Springe nei ynhâld

Laser (sylboat)

Ut Wikipedy
Laser
Seilteken fan {{{Namme}}}
Seilteken
Lingte 4,064 m
Breedte 1,442 m
Djipgong 0,787 m
Gewicht 59 kg
Bemanning ienpersoans
Seiloerflak 4,70 - 7,06 m²
Untwerp Kirby/Bruce
Jier 1970

De Laser is in sylboat dy't ta in populêre sylklasse heart. In laser is in gemiddelde swurdboat wêrfan it gewicht om de 60 kilogram leit. In Laser is ienmansboatsje dêr't faak offisjele wedstriden mei hâlden wurde. Der binne in oantal ferskillende types Laser. Dizze ferskille fan elkoar troch it soarte túch. De romp is identyk foar al dizze types.

  • De Laser 4.7 is de Laser mei it minste seiloerflak. It seil is 4,7 m².
  • De Laser Radiaal hat in seil fan 5.76 m².
  • De gewoane Laser Standerd hat in seil fan 7.06 m².

Neist de Laser 4.7, Radiaal en Standerd (ek wol bekend as de Laser 1) binne der noch oare types mearpersoans Lasers:

  • De laser pico' hat in seiloerflak fan (standert) 5,1 m² de fok hat in oerflak fan 1,09 m² en by wedstriden wurdt it seil mei it oerflak 6,44m² brûkt. De laser pico is makke fan polyetyleen en sadwaande goed brûkber as sylskoalleboat.
  • De Laser vago is ek fan polyetyleen. Dizze sportive boat hat neist in grutseil en in fok ek noch de beskikking oer in gennaker. Teffens is der in trapeze by. Der binne ferskillende seilkombinaasjes mooglik. De comfortset bestiet út in grutseil fan 8.00 m², fok 2.66 m² en gennaker 11.38 m². De raceútfiering hat in grutseil fan 9.32 m², fok fan 2.66 m² en in gennaker fan 13.00 m². Troch de polyetyleen romp is dizze boat ek tige gaadlik as sylskoalleboat.
  • Laser2 sportive polyester twamansboat mei trapeze, fok, grutseil en spinnaker.
  • Laser 2000
  • Laser 3000
  • Laser 4000
  • Laser Stratos
  • Laser SB3
  • Laser Bahia
  • Laser EPS
  • Laser Bug
  • Laser X4