Springe nei ynhâld

Agraryske Dagen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Plysje-PC)
Agraryske Dagen
Agrarische Dagen
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
holden yn binnenstêd
tiid fan it jier 2e helte fan septimber
bysûnderheden
ôfkoarting AD
soarte evenemint festival
bestean 1954 – no
org. troch St. AD Frjentsjer
offisjele webside
www.agrarischedagenfraneker.nl

De Agraryske Dagen (Nederlânsk en offisjeel: Agrarische Dagen) binne in fiifdeisk[1] festival dat elts jier yn 'e twadde helte fan septimber fan in woansdei oant en mei de dêropfolgjende snein organisearre wurdt yn 'e Fryske stêd Frjentsjer.[1] It evenemint ûntstie oarspronklik as in soarte fan doarpsfeest foar de stêd,[2] en waard foar de earste kear holden yn 1954.[3] De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Stifting Agraryske Dagen Frjentsjer (offisjeel: Stichting Agrarische Dagen Franeker).[4] Yn jubileumjierren wurde yn it ramt fan 'e Agraryske Dagen saneamde F-feesten holden, wêrby't ekstra grut útpakt wurdt.[3]

Yn 2018 fûn 'e 65e edysje[3] fan 'e Agraryske Dagen plak yn it bredere ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018.[1] It tema wie dat jiers 'WaADhoeke' (AD foar 'Agraryske Dagen'),[3] mei't op 1 jannewaris 2018 de nije fúzjegemeente De Waadhoeke ûntstien wie. Yn ferbân dêrmei èn mei LF 2018 waard yn 2018 ek in F-feest fierd (yn dit gefal F8), hoewol't it formeel gjin jubileumjier wie.[3]

Op 'e woansdei fan 'e Agraryske Dagen fynt jûns de seremoniële iepening plak,[5] mar ek dêrfoar al binne der yn 'e stêd alderhanne eveneminten. Sa begjint dan de merke op 'e Foarstrjitte, dy't oant en mei snein trochgiet.[6] Fierder wurdt moarns en middeis de Plysje-PC holden op it Sjûkelân, wêrby't leden fan 'e Fryske plysje it yn in keatspartij tsjininoar opnimme. Dat barren is eins âlder as de Agraryske Dagen, en bestie yn 2018 69 jier.[7] Fierders wurde der woansdeis aktiviteiten organisearre foar bern[8] en foar de âlderein (mei bgl. yn 2018 in optreden fan sjongster Willeke Alberti).[9]

Op 'e tongersdei wurdt yn Sporthal De Trije in sportdei holden dy't foarhinne bedoeld wie foar basisskoallen yn Frjentsjerteradiel, en dy't fan 2018 ôf útwreide is mei skoallen út hiel De Waadhoeke.[10] Fierders wurde dy deis organisearre: in angelderswedstryd foar de jongerein oan 'e Ypeijsingel,[11] in jiermerk foar froulju (de sûnt 2014 besteande 'Frouwen Fair') yn it Stedspark,[12] de Frjentsjerter Omgong (Franeker Ronde): in draafwedstryd troch de binnenstêd,[13] de Nachtkeatspartij op it Sjûkelân[14] en it tradisjonele optreden fan 'e Kristlike Muzykferiening Advendo op 'e Bredepleats.[15]

De freeds is der in swimbarren yn it Swimbad Bloemketerp,[10] en ek wurdt yn 'e binnenstêd it Strjitfestival Frjentsjerter Fratsen holden.[16] Fierders is der in kulinêr barren yn it Stedspark mei as namme Smakelijk Franeker,[17] en in fuotbaltoernoai mei teams fan fiif leden op it Sjûkelân.[18] De jûns is der live-muzyk op 'e poadia op 'e Bredepleats en it Riedhûsplein.[15][19][20]

Sneontemoarns fynt tradisjoneel it 'agraryske' diel fan 'e Agraryske Dagen plak, mei wedstriden trekkerriden ('Trekkerbehindichheidstocht') yn 'e Fiverstrjitte,[21] in iepenloftbeurs op it mêd fan 'e lânbou mei as namme it Agrarysk Treffen (yn 2018 foar de 6e kear holden),[22] en in boeremerk oan 'e Ljouwerterein.[23][24] Fierders is der dy deis in jier- en frijmerk yn 'e binnenstêd,[23] in sjippekisterace op it Sjûkelân,[25] ferskate berne-aktiviteiten[10] en middeis en jûns wer live-muzyk.[15][19] Yn 2018 koe men op 'e sneontemiddei ek abseile fan 'e toer fan 'e Martinytsjerke.[26] De sneon fan 'e Agraryske Dagen wurdt tradisjoneel ôfsletten mei in fjoerwurkshow op it Sjûkelân.[27]

De sneins is de lêste dei fan it festival. Dan is it keapsnein,[10] wurdt der moarns in oekumenyske tsjerketsjinst holden yn 'e Martinytsjerke,[28] en fierders binne der by de Oldtimer Meeting (yn 2018 foar de 6e kear holden) oldtimers te besichtigjen yn 'e binnenstêd[29] en wurdt der in moadeshow holden op it poadium op 'e Bredepleats.[30] Ek is der de Boereloop, in kuiertocht fan 15 km troch it plattelân om Frjentsjer hinne.[31] Yn 2018 wie der dy deis ek in timbersportsevenmint organisearre op it Riedhûsplein.[32] Oan 'e ein fan 'e middei wurde de Agraryske Dagen tradisjoneel ôfsletten mei in optreden fan Showband Sternse Slotlanders.[15]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Leeuwarden-Fryslân 2018 Culturele Hoofdstad van Europa: Programmakrant 5 september – 31 december, 5 septimber 2018, s. 39.
  2. Van Franeker 'dorpsfeest' naar regionaal evenement, yn: van Wad tot Stad, 18 septimber 2018, s. 9 en 11.
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 Woltman, IdeJan, Voorwoord Vijfenzestigste, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 3.
  4. AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s1 (foarside).
  5. Grandioze opening, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 5.
  6. Wat? Weer een kermis in Franeker?, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 37.
  7. Politie Fryslân aan slag op Sjûkelân, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 5.
  8. Heb jij alweer zin in de gezelligste kindermiddagen van het jaar?, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 5.
  9. Willeke Alberti gaat de show stelen, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 7.
  10. 10,0 10,1 10,2 10,3 Programma fan de 65e edysje fan de Agraryske Dagen, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 24-25.
  11. Vang je vis, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 9.
  12. Frolijke Flair op de Franeker Frouwen Fair, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 11.
  13. Laat ze je hielen zien, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 9.
  14. Zachtebalkaatspartij op het heilige Sjûkelân, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 11.
  15. 15,0 15,1 15,2 15,3 Muzikale topacts tijdens AD 2018, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 7.
  16. Straatfestival Franeker Fratsen 2018, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 19.
  17. Smakelijk Franeker: Culinaire hoogvliegers, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 17.
  18. Help, ik zie geen bal..., yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 13.
  19. 19,0 19,1 Prin6 (Prince tribute) en live muziek op zaterdagmiddag, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 17.
  20. Vrijdagavond Top Tribute Avond!, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 21.
  21. Aandachts... Trekkers, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 31.
  22. Agrariërs tijden de Agrarische Dagen: dat treft!, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 31.
  23. 23,0 23,1 Zaterdagmarkten, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 29.
  24. Kom oogsten op de Boerenmarkt!, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 33.
  25. Een kist, wat zeep en knallen maar!, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 29.
  26. Abseilen van de Martinikerk, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 33.
  27. Harder, groter, beter! AD vuurwerkshow nu met muziek, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 37.
  28. Oecumenische kerkdienst, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 43.
  29. Oldtimer Meeting, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 43.
  30. Feestelijke Modeshow tijden Agrarische Dagen, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 41.
  31. Boerenloop: In smaaklik rûntsje, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 41.
  32. Dat hakt erin!, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 45.