Springe nei ynhâld

Pieter-Jan Postma

Ut Wikipedy
Pieter-Jan Postma
sporter
Pieter-Jan Postma (2010)
Pieter-Jan Postma (2010)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pieter-Jan Postma
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 10 jannewaris 1982
berteplak It Hearrenfean
etnisiteit Frysk
lingte 1.89 m
sportive ynformaasje
sport silen
ûnderdiel Finnklasse
earste titel NK 2004 Laserklasse.
O.S. Peking 2008,
Londen 2012,
Rio de Janeiro 2016
debút 1997
wichtige prestaasjes
2x goud WK
3x sulver WK
4x brûns WK
1x goud EK

Pieter-Jan Postma (It Hearrenfean, 10 jannewaris 1982) is in Frysk siler yn de Finnklasse.

Postma groeide op yn Terkaple en gie nei de Hafû op De Jouwer. Al jong sylt er yn de kearnploech en sylt yn de Optimist syn earste Europeesk Kampioenskip. Op syn fyftjinde docht er mei oan it WK yn Dublin. Meidat er in soad op it wetter is ferbetterje syn nasjonale resultaten yn in de Laser Radiaal. Hy docht mei oan de Snitswike en oan treningswiken op de Middellânske See.

Nei de Hafû giet hy op syn santjinde nei de Hegere Seefeartskoalle op Skylge. Neist syn stúdzje en it studinteleven docht er ek oan surfen en stapt oer op de Laser. Yn desimber 2000 giet er sân wike nei Sydney foar it WK jeugd en wurdt dêr tsiende. By it WK wurdt er 58ste en by it EK 21 ste. Nei syn staazje stoppet er in skoftke mei de stúdzje om him ta te lizzen op de Olympyske Spullen fan 2004. Hy treent fjouwer moanne mei Tom Slingby (de wrâldkampioen yn 2007) en Michel Blackburn (wrâldkampioen yn 2006) yn Austraalje, mar slagget krekt net foar dielname oan de OS. Wol wint er dat jier de Snitswike en wurdt boppedat Nederlânsk Kampioen.

Yn maart 2005 stapt Pieter-Jan oer nei de Finn en yn 2006 makket er syn stúdzje ôf. De treningen wurde effektiver en mentaal sterket er oan. Hy wurdt 6e yn Miami, 2e yn Fort Lauderdale, 3e yn Palma, 7de yn Hyeres en 2e yn Medemblik. Sulver wint er op it WK en sulver op de Pre-Olympics. Hy krijt dan in eigen keamer yn Amsterdam. Yn 2008 die Pieter-Jan Postma mei oan de Olympyske Simmerspullen 2008 yn Peking dêr't er gjin medalje wûn. Tidens it Wrâldkampioenskip yn it Ingelske Falmouth, wist Postma him te kwalifisearjen foar de Olympyske Simmerspullen 2012 yn Londen. Tidens dizze Spullen waard Postma fjirde.

  • 2000 - 2e op WK Splash
  • 2004 - Nederlânsk kampioen Laserklasse.
  • 2006 - Iepen Nederlânsk en Benelúkskampioen kampioen Finnklasse
  • 2008 - Nederlânsk Kampioen yn Medemblik (Finnklasse)
  • 2011 - 2e op it Wrâld Kampioenskip Finn yn Perth, Austraalje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: