan Paul Hey, omtrint 1910.)
algemiene gegevens
oarspr. titel Rapunzel
auteur Friedrich Schulz
taal Dútsk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1790
bondel Kleine Romane

Rapûnske (yn it oarspronklike Dútsk: Rapunzel, útspr.: [raˈpunʦəl], likernôch: "ra-pûn-tsul"); Nederlânsk: Raponsje; Ingelsk: Rapunzel, útspr.: [ɹəˈpʌnzəl], likernôch: "ruh-pan-zul") is in mearke dat foar it earst yn 1790 publisearre waard troch Friedrich Schulz. It waard popularisearre troch de bruorren Grimm, dy't der yn 1812 in oanpaste ferzje fan opnommen yn harren bondel Kinder- und Hausmärchen. Rapûnske is benammen tige by tige bekend yn 'e Angelsaksyske lannen. Yn Nederlân is dat folle minder it gefal.

In troud pear dat njonken de ommuorre tún fan in hekse wennet, hat in bernewinsk. As de frou op in stuit dan einlings swier wurdt, rekket se oanhelle mei de nuvere ytlusten dy't gauris mank geane mei swierwêzen. As se de 'rapûnskes' (yn it Dútsk Rapunzel, ferwizend nei de fjildslaadplant Campanula rapunculus of mooglik Valerianella locusta) yn 'e kokentún fan 'e buorfrou groeien sjocht, rint har it wetter yn 'e mûle en kin se nearne oars mear oan tinke. Se wegeret alle oare iten en begjint wei te kwinen. Har man, dy't bang is dat se harsels deadwaan sil, slûpt by nacht de tún fan 'e hekse yn en stelt wat fan 'e rapûnskes. Dy makket er ta en syn frou yt foar it earst yn dagen wer.

De frou stiet der lykwols o sa by har man op oan om mear fan 'e rapûnskes te heljen, dat de man giet op 'e nij op strûptocht. Underwilens hat de hekse lykwols opmurken dat immen ta har kokentún sitten hat, en dat de oare kears wachtet se de dief op. As har buorman mei de nije rapûnskes wer oer de muorre klimme sil, komt se foar 't ljocht en beskuldiget him fan dieverij. De man smeket om genede, en de hekse is net ûnreedlik, dat se jout him frij om safolle fan 'e rapûnskes mei te nimmen as er wol, mar yn ruil dêrfoar wol sy de poppe hawwe as dy berne wurdt. Yn wanhope stimt de man dêryn ta.

In postsegel út 'e DDR út 1978 dy't Rapûnske en de hekse ôfbyldet.

Dat as de poppe letter te wrâld komt, nimt de hekse it bern mei en bringt it grut as wie it har eigen dochter. Se jout har de namme Rapûnske, nei de plant dêr't har wiere mem net sûnder koe. Rapûnske ûntjout har ta in tsjep famke mei lang goudblûn hier. As se tolve jier wurdt, slút de hekse har op yn in keamer boppe-yn in toer midden yn 'e bosk, dy't doar noch trep hat, en mar ien finster. As de hekse har dêr besiket, giet se ûnder it finster stean en ropt út: "Rapûnske! Rapûnske! Lit dyn hier del dat ik dyn goudene ljedder beklimme mei!" Dêrop lit it fanke har lange frissels út it finster ôfrôlje oant op 'e grûn, wêrnei't de hekse dêroan omheech klimt.

Op in dei riidt der lykwols in knappe prins troch de bosk, dy't Rapûnske sjongen heart. Hy folget it lûd fan har stim nei de toer, dêr't er omdôch siket nei in doar om tagong ta har te krijen. Sûnder wat bedijd te hawwen, jout er him wer ôf, mar har sjongen hat him sa yn 'e besnijing krigen, dat er geregeldwei by de toer weromkomt om nei har te harkjen. Op in dei sjocht er dêr hoe't de hekse har oannommen dochter besiket, en leart sa hoe't er yn 'e toer komme kin. As de hekse har ôfjûn hat, giet de prins nei de toer ta en hjit Rapûnske om har hier del te litten. Hja docht dat en hy klimt omheech en se reitsje fereale opinoar. Nei ferskate besiken freget er har om mei him te trouwen en sy jout him tawurd.

Tegearre betinke Rapûnske en prins in plan om har út 'e toer ûntsnappe te litten. Hy sil eltse nacht delkomme om 'e hekse te ûntrinnen dy't har inkeld by dei besiket, en har hieltyd in stik side bringe dêr't sy stadichoan in ljedder fan weevje sil. Ear't de ljedder ôf is, ferriedt Rapûnske lykwols ûnnoazelwei har prins oan 'e hekse. Yn 'e earste edysje fan 'e Kinder- und Hausmärchen merkt se sûnder euvelmoed op dat har jurk har almar strakker om 'e lea komt te sitten, dêr't de hekse út begrypt dat se swier rekke is. Yn lettere edysjes út 'e kekene njoggentjinde iuw is dy ferwizing nei seks ferfongen troch in foarfal wêrby't se op in stuit har mûle foarby praat troch derút te blaffen dat it in stik lichter fielt as de prins oan har hier hinget, as de hekse. Yn elts gefal ûntstekt de hekse yn grutte grime, knipt de lange lokken fan Rapûnske ôf en jaget har de wyldernis yn om har tenei mar sels te rêden.

As de prins dy nachts komt, brûkt de hekse it ôfknipte hier fan Rapûnske om him omheech klimme te litten. Boppe-yn 'e toer fynt de prins ta syn ôfgriis lykwols net syn leafste, mar de hekse. Dy byt him yn razernij ta dat er Rapûnske nea wer sjen sil, wêrnei't de prins út 'e toer springt. Hy komt del yn in toarnbosk dy't syn fal brekt, mar de toarnen stekke him ek de eagen út, sadat er blyn wurdt. Jierrenlang doarmet er yn 'e wyldernis om oant er úteinlik op it plak bedarret dêr't Rapûnske no yn earmoede libbet, mei de twilling, in jonge en in famke, dy't se fan him krigen hat. Op in dei, as se wer ris sjongt, heart er har stim, dy't him nei har ta liedt. Sa wurde se weriene, en as se him gûlend fan blydskip yn 'e earms falt, wurde syn eagen genêzen troch har triennen. Dêrnei nimt er har en harren beide bern mei nei syn keninkryk, dêr't se noch lang en lokkich libje.

De prins ûntdekt de toer fan Rapûnske op in yllustraasje fan Johnny Gruelle.

Publikaasjeskiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rapûnske, ûnder de Dútske titel Rapunzel, waard yn 1790 foar it earst optekene troch Friedrich Schulz yn syn bondel Kleine Romane. Dat wie eins in oersetting fan it Frânsktalige mearke Persinette, út 1698, fan Charlotte-Rose de Caumont de La Force, dat sels wer sterk beynfloede wie troch in ierder Italjaansktalich teltsje, Petrosinella, út 1634, fan Giambattista Basile. Rapûnske waard lykwols popularisearre yn 'e ferzje dy't de bruorren Grimm yn 1812 yn harren Kinder- und Hausmärchen opnamen. Fral yn 'e Angelsaksyske wrâld is it in tige bekend en populêr mearke.

Rapûnske wurdt klassifisearre as type 310 (The Faam yn 'e Toer) yn it Aarne-Thompson-klassifikaasjesysteem.

Yn 'e popkultuer, benammen yn en út 'e Feriene Steaten, is Rapûnske adaptearre en parodiëarre yn ferskate media. Sa is it ien fan 'e mearkes dy't mei-inoar ferfrissele binne ta de musical Into the Woods, út 1986, fan Stephen Sondheim en James Lapine, en ek ta de ferfilming dêrfan, Into the Woods, út 2014. In oare ferneamde ferfilming fan it ferhaal fan Rapûnske is de Disney-tekenfilm Tangled, út 2010.

It mearke is dêrnjonken ek adaptearre ta literêre koarte ferhalen, gedichten en tillefyzjeprogramma's of segminten dêrfan. Bekend is bgl. it filmke út it berneprogramma Sesame Street (yn Nederlân op 'e tillefyzje brocht as Sesamstraat), wêryn't de razene reporter Kermit de Kikkert de prins lestich falt mei in fraachpetear wylst dyselde Rapûnske safier besiket te krijen dat se har hier del lit. Hja is nammentlik staf en kin him dêrtroch net goed ferstean. As se úteinlik begrypt wat er seit, smyt se har hiele hier nei ûnderen, dat in prúk blykt te wêzen, wêrnei't de prins yn betizing efterbliuwt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.