Springe nei ynhâld

Swimbad Bloemketerp

Ut Wikipedy
Swimbad Bloemketerp
swimbad
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
adres Burgemeester J. Dijkstraweg
koördinaten 53° 11' NB, 5° 33' EL
bysûnderheden
type Oerdekt swimbad
boujier 1984
arsjitekt Arsjitektenburo Steen[1]
yngenieur Sandor Weerstra[1]
skiednis
iepening 12 oktober 1984[2]
sluting 31 july 2024
oare ynformaasje
tal baden 3
tal glydbanen 1
kosten ƒ 4,9 miljoen[2]
offisjele webside
Webstee Bloemketerp
kaart
Swimbad Bloemketerp (Frjentsjer)
Swimbad Bloemketerp
Lokaasje fan Swimbad Bloemketerp yn Frjentsjer

Swimbad Bloemketerp, wie in oerdekt swimbad yn de stêd Frjentsjer yn gemeente De Waadhoeke.

Swimbad Bloemketerp waard op 12 oktober 1984 iepene as ferfanger fan it iepenloftbad oan de Jan Stapertlaan njonken it Van Harinxmakanaal. In swimbad mei in 25 meter bad werfan in part beweegber is, in rekreaasjebad mei in glydbaan fan 50 meter en njonken it 25 meter bad stie in bubbelbad en is saneamd solarium foar minsken dy't graach in bytsje brún wurde woene.[2] Yn de jierren 90 kaam der njonken it bubbelbad in kâld dompelbad. Yn 1999 stie de gemeente Frjentserteradiel op it punt om it swimbad te ferkeapjen oan in private organisaasje om't de eksplotaasjekosten te heech waarden[3] It solarium ferdwûn ein jierren 00 fanwegen nije regels omtrint sinnebanken, ek it kâlde dompelbad is yn die jierren wer ferdwûn.

Yn 2010 drige it swimbad te slúten[4] mar yn july 2011, waard it swimbad troch de gemeente Frjentsjerteradiel, oan in stifting ferkocht, it betinkst derby wie dat de keaper it swimbad minstens tsien jier ûnderhâlde moast.[5][6] Yn de jierren dernei bleaune der finansjele problemen om it swimbad te ûnderhâlden en iepene te hâlden, [7][8][9]

Yn 2024 waard gemeente De Waadhoeke eigner fan it swimbad, by de riedsgearkomste fan de gemeente De Waadhoeke op 11 july 2024 waard besletten dat it swimbad op 1 septimber 2024 de doarren slute soe, fanwegen de minne steat fan it swimbad, en de plannen om in nij swimbad te bouwen.[10] Mar in wike letter waard dúdlik dat it swimbad al ein july de doaren slute moast.[11]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: